Liveblog
|
12 jannewaris 2025
sc Hearrenfean oerlibbet en pakt winst yn Breda | LDODK ferliest fan Blauw-Wit
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 12 jannewaris 2025, 22:11
snein 12 jannewaris 2025
22:11
Flyers bûgje foar Herentals
De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn mei 4-2 (0-1, 1-0, 3-1) ferlern fan de Belgyske klup Herentals. It ferskil waard troch de thúsploech makke yn de tredde perioade.
Op besite yn België wiene de Flyers op foarsprong troch in goal fan Tuukka Rajamaki. Yn de twadde perioade waard it gelyk troch Coolen.
Yn de tredde perioade wie it Jasper Nordemann dy't de Feansters wer op foarsprong sette yn in power-play situaasje. Troch goals fan Coolen, Sislannikovs en Niskanen moasten de Flyers mei in nederlaach nei hûs ta.
20:28
Van Persie tefreden nei winst op NAC Breda
Ja, syn ploech wie miskien wol ûntsnapt yn de twadde helte tsjin NAC Breda. Mar gelok? Dat fûn trainer Robin van Persie net nei de 2-4 oerwinning fan sc Hearrenfean op NAC Breda. "Dan ga je wel voorbij aan 45 tot 60 minuten écht goed voetbal."
"Ik heb de eerste helft echt van de jongens genoten", leit Van Persie út. "Dat je het dan in de tweede helft wat lastiger krijgt, hadden we wel verwacht. Maar dat hebben we uiteindelijk goed gedaan."
20:22
Noppert nei Buenos Aires?
It wie in opfallend geroft, earder dizze wike. Andries Noppert stoe yn de belangstelling stean fan San Lorenzo út Argentinië. Algemien direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean sei dat der noch gjin kontakt west hat tusken beide klups.
Noppert befêstiget dat nei ôfrin fan it duel tusken sc Hearrenfean en NAC Breda. "We kinne it der lang oer ha, mar salang dy klup him net meldt by Hearrenfean sit der gjin skot yn 'e saak", seit de keeper. "Mar ik moat wol sizze dat it in eare is dat sa'n klup ynteresse hat."
Sjogge we Andries Noppert dan ynkoarten werom op in fuotbalfjild yn Buenos Aires? "It klinkt wol moai fynst net?"
20:16
Knegt en Roes nei EK shorttrack
Sjinkie Knegt en Sven Roes binne opnaam yn de seleksje foar it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Dresden. Itzhak de Laat moat thúsbliuwe.
Roes makke dit wykein yndruk mei twa sulveren medaljes op it Nederlânsk kampioenskip yn Ljouwert. Bûnscoach Niels Kerstholt hat by de manlju ek Jens van 't Wout, Teun Boer en Daan Kos selektearre.
By de froulju is der gjin inkelde Fryske shorttracker opnaam yn de EK-seleksje. Suzanne Schulting riidt dit seizoen allinnich op 'e langebaan.
It EK is fan 17 oant 'e mei 19 jannewaris.
17:53
Hearrenfean bliuwt oerein tsjin NAC en stiet no njoggende
Sportklup Hearrenfean hat, mei tank oan in sterk begjin fan de wedstriid, mei 2-4 wûn fan NAC Breda.
Yn in knotsgekke iepeningsfaze kaam Hearrenfean al nei in kertier op 0-2 troch moaie goals fan Jakob Trenskow en Alireza Jahanakhsh.
Omarsson die wat werom, mar nei in heal oere soarge Nikolai Hopland derfoar dat it ferskil wer twa doelpunten wie.
Hektyske slotfaze
NAC Breda besocht yn de twadde helte út alle macht werom te kommen yn de wedstriid. It drukte it gaspedaal somtiden yn, rekke de latte en de peal, en Omarsson makke syn twadde.
De Belgyske oanfierder Jan van den Bergh kopte binnen, mar hy die dat yn bûtenspulposysje. Fierder kaam de thúsploech yn de hektyske slotfaze net. Ilias Sebaoui makke djip yn de blessueretiid 2-4.
By Hearrenfean stie oanwinst Marcus Linday yn 'e basis. Yn de twadde helte makken ek Jordy de Wijs en Hristiyan Petrov harren debút foar Hearrenfean.
Troch de oerwinning stiet de ploech fan trainer Robin van Persie njoggende yn de earedivyzje mei 24 punten út 18 wedstriden.
17:24
LDODK begjint dramatysk en ferliest fan Blauw-Wit
De kuorballers fan LDODK ha op besite by Blauw-Wit ferlern. Yn in frjemd duel stie it nei 50 minuten kuorbal 20-14 foar de thúsploech.
It begjin fan de wedstriid wie dramatysk foar LDODK. Nei in kertier stie it 8-1 foar de thúsploech.
De efterstân wie by it skoft werom brocht ta trije punten (10-7). Yn de twadde helte kamen de Gordyksters sels efkes op foarsprong (11-12), mar lang duorre dat net.
LDODK bliuwt, nettsjinsteande it ferlies, fjirde yn de Kuorbal League mei 11 punten út acht wedstriden.
15:59
Rijpma-de Jong foar fjirde kear Europeesk kampioen allround
Antoinette Rijpma-de Jong is foar de fjirde kear Europeesk kampioen allround wurden. Op de ôfslutende 5.000 meter hie Rijpma-de Jong 5,77 sekonde ferlieze mochten op konkurrinte Joy Beune. Dat waard krekt wat minder as fiif sekonden. En dêrtroch hie de Rottumse krekt genôch fan har foarsprong op Beune oer.
Yn de lêste rit moasten beide froulju it tsjin inoar opnimme. Beune rydt dêryn fuort fan Rijpma-de Jong, mar net genôch. It brûns gie nei Ragne Wiklund. De Noarske skreaun ek de 5.000 meter op har namme mei in flugge tiid.
Twa wiken lyn op it Nederlânsk kampioenskip allround waard Rijpma-de Jong noch tredde efter Beune en Merel Conijn.
Utslach 5.000 meter EK allround
| 1. Ragne Wiklund (Noa) | 6.50,81 |
| 2. Merel Conijn | 6.52,43 |
| 3. Joy Beune | 6.57,55 |
| 4. Francesca Lollobrigida | 6.58,50 |
| 5. Antoinette Rijpma-de Jong | 7.02,13 |
15:07
Sulver foar Sven Roes op slotdei NK shorttrack
Op it NK shorttrack yn Ljouwert is sneintemiddei ek de lêste ôfstân riden. Op de 1.000 meter wiene de titels foar Jens van 't Wout en Michelle Velzeboer.
Beste Fries op de 1.000 meter waard Sven Roes. Hy pakte sulver. Sjinkie Knegt waard fiifde yn de A-finale.
By de froulju gjin Friezinnen yn de A-finale. Yn de B-finale diene Femke de Boer (twadde), Lotte Donderwinkel (tredde) en Sinne Brouwers (fjirde) mei.
14:47
Bentveld yn 'e subtop op NK, mar ek kampioen
Op it Nederlânsk kampioenskip fjildriden is Leonie Bentveld as sânde einige.
Puck Pieterse waard kampioen, foar Ceylin del Carmen Alvarado en Denise Betsema.
Dochs kampioen
Dochs mocht Bentveld it poadium op. Fan de dielnimmers yn de kategory oant 23 jier wie se as earste oan de finish. Dêrmei pakte se de Nederlânske titel.
14:10
Beune rint wer wat yn op Rijpma-de Jong
Antoinette Rijpma-de Jong begjint snein as klassemintslieder oan de lêste ôfstân fan it EK allround. Op de 1.500 meter waard se ferslein troch Joy Beune, mar de marzje wie mei njoggen hûndertsten tige lyts. Beune rint yn it klassemint dêrtroch in lyts bytsje yn op Rijpma-de Jong.
Op de 5.000 meter ferdigenet Rijpma-de Jong in foarsprong fan in lytse seis sekonden op Beune. De foarsprong fan Rijpma-de Jong op Francesca Lollobrigida, dy't tredde stiet yn it klassemint, is mear as achttjin sekonden. En dus liket Rijpma-de Jong yn alle gefallen sulver pakke te kinnen.
De Rottumse is de regearjend Europeesk kampioen allround; de lêste trije kear wûn se de titel.
Utslach 1.500 meter EK allround
| Tiid op de 1.500 meter | Ferskil foar 5.000 meter | |
| 1. Joy Beune | 1.54,60 | +5,77 (2e) |
| Antoinette Rijpma-de Jong | 1.54,69 | - |
| 3. Ragne Wiklund (Noa) | 1.56,39 | +18,63 (4e) |
| 4. Francesca Lollobrigida (Ita) | 1.57,19 | +18,26 (3e) |
22:54
Ferlies foar UNIS Flyers
De iishockeyers fan UNIS Flyers ha op it eigen iis ferlern fan de Bulldogs út Luik. Nei ekstra tiid stie der 3-4 foar de besikers op it skoareboerd.
De Belgen wiene yn de earste perioade op 0-2 kaam. Dat waard yn de twadde perioade sels 0-3, mar troch goals fan Rajamaki, Brett Magee en Jay de Ruiter kamen de Flyers werom yn it duel.
Nei oardel minút overtime skoarden de besikers de winnende goal.
22:05
Nyck de Vries yn top-10 yn Mexico
Autokoereur Nyck de Vries is by de twadde Formule E Grand Prix fan it seizoen achtste wurden. De winst yn Mexico City gie nei Oliver Rowland.
De Vries, dy't foar Mahindra Racing útkomt. wie by de earste wedstriid yn Brazilië sechsde wurden.
21:41
Snitser follybalfroulju winne maklik
De Snitser follybalfroulju ha relatyf ienfâldich wûn fan Sliedrecht. It waard 3-0, Setstannen wiene 25-21, 25-21 en 25-22.
Troch de oerwinning bliuwt Friso Snits boppeoan stean yn de earedivyzje.
21:38
Bergsma njoggende yn einsprint
Maratonrider Jorrit Bergsma is yn Tilburg njoggende wurden yn de tolfde wedstriid fan de Maraton Cup. Bergsma wie de iennichste Fries yn in kopgroep fan 20 man mei in ronde foarsprong.
Yn de einsprint fan dy groep gie de winst nei Evert Hoolwerf.
Harm Visser fan De Westereen stapte nei 85 fan de 125 rondes fan it iis.
20:01
Groenewoud wint wer, dizze kear yn Tilburg
Marijke Groenewoud hat yn Tilburg de tolfde wedstriid fan de Maraton Cup wûn. De Nederlânsk kampioene wie fierwei de sterkste yn 'e massasprint.
Kim Talsma fan Grou waard sechsde.
18:33
Gjin medalje foar Knegt en De Laat op 500 meter
De 500 meter op it NK shorttrack is, krekt as de 1500 meter, wûn troch Jens van 't Wout. En krekt as op de 1500 meter waarden Itzhak de Laat (4e) en Sjinkie Knegt (5e) lêste en ien-nei-lêste yn de finale.
Sven Roes waard al yn de kwartfinale útskeakele.
By de froulju stie der gjin Fries yn de finale op de koartste ôfstân. Sinne Brouwers fan Menaam waard twadde yn de B-finale.
18:18
FVC pakt sealfuotbaltitel by de manlju
De sealfuotballers fan FVC binne op it OFK yn Frjentsjer kampioen wurden. Yn de finale wiene se nei strafskoppen te sterk foar Drs. Vijfje út Grins.
Om't it 1-1 waard, moasten strafskoppen de beslissing bringe. Nei fiif strafskoppen stie it 3-3. Twa strafskoppen letter gie Vijfje nochris yn 'e fout.
18:00
Titel op OFK foar froulju fan Libertas
Op it Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal yn Frjentsjer ha de froulju fan Libertas út Damwâld de titel opeaske. Yn de finale waard it 1-0 tsjin Sint Anne.
De iennichste goal fan it duel kaam fan Mariska Bosma.
By de manlju giet de finale tusken FVC út Ljouwert en Drs. Vijfje út Grins.
17:03
Tennisser Arends nimt it op tsjin Spaansk duo
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert nimt it yn de earste ronde fan de Australian Open op tsjin Pablo Carreño Busta en Sergio Martos Gornes út Spanje.
Arends spilet op it earste Grand Slam fan it jier mei Luke Johnson út Ingelân. It duo wûn ferline wike it ATP-toernoai fan Hongkong.
It dûbeldtoernoai yn Australië begjint tiisdei.
16:35
Sulver foar shorttracker Roes op NK
Op it NK shorttrack yn Ljouwert is Sven Roes twadde wurden op de 1500 meter. De winst gie nei Jens van 't Wout.
Sjinkie Knegt waard sechsde yn de finale, Itzhak de Laat sânde.
By de froulju helle gjin inkele Friezin de A-finale. De B-finale waard wol wûn troch Femke de Boer fan Stiens foar Lotte Donderwinkel fan Wergea.
16:27
Antoinette Rijpma-de Jong giet oan kop op it EK allround
Rijpma-de Jong wil niet zoveel kwijt over haar kansen op de titel
Antoinette Rijpma-de Jong giet nei twa ôfstannen oan de lieding fan it Europeesk kampioenskip allround. De 500 meter wûn se mei oermacht en op de 3.000 meter waard se fiifde. De reedrydster fan Reggeborgh hat boppedat in aardige foarsprong opboud op de topfavorite Joy Beune.
"Best wol hiel moai", sjocht Rijpma-de Jong tefreden werom op de earste dei. "Ik hie op de 500 meter noch krekt wat mear tiid pakke wollen, mar it wie oké. Op de 3.000 meter wie it in bettere race, ik woe de skea beheind hâlde."
Dêryn slagge se. En dus stiet se boppe-oan en hat se foar de 1.500 meter hast twa sekonden foarsprong op Beune. Dochs hâldt Rijpma-de Jong har kaarten foar de twadde dei tsjin it boarst. "Ik wol net te fier foarút sjen, ik moat gewoan in goeie 1.500 meter ride en dan in goeie 5.000 meter. We sjogge it wol, ik kin der noch net tefolle oer sizze."
Neist Beune sjocht Rijpma-de Jong ek Ragne Wiklund (Noarwegen) en Francesca Lollobrigida (Italië) as konkurrinten. "Mar ik moat net te folle mei oaren dwaande wêze."
16:12
Romme oerwinning foar Harkemase Boys
Harkemase Boys hat flink úthelle yn de tredde divyzje. Op besite by RKVV DEM (Rooms-Katholieke Voetbalvereniging Door Eendracht Macht) út Beverwijk wûnen se mei mar leafst 1-5.
By it skoft seach it dêr noch net nei út. Doe wie de stân 0-1 troch in goal fan Joris Adams.
Krekt nei it skoft rekke keeper Fariz Mesud fan Harkemase Boys blessearre. Syn ferfanger Robert Smits moast binnen de minút fiskje nei in goal fan Bilal Zejli.
Boys drukke it gaspedaal yn
Dêrnei sette Harkemase Boys de druk der fol op by de thúsploech. Binnen tsien minuten makke de ploech fan trainer Marcel Post fjouwer doelpunten.
Pim Betzema sette Harkema op foarsprong, wêrnei Thomas Prinsen mei in hattrick de einstân op it boerd sette.
Troch de oerwinning bliuwt Harkemase Boys by de boppeste plakken yn de tredde divyzje stean mei 39 punten út 18 duels.
15:28
Rijpma-de Jong oan kop op EK allround
Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong liedt it klassemint nei de earste dei fan it EK allround. De titelferdigenster einige mei 4.01,61 as fiifde op de 3.000 meter, nei't se de dei begûn wie mei de oerwinning op de 500 meter.
De Noarske Ragne Wiklund wûn de 3.000 meter yn 3.59,43.
Joy Beune, de regearjend wrâldkampioene en Nederlânsk kampioene allround, waard tredde mei 4.00,39. Se fersloech yn de slotrit Rijpma-de Jong, mar makke mar in part fan har efterstân goed.
It EK allround giet moarn fierder mei de 1.500 meter.
Yn it algemien klassemint hat Rijpma-de Jong foar de 1.500 meter fan snein 1,82 sekonde foarsprong op Beune dy't twadde stiet. Lollobrigida moat 2,97 sekonden goedmeitsje en Wiklund 3,89 sekonden. Conijn stiet dêr flak achter op it fiifde plak op 3,98 sekonden.
Utslach 3.000 meter EK allround
| Tiid op de 3.000 meter | |
| 1. Ragne Wiklund (Noa) | 3.59,43 |
| 2. Francesca Lollobrigida (Ita) | 4.00,37 |
| 3. Joy Beune | 4.00,39 |
| 5. Antoinette Rijpma-de Jong | 4.01,61 |
14:19
Ynhelrace Prins resultearret yn brûnzen medalje
Tim Prins is as tredde einige op it Europeesk kampioenskip sprint. Hy wûn de lêste 1.000 meter yn 1.08,04 en wie hast trije tsienden flugger as Jenning de Boo. Dy lêste waard Europeesk kampioen, want de trije oare ôfstannen skreaun de Grinslanner op syn namme.
Prins hie mear as in sekonde goed meitsje moatten op Merijn Scheperkamp om noch twadde te wurden, mar dat siet der net yn. Scheperkamp wist it ferskil op de 1.000 meter te beheinen ta 0,46 sekonde. Dêrtroch pakt hy it sulver.
It is de earste medalje fan Prins op it EK sprint. De Jouster hie foar mear gean wollen, mar wist freed eins al dat de titel der net mear yn sit. Hy ferspile op de earste 500 meter te folle tiid op De Boo en Scheperkamp.
Utslach twadde 1.000 meter EK sprint
| Tiid op 1.000 meter | |
| 1. Tim Prins | 1.08,04 |
| 2. Jenning de Boo | 1.08,33 |
| 3. Damian Zurek (Poa) | 1.08,38 |
13:32
Sulver foar Kok en brûns foar Schulting op EK sprint
Femke Kok is twadde wurden op it Europeesk kampioenskip sprint. Op de lêste 1.000 meter mocht se hast in heale sekonde ferlieze op Jutta Leerdam en it like der lang op dat se deryn slagge om it gat lytser te hâlden, mar yn it slotrûntsje koe Leerdam noch in fersnelling ynsette dy't har de Europeeske titel brocht.
It ferskil wie tige lyts. Kok mocht 0,48 sekonde ferlieze en it ferskil wie úteinlik 0,56 sekonde. Dêrtroch giet it goud nei Leerdam en it sulver, krekt as twa jier lyn, nei Kok.
It brûns wie foar Suzanne Schulting. Yn it klassemint waard se, lykas op de lêste 1.000 meter, tredde. Op alle fjouwer ôfstannen wie Schulting 'best-of-the-rest', want oeral waard se tredde. It is foar it earst dat Schulting in medalje hellet op it EK sprint.
Utslach twadde 1.000 meter EK sprint
| Tiid op de 1.000 meter | |
| 1. Jutta Leerdam | 1.14,45 |
| 2. Femke Kok | 1.15,01 |
| 3. Suzanne Schulting | 1.15,31 |
12:21
Rijpma-de Jong begjint mei ferwachte winst op 500 meter
Yn Thialf is ek it Europeesk kampioenskip allround úteinset. Antoinette Rijpma-de Jong is de iennige Fryske dielnimmer. Se wûn de 500 meter en behelle fuortendaliks in foarsprong op Joy Beune, de grutste favoryt foar de titel. Rijpma-de Jong wûn de 500 meter yn 38,50 en Beune waard twadde yn 39,31.
Twa wiken lyn op it NK sprint wûn Rijpma-de Jong ek de 500 meter. Doe wie it gat mei Beune in tsiende lytser as no. Uteinlik waard Beune doe Nederlânsk kampioen. Rijpma-de Jong waard dêr tredde efter Merel Conijn.
Sneontemiddei komme de froulju op 'e nij yn aksje op de 3.000 meter.
Utslach 500 meter EK allround
| Tiid op de 500 meter | |
| 1. Antoinette Rijpma-de Jong | 38,50 |
| 2. Joy Beune | 39,31 |
| 3. Natalia Jabrzyk (Poa) | 39,69 |
11:41
Prins set goeie stap rjochting medalje
Tim Prins hat himsels fersekere fan in goeie útgongsposysje op it EK sprint. Hy wie op de twadde 500 meter fan it toernoai flugger as freed: 34,85. It brocht him it dield tredde plak, mar wichtiger noch wie dat hy rapper wie as de Poal Damian Zurek. Dy ried 35,18 en rekke syn tredde plak yn it klassemint kwyt oan Prins.
De oerwinning fan de 500 meter gie, lykas freed, nei Jenning de Boo. De sprinter fan Reggeborgh is dit wykein in klasse apart en wûn yn 34,39. It twadde plak wie mei 34,58 foar Merijn Scheperkamp.
Op de lêste ôfstân fan it EK sprint ferdigenet Prins in foarsprong fan 0,27 op nûmer fjouwer Marten Liiv. It brûns liket foar Prins it heechst helbere, want de efterstân op it twadde plak is mear as in sekonde.
Utslach twadde 500 meter EK sprint
| Tiid op 500 meter | Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Jenning de Boo | 34,39 | - |
| 2. Merijn Scheperkamp | 34,58 | +1,54 |
| 3. Tim Prins | 34,85 | +2,64 |
| 3. Marten Liiv (Est) | 34,85 | +2,91 (4e) |
11:15
Kok wer foarby oan Leerdam
Mei noch ien ôfstân te gean op it Europeesk kampioenskip sprint giet Femke Kok oan de lieding. Se wûn de twadde 500 meter yn 37,53 en wie dêrmei fiif hûndertsten flugger as freed.
Kok moast 0,19 sekonde goedmeitsje op Jutta Leerdam om har foarby te gean yn it klassemint en dat slagge. Leerdam ried tsjin Suzanne Schulting en beiden einigen yn deselde tiid (37,96). Nei it bestudearjen fan de tûzensten die bliken dat Schulting justjes flugger wie.
Schulting einige dêrtroch tredde op de 500 meter. It twadde plak wie foar de Poalske Kaja Ziomek-Nogal yn 37,65.
Op de ôfslutende 1.000 meter ferdigenet Kok in foarsprong fan 0,48 sekonde op Leerdam. Beide froulju ride tsjin inoar.
Utslach twadde 500 meter EK sprint
| Tiid op 500 meter | Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Femke Kok | 37,53 | |
| 2. Kaja Ziomek-Nogal (Poa) | 37,65 | +2,66 (4e) |
| 3. Suzanne Schulting | 37,96 | +1,77 (3e) |
| 4. Jutta Leerdam | 37,96 | +0,48 (2e) |
22:28
LWD Basket ferliest fan Hubo Limburg United
De basketballers fan LWD Basket hawwe it kompetysjeduel mei Hubo Limburg United ferlern. Yn it Belgyske Hasselt waard it 75-57 foar de thúsploech.
Troch de nederlaach sakje de Ljouwerters nei it njoggende plak yn de Nederlânsk-Belgyske kompetysje. Dêrmei binne se noch wol hieltyd de heechst klassearre ploech fan Nederlân.
22:01
Bergsma triomfearret yn Eindhoven
By de alfde Marathon Cup is Jorrit Bergsma der mei de winst fan troch gien. Hy die it keunstje nei fan ploechgenoate Marijke Groenewoud, dy't earder op de jûn triomfearre.
Njonken Bergsma pakten Ronald Haasjes it sulver en Mats Stoltenborg it brûns.
21:16
Prins herpakt him mei twadde tiid op 1.000 meter
Tim Prins hat op de 1.000 meter fan it EK sprint wat tiid werom wûn. Net op klassemintslieder Jenning de Boo, mar wol op de oare reedriders. Yn in streekrjocht duel waard Prins ferslein troch syn ploechgenoat De Boo, dêr't op dit stuit gjin maat op liket te stean. De Boo wûn de 1.000 meter yn 1.07,29 tsjinoer 1.07,89 foar nûmer twa Prins.
Merijn Scheperkamp einige as tredde yn 1.08,19. Yn it klassemint is De Boo de koprinner mei mear as in heale sekonde foarsprong op nûmer twa Scheperkamp. Prins stiet fjirde mei 0,15 sekonde efterstân op nûmer trije Damian Zurek.
Sneon krijt Prins de gelegenheid om it poadium dochs noch te berikken. Dan ride de sprinters wer in 500 en 1.000 meter.
Utslach earste 1.000 meter EK sprint
| Tiid op 1.000 meter | Ferskil foar twadde 500 meter | |
| 1. Jenning de Boo | 1.07,29 | - |
| 2. Tim Prins | 1.07,89 | +0,86 (Prins stiet fjirde yn it klassemint) |
| 3. Merijn Scheperkamp | 1.08,19 | +0,58 |
21:01
Groenewoud wint ek yn Eindhoven
Marijke Groenewoud hat de alfde Marathon Cup op har namme skreaun. Op nijjiersdei kroande se har al as Nederlânsk Kampioen yn Thialf, in pear dagen letter wûn se ek yn Enschede en no koe se yn Eindhoven op 'e nij beide hannen yn de loft stekke.
Ploechgenoate Bente Kerkhoff einige as twadde en Gioya Lancee lei beslach op it brûns.
Foar Groenewoud wie it al har sande oerwinning yn de Marathon Cup dit jier.
20:30
Leerdam wint 1.000 meter en giet Kok foarby
Jutta Leerdam hat de earste 1.000 meter fan it EK sprint op har namme skreaun. Dat die se troch te finishen yn in tiid fan 1.14,21. De foarsprong op nûmer twa Femke Kok wie sa grut, dat Leerdam de lieding yn it klassemint fan it sprinttoernoai oernimt.
Kok ried yn de lêste rit tsjin de Deenske Sofia Thorup-Prosvirnova en slagge der net yn om ticht genôch yn de buert te kommen fan Leerdam har tiid: 1.14,97.
It EK sprint liket in Nederlânske oangelegenheid te wêzen, want Suzanne Schulting waard tredde yn in tiid fan 1.15,40. Dêrmei stiet se healweis it EK sprint ek op it tredde plak. Har foarsprong op de nûmer fjouwer Kaja Ziomek-Nogal is sneon 0,75 sekonde.
Sneon ride de sprinters op 'e nij in 500 en in 1.000 meter.
Utslach earste 1.000 meter EK sprint
| Tiid op 1.000 meter | Ferskil foar twadde 500 meter | |
| 1. Jutta Leerdam | 1.14,21 | - |
| 2. Femke Kok | 1.14,97 | +0,19 |
| 3. Suzanne Schulting | 1.15,40 | +0,65 |
19:35
Prins moat yn efterfolging
Tim Prins is op de earste 500 meter fan it EK sprint op in teloarstellend njoggende plak einige. De Jouster wie mei 35,03 mear as in heale sekonde stadiger as winner Jenning de Boo (34,47), wêrtroch er op de 1.000 meter in soad tiid goed meitsje moat.
De Boo naam it op tsjin Merijn Scheperkamp en nettsjinsteande in misserke wie de Grinslanner dochs de fluchste fan it hiele fjild. Scheperkamp waard twadde yn 34,60. De Poal Damian Zurek kompletearre it poadium.
Op de 1.000 meter freedtejûn moat Prins mear as in sekonde goed meitsje op De Boo om de lieding te pakken yn it EK sprint. Beide ploechgenoaten ride tsjin inoar yn de lêste rit.
Utslach earste 500 meter EK sprint
| Tiid op 500 meter | Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Jenning de Boo | 34,47 | - |
| 2. Merijn Scheperkamp | 34,60 | +0,26 |
| 3. Damian Zurek (Poa) | 34,66 | +0,38 |
| 9. Tim Prins | 35,03 | +1,12 |
19:20
Kok pakt lytse foarsprong op earste 500 meter
Femke Kok is goed begûn oan it Europeesk kampioenskip sprint. Se wûn de 500 meter yn in tiid fan 37,58. Nei in goeie iepening foel it rûntsje foar Kok wat ôf. Sa wie se stadiger as twa wiken lyn op it NK sprint. Dochs wie it genôch foar de winst. Jutta Leerdam waard twadde yn 37,77.
Suzanne Schulting ried tsjin Leerdam en wie mei har 37,82 mar fiif hûndertsten stadiger. Dêrmei waard se tredde. It wie foar Schulting har op-twa-nei fluchste 500 meter ea. De Poalske Kaja Ziomek-Nogal einige as fjirde yn 37,92.
De froulju ride letter freedtejûn de earste 1.000 meter.
Utslach earste 500 meter EK sprint
| Tiid op 500 meter | Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Femke Kok | 37,58 | - |
| 2. Jutta Leerdam | 37,77 | +0,38 |
| 3. Suzanne Schulting | 37,82 | +0,48 |
18:07
Karlsbakk fuort by Hearrenfean, werom nei Noarske kompetysje
Daniel Karlsbakk, de 21-jierrige spits dy't twa jier lyn nei sc Hearrenfean helle waard, hat in kontrakt tekene by Sarpsborg 08 en keart dermei werom nei de Noarske kompetysje. De klup einige ôfrûne seizoen op it njoggende plak yn de Eliteserien.
"We haalden Daniel twee jaar geleden omdat we veel potentie in hem zagen", fertelt algemien direkteur Ferry de Haan. "Helaas voor alle partijen is dat er niet genoeg uitgekomen."
De Haan is bliid dat der in oplossing fûn is. "Voor Daniël is het belangrijk om op deze leeftijd veel minuten te maken en dat perspectief had hij hier niet meer. We wensen hem dan ook alle succes in Noorwegen."
16:12
Marcus Linday stiet foar earedivyzjedebút
sc Hearrenfean begjint snein oan de twadde kompetysjehelte mei de útwedstriid tsjin NAC Breda. Trainer Robin van Persie moat it dwaan sûnder middenfjilders Luuk Brouwers en Espen van Ee.
Brouwers, gewoanwei oanfierder, hat op it trainingskamp yn Spanje in spierblessuere oprûn en is in oantal wiken út de rûlaasje. Van Ee is skorst.
Van Persie wol yn it foar net sizze hoe't it middenfjild der tsjin NAC dan útsjocht, mar de kâns is grut dat de Sweedske middenfjilder Marcus Linday syn earedivyzjedebút meitsje sil.
Van Persie mist twa middenfjilders tsjin NAC Breda
Fierder binne sawol Mats Köhlert as Jakob Trenskow opknapt fan blessueres en ek de Bulgaarske oanwinst Hristyan Petrov sit by de wedstriidseleksje. Ek Jordy de Wijs reizget mei nei Brabân.
NAC Breda is de nûmer 10 fan de earedivyzje. De promovendus docht it dit seizoen mei in tsiende plak ferrassend goed. Dochs hat NAC de lêste twa wedstriden ferlern. Hearrenfean hat ien punt minder as de Bredanaars. Earder dit seizoen wûn Hearrenfean mei 4-0 yn it eigen Abe Lenstra stadion.
13:37
Cambuur hiert ferdigener fan Manchester City
SC Cambuur hat de earste oanwinst fan dizze transferperioade sa goed as wis binnen. Tomas Galvez wurdt foar in healjier hierd fan Manchester City.
Galvez is in 19-jierrige linkerferdigener. Hy is berne yn Ingelân, mar spilet foar it nasjonale alvetal fan Finlân en hat fiif ynterlâns op syn namme.
It ôfrûne healjier waard Galvez troch Manchester City ferhierd oan it Eastenrykse LASK Linz, mar dêr kaam er net in soad oan spyljen ta. Dêrom socht City in oare klup foar him. Dat is Cambuur wurden.
Technysk manager Lars Lambooij befêstiget de oansteande komst fan Galvez, al jout er oan dat der noch papierwurk regele wurde moat. "Het ziet er goed uit", seit Lambooij.
10:27
Skraste wedstriid komt stikem goed út
It skrassen fan de wedstriid tusken Roda JC en SC Cambuur dy't freedtejûn pland stie, komt trainer Henk de Jong eins wol goed út. In soad spilers binne siik.
De earste kompetysjewedstriid nei de winterstop yn Kerkrade giet net troch om't it fjild te min is op te bespyljen troch snie.
"Ik miste al fiif man, mar ik kaam fan 'e moarn op de klup en ik ha alwer trije mei gryp", seit de Jong. Mark Diemers, Sturla Ottesen, Michael de Leeuw, Brett Minnema, Jonathan Afolabi en Floris Smand binne siik.
Dochs fynt De Jong it spitich. "Do wolst graach wer spylje. Do bist der hielendal klear foar", seit er. "Mar ast acht man mist, is it in gelok by in ûngelok dat it net trochgiet. Wy helje 'm gewoan yn as elkenien fit is."
Wannear't de wedstriid ynhelle wurdt, is noch net bekend.
09:45
Al-Saed nei AIK Fotboll
sc Hearrenfean ferhiert oanfaller Danilo Al-Saed foar de rest fan it seizoen oan AIK Fotboll. De klup út Stockholm hat de mooglikheid om de Irakeesk-Sweedske ynternational yn de simmer te keapjen.
De 25-jierrige Al-Saed kaam yn de simmer oer fan it Noarske Sandefjord, mar wurdt in healjier letter dus alwer ferhierd oan de Sweden. Al-Saed kaam mar yn acht offisjele wedstriden yn aksje.
"Voor zowel Danilo als sc Heerenveen heeft de samenwerking nog niet opgeleverd wat we hadden gehoopt. We denken daarom dat het goed is om hem te verhuren, zodat hij elders meer speelminuten kan maken", seit Hearrenfean-direkteur Ferry de Haan.
15:03
Henk de Jong wol in nije spits
Cambuurtrainer Henk de Jong soe eins in stânbyld krije moatte. Dat wienen sa'n bytsje de wurden fan Cambuurdirekteur Ard de Graaf yn de podcast fan de Leeuwarder Courant. De trainer sels moat der wat om laitsje. "In stânbyld? Doch dat mar net. Doch my mar in nije spits."
De Jong kaart mei dy opmerking wol it probleem fan Cambuur oan. Jonathan Afolabi is troch blessueres kwealik oan spyljen ta kaam by Cambuur. Op it stuit dat hy miskien spylje soe, tsjin Roda JC freed, meldt er him siik.
Balk is gjin kapstokspits
En dus moat Cambuur it by it begjin fan de twadde kompetysjehelte wer dwaan sûnder spits. Neffens de Cambuurtrainer is in nije spits dêrby absolút needsaaklik.
"En as Afolabi dan wol fit wurdt, dan hawwe we twa spitsen", sa sei de trainer tongersdei nei de training. "Balk docht it op himsels wol prima, mar is gjin kapstokspits."
Technysk manager Lars Lambooij liket ek oertsjûge fan it oanlûken fan in spits yn de transferperioade dizze winter. Earder liet Lambooij him út dat hy it mei Afolabi noch efkes oansjen woe.
Sykte en blessueres
Foar de wedstriid tsjin Roda JC mist Cambuur in oantal spilers. Michael de Leeuw is siik en dat jildt ek foar tredde keeper Brett Minnema. Ilias Alhaft is noch blessearre. Der binne mear twifelgefallen, wêrûnder ien basisspiler. Henk de Jong koe en woe noch gjin opstelling bekend meitsje.
Yn Limboarch is it wintersk waar. Op it fjild fan Roda JC leit in pak snie. De klup hat fjildferwaarming, mar wol dy út koste-oerwaging net oansette. De wedstriid fan freed soe noch ôfsein wurde kinne.
14:24
Robin Maulun giet nei Japan
De eardere Cambuurspiler Robin Maulun ferfolget syn karriêre yn Japan. De Frânske middenfjilder hat in kontrakt tekene foar ien jier by SC Sagamihara. Dy ploech komt út op it tredde nivo fan Japan.
Maulun stie sûnt 2023 ûnder kontrakt by FC Volendam, mar dat kontrakt waard yn septimber ferline jier ûntbûn. De 27 jierrige Frânskman hat noch in skoft by Cambuur meitraind om syn kondysje op peil te hâlden.
Maulun spile tusken 2018 en 2023 yn totaal 131 wedstriden foar Cambuur. Yn 2021 waard er kampioen mei de Ljouwerters.
13:06
Fjirde nije oanwinst sc Hearrenfean
sc Hearrenfean hat syn fjirde oanwinst fan de winterstop binnen. Hristiyan Petrov hat in kontrakt foar 4,5 jier tekene.
Petrov is in 22-jierrige ferdigener en makket de oerstap fan CSKA Sofia. Hy is nei Marcus Linday, Jordy de Wijs en Milos Lukovic (beiden op hierbasis) de fjirde spiler dy't dizze winter oanslút by de seleksje fan Hearrenfean.
De jonge Bulgaar kin sawol sintraal as op de fleugel út de fuotten. Yn 2022 makke er syn debút foar it nasjonale alvetal fan Bulgarije. Yntusken hat er fiif ynterlannen op syn namme stean.
"Het is geen geheim dat we al langere tijd op zoek waren naar een linksbenige verdediger", seit algemien direkteur Ferry de Haan. "Hristiyan is een jonge maar fysieke verdediger die vooruit durft en kan verdedigen. Met zijn komst hebben we een talentvolle speler voor de lange termijn vastgelegd."
19:50
Xandra Velzeboer meldt har ôf foar NK shorttrack yn Ljouwert
Op it NK shorttrack yn Ljouwert sil Xandra Velzeboer kommend wykein net oan de start ferskine. De 23-jierrige shorttrackster hat lêst fan in lichte knibbelblessuere. Yn oerlis mei de medyske stêf hat Velzeboer dêrom besletten út foarsoarch it nasjonale kampioenskip oer te slaan.
It NK shorttrack wurdt op sneon 11 en snein 12 jannewaris hâlden yn de Elfstedenhal yn Ljouwert.
06:22
Sander Arends ferliest yn Auckland
Tennisser Sander Arends hat yn Auckland, Nij-Seelân tegearre mei teamgenoat Luke Johnson net winne kinnen fan Bhambri en Olivetti. Dy wiene mei 6-4, 6-4 te sterk foar Arends en Johnson. It duo is dêrmei útskeakele.
Arends wûn ferline wike yn Hong Kong noch syn tredde ATP-toernoai.
15:05
Ealse Stienstra hâldt op as kommissaris by Cambuur
Ealse Stienstra makket syn termyn yn de Ried fan Kommissarissen (RfK) by SC Cambuur net ôf. Hy hâldt op om't er it net mear kombinearje kin mei syn wurk as direkteur fan in snobbersguodfabryk. Stienstra hie kommersjele saken ûnder him; dat sil de kommende tiid oernaam wurde troch de oare kommissarissen. Der sil letter nei alle gedachten in nije kommissaris oansteld wurde.
Yn septimber 2021 begûn Stienstra yn de RfK fan Cambuur. In termyn duorret fjouwer jier, mar dy folmakket er dus net. De RfK fan Cambuur bestiet fierder út foarsitter Erik van der Waard, Bert Hollander, Ide Jan Woltman en Marc Plomp.
17:02
Hearrenfean akkoart mei Strasbourg oer hier Lukovic
Wat in oerke lyn noch net rûn wie, is dat no wol: Milos Lukovic spilet oant de ein fan dit seizoen foar sc Hearrenfean. De spits wurdt hierd fan RC Strasbourg, as er troch de medyske keuring komt.
16:00
Lukovic is gjin kapstokspits, mar wol in type dat Hearrenfean brûke kin
De transferperioade is noch mar in pear dagen iepen, mar Sportklup Hearrenfean is al behoarlik slachfeardich. Jordy de Wijs waard hierd fan Fortuna Düsseldorf en moat it gat opfolje dat ûntstien is mei de blessuere fan Pawel Bochniewicz.
Boppedat is Hearrenfean ticht by de hier fan de 19-jierrige spits Milos Lukovic. "Dat is een jonge, talentvolle speler die iets kan toevoegen in onze selectie. We denken dat nodig te hebben", fertelt direkteur Ferry de Haan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Hoe De Haan de Servyske spits omskriuwe soe? "Hij is een bonkige jongen met een goed fysiek, die de weg naar de goal goed weet te vinden, maar het is geen echte kapstokspits."
Om't Lukovic út in lân fan bûten de Europeeske Uny komt, moat der in wurkfergunning regele wurde. It is noch net dúdlik oft dat slagget foar snein, as Hearrenfean op besite giet by NAC Breda. Luuk Brouwers liket dy wedstriid hoe dan ek misse te moatten. De oanfierder hat it trainingskamp fan Hearrenfean yn Spanje al ferlitten mei in blessuere. "Ik denk dat NAC een beetje kort dag is", seit De Haan oer Brouwers.
Fierder is de Hearrenfeandirekteur noch dwaande mei it oanlûken fan de Bulgaarske ferdigener Hristiyan Petrov. Dêr stiet tsjinoer dat middenfjilder Simon Olsson mooglik fuortgiet. Foar him is ynteresse út syn heitelân Sweden.
Der meie mear spilers it Abe Lenstra Stadion ferlitte, sa as Daniel Karlsbakk. "We hopen een oplossing voor hem te vinden", seit De Haan dêroer.
15:55
Ferlies en lykspul foar Hearrenfean op trainingskamp
sc Hearrenfean hat op it trainingskamp yn Oliva (Spanje) twa oefenwedstriden op ien dei spile. Tsjin SV Wehen Wiesbaden waard it in 1-0 ferlies, tsjin SC Paderborn einige it yn 1-1.
Wehen Wiesbaden is in klup op it tredde nivo yn Dútslân. Flak foar tiid soarge Bjarke Jacobsen mei de holle foar de iennige goal fan de wedstriid. By Hearrenfean makke Jordy de Wijs syn offisjeuze debút. De ferdigener wurdt it kommende healjier hierd fan Fortuna Düsseldorf.
Yn it twadde duel naam Hearrenfean it, mei alve nije spilers, op tsjin SC Paderborn. Dy klup spilet yn de 2. Bundesliga. Al betiid yn de wedstriid sette Alireza Jahanbakhsh de ploech fan Robin van Persie op foarsprong. Yn de slotfaze kaam Paderborn mei in rake strafskop fan Filip Bilbija op 1-1.
15:21
Goeiemiddei
Goeie en wolkom yn it sportblog fan dizze wike. Wolst yn dyn Omrop-app in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
It blog fan ferline wike kinst hjirûnder weromfine.