Liveblog
|
23 desimber 2024
Brân yn sintrum Snits fluch ûnder kontrôle | Auto's botse yn Easterwâlde
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 23 desimber 2024, 20:00
20:00
Brân yn sintrum Snits fluch ûnder kontrôle
De brânwacht hat in keukenbrân yn it sintrum fan Snits fluch ûnder kontrôle krigen.
De brân waard even nei 18.00 oere ûntdutsen. Korpsen út Snits en Drylts waarden oproppen om it fjoer te bestriden.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer him ûntwikkele ta in grutte brân. De Singel hat in skoft ticht west foar ferkear.
Der soe nimmen ferwûne rekke wêze.
15:50
Auto's botse yn Easterwâlde
Twa auto's binne moandei mei elkoar yn botsing kaam op de krusing fan de Grietmanslaan en de Menninge yn Easterwâlde.
Nei it ûngelok wie de krusing in skoft lang stremme.
12:50
12:19
Wenning yn Steggerda folslein ferlern gien
De wenning yn Steggerda is folslein ferlern gien, seit Sytske Balt fan de brânwacht. "Spitigernôch wie de wenning net te rêden. Dy is folslein útbrând."
"It like oft de brân yn de skuorre njonken de wenning begûn is en rap oerslein is nei de wenning. De wyn stie der fol op, wêrtroch't it fjoer gau fersprate." It is op dit stuit noch net dúdlik wêrtroch't de brân ûntstien is.
Gefaar dat it fjoer oerslaan soe hat der net west. It giet nammentlik om in frijsteande wenning. "De wenningen deromhinne steane der fier fanôf en binne net yn gefaar west."
It sein 'brandmeester' is jûn en neffens Balt is de reek bot ôfnaam. De brânwacht sil noch wol inkelde oeren dwaande wêze mei neiblusse.
11:20
Bylden fan de brân yn Steggerda
Bylden fan de brân yn Steggerda
11:03
Protte brânwachtienheden yn Steggerda
Der binne in protte brânwachtienheden teplak yn Steggerda. It giet ûnder mear om de brânwacht fan Aldeberkeap, De Gordyk en Steenwijk. Neffens in korrespondint liket it te gean om in wenpleats.