Liveblog | 1 febrewaris 2025

Ien persoan oanholden nei konflikt op Weaze | Brânmelding op skoalle yn Wommels

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 1 febrewaris 2025, 17:08
17:08

Provinsje warskôget skippers foar problemen mei marifoan

In brêgewipper oan it wurk yn it Swettehûs
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Troch in steuring yn de sintrale betsjinningspost fan de Fryske brêgen is it op dit stuit dreech foar skippers en brêgewippers om mei mekoar te kommunisearjen. Dat meldt de provinsje Fryslân. Marifoanferkear kin haperje.
De steuring sit yn it Swettehûs yn Ljouwert. Fanút dy lokaasje wurde 19 Fryske brêgen betsjinne. Op termyn is it de bedoeling dat dat 40 brêgen wurde.
Brêgewippers ha no ekstra each foar de kamera's dy't by de brêgen steane, om te sjen oft der in skip foar de brêge leit.
17:04

Brânmelding op skoalle yn Wommels

Brânwachtminsken by de skoalle yn Wommels
© BTB Media
De brânwacht is yn Wommels by in skoalle dêr't op it dak in brantsje west hawwe soe. Omwenners skeakelen de brânwacht yn doe't se dat seagen. Doe't de brânwacht oankaam, wie it fjoer al út.
Omwenners sizze dat jongeren ferantwurdlik wêze soene foar it fjoerke op it dak fan de skoalle, mar it is net dúdlik oft dat kloppet.
16:02

Ien persoan oanholden nei konflikt op Weaze

De Weaze is ôfsletten troch de plysje
© CAMJO Media
De plysje hat ien persoan oanholden nei in konflikt op de Weaze yn Ljouwert. Dy soe besocht ha om in oar mei in mes te stekken.
Neffens in wurdfierder fan de plysje is der net ien ferwûne rekke. In part fan de rosse buert yn Ljouwert is ôfsletten mei linten.
14:48

Plysje-ûndersyk nei stjergefal yn Ljouwert noch hieltyd dwaande

De PD-unit fan de plysje yn Ljouwert
© CAMJO Media
Mear as in dei neidat der in lichem oantroffen waard yn in wenning yn Ljouwert is de plysje dêr noch hieltyd dwaande mei ûndersyk.
De ferstoarne persoan soe freedtemoparn om 07:45 oere hinne oantroffen wêze yn de wenning oan de Sumatrastrjitte. Dêr stiet no noch hieltyd in saneamde PD-unit fan de plysje. Dat is in mobile post dy't brûkt wurdt by ûndersyk.
Spesjalisten fan de plysje binne ek noch oanwêzich om spoaren feilich te stellen. Juster wiene resjerzjeurs oant jûns dwaande mei ûndersyk yn en om de wenning.
In wurdfierder fan de plysje wol op dit stuit neat sizze oer it ûndersyk. Earder liet de plysje witte dat alle senario's iepen steane.
14:18

Soad skea op A31

De auto is swier skansearre
© CAMJO Media
Op de A31 by Marsum is in auto tsjin de fangrail telâne kaam. Dêrby is in soad skea ûntstien.
Yn elts gefal ien persoan is ferwûne rekke, meldt in korrespondint.
Omdat de linkerrydstripe ôfset is troch it ûngelok stiet der in file ûntstien yn de rjochting fan Ljouwert.
10:17

Auto bedarret yn sleat by Harich

De auto leit yn de sleat
© BTBmedia
In auto is fan 'e moarn by Harich yn de sleat telâne kaam. Dat barde om 09.50 oere hinne. Nei alle gedachten ferlear de bestjoerder yn de bocht de kontrôle oer it stjoer en glide fan de dyk.
De twa ynsitters, wêrûnder in bern, koene sels de auto útkomme. Nei kontrôle troch de ambulânse koene se nei hûs.
De auto moast fuortslepe wurde.