Liveblog | 8 maart 2025

Brêge 'oan smots': organisaasje siket oplossing foar survivalrun

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 8 maart 2025, 23:06
23:06

Bestjoerder oanholden nei iensidich ûngelok tusken Ljouwert en Stiens

De auto is bot skanseare
© BTB Fotografie
De bestjoerder fan in auto is oanholden nei in iensidich ûngelok op de N357 tusken Ljouwert en Stiens. De auto rekke yn de berm, ramde in ferkearsboerd en einige yn it beamtegrien.
De plysje hat de bestjoerder blaze litten en dy blykte tefolle alkohol dronken te hawwen. Hy is oanholden en meinaam nei it plysjeburo.
18:14

Brêge 'oan smots': organisaasje siket oplossing foar survivalrun

De poarte is folslein ynstoarten
© SRFotografie
Yn Koatstertille is de poarte folslein ynstoarten dêr't earder op de dei in frachtwein tsjinoan riden is. Neffens de organisaasje fan de survivalrun hie de sjauffeur de gyk fan in kraantsje net fier genôch omleech dien.
"Earder op de dei wie hy der sûnder problemen ûndertroch riden, mar op de weromreis gie it mis", seit Theo Posthumus fan de survivalrun. "No is de poarte hielendal oan smots."
Dielnimmers fan de wedstriid soene de poarte as brêge brûke, om fan de iene nei de oare kant fan de dyk te kommen. "Normaal is it op snein net sa'n drokke dyk, mar moarn ferwachtsje we 1500 dielnimmers en sa'n 10.000 man publyk", seit Posthumus.
It slagget net om de brêge foar de wedstriid wer op te bouwen. Ferkear op de Alde Dyk moat moarn dus rekken hâlde mei fertraging. "We sille ferkearsregelders ynsette moatte", seit Posthumus. "We wolle de wedstriid net stillizze, dat soe net earlik wêze, dus de auto's moatte mar even wachtsje."
18:11

Diere-ambulânse fynt swierferwûne swan by wyldkamera

De swan
© Rinaldo Korst, fia RTV NOF
In meiwurker fan de diere-ambulânse hat by Holwert in deade en in swierferwûne swan oantroffen. Dat meldt streekomrop RTV NOF.
It ferwûne bist wie der sa min oan ta, mei ferwûnings oan de bûk en de rêch, dat er in spuitsje krigen hat.
De meiwurker fan de diere-ambulânse seit dat de swannen flakby in wyldkamera fûn binne. "Iemand heeft geprobeerd alles te filmen, dat vonden we toch wel opvallend."
De kamera soe koartlyn pleatst wêze. De plysje hat de saak yn ûndersyk.
18:01

Boem is ho

De steiger bleaun wol oerein stean
© SRFotografie
In frachtwein is yn Koatstertille tsjin in metalen poarte riden. De poarte wie delset troch de organisaasje fan de pleatslike survivalrun, dy't moarn fan start giet.
It is net bekend hoe't de frachtwein yn botsing kaam tsjin de konstruksje. Der rekke gjinien ferwûne.
18:01

Goeie

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze.