Liveblog
|
6 juny 2024
Dit wie de dei fan de Europeeske Parlemintsferkiezingen: foar no ien Fries yn Europa
- De definitive útslach folget snein, mar de exitpoll jout al in byld fan de útslagen;
- Op dit stuit liket it derop dat inkel Raquel Garcia Hermida-van der Walle fan D66 in sit krijt yn Brussel;
- Foar ChristenUnie-listluker Anja Haga wurde it in pear spannende dagen: har partij hat op dit stuit gjin sit;
- De opkomstsifers wiene heger as by de foarige ferkiezingen yn 2019.
Lêst bywurke: 6 juny 2024, 22:48
22:48
Raquel Garcia Hermida-van der Walle jout earste reaksje
Yn in earste reaksje lit Raquel Garcia Hermida-van der Walle fan de Gordyk witte dat se it in grutte ear fynt dat se nei alle gedachten plaknimme sil yn it Europeesk Parlemint. Se stiet twadde op de list fan D66 en dy partij set koers rjochting de trije sitten.
It liket der op dit stuit op dat se de iennichste Fries wurde sil mei in sit yn Brussel. Neffens har is dit in hiele ferantwurdlikheid en se seit dat se in protte stipe krigen hat fanút ús provinsje.
22:45
110 persint opkomst op Skiermûntseach
Op Skiermûntseach hawwe mear minsken stimd as dat der kiezers wenje. De opkomst by de Europeeske ferkiezingen tongersdei bedraacht 110,3 persint, meldt boargemaster Ineke van Gent op X.
De hege opkomst hat te krijen mei alle toeristen dy't, njonken de eilanners, harren stim útbringe op it eilân. Skiermûntseach is kwa ynwennertal de lytste gemeente fan it lân.
22:13
Earste definitive opkomstsifers bekend
Guon gemeenten hawwe de definitive opkomstsifers yntusken bekend makke. Fan Flylân en Weststellingwerf binne noch gjin sifers by ús bekend.
Opkomst
| Gemeente | Opkomst | Tiid |
| Achtkarspelen | 33,87% | 19.00 oere |
| Amelân | 61,00% | 19.00 oere |
| Dantumadiel | 23,05% | 16.00 oere |
| De Fryske Marren | 38,54% | 19.00 oere |
| Eaststellingwerf | 40,84% | 19.00 oere |
| Harns | 36,30% | 18.45 oere |
| Hearrenfean | 46,35% | 21.00 oere |
| Ljouwert | 36,49% | 19.45 oere |
| Noardeast-Fryslân | 45,00% | 20.45 oere |
| Opsterlân | 39,30% | 19.00 oere |
| Skiermûntseach | 100% | 18.00 oere |
| Skylge | 90,13% | 21.00 oere |
| Smellingerlân | 36,20% | 19.00 oere |
| Súdwest-Fryslân | 46,41% | 20.30 oere |
| Tytsjerksteradiel | 39,40% | 19.00 oere |
| Waadhoeke | 45,12% | 21.00 oere |
21:56
Earste reaksje fan Anja Haga: "It is noch even spannend"
ChristenUnie-listlûker Anja Haga jout de moed noch net op. "It is noch even spannend", seit se yn in earste reaksje. "Snein witte we it definityf."
It leit neffens har yn alle gefallen net oan de ynset fan har partij. "We ha knokt foar eltse stim. De frijheid fan eltsenien, dat bliuwt ús misje."
21:50
Yn de tsjerke fan West-Skylge binne se drok oan it tellen
By it stimburo yn de tsjerke fan West-Skylge binne de tellers drok dwaande mei it tellen fan de útbrochte stimmen. De opkomst op it eilân wie 90,13%, wat heger is as yn 2019.
Yn totaal ha 3.661 minsken harren stim útbrocht. 42,86% fan dizze minsken stimde mei in kiezerspas, wat betsjut dat sy fan bûten it eilân komme.
21:39
De definitive opkomst stik heger as yn 2019
It ûndersyksburo Ipsos I&O hat no ek de definitive opkomstsifers bekend makke. Lanlik sjoen ha hjoed 46,8% fan de minsken dy't stimme meie in fakje read kleure, dat wie fiif jier lyn 41,8%.
21:02
De earste exitpoll is binnen
De earste exitpoll liket goed nijs foar Raquel Garcia Hermida-van der Walle. Har partij D66 giet, sa't it no liket, fan twa nei trije sitten en dat betsjut dat de Gordykster nei alle gedachten sitting nimme mei yn it Europeesk Parlemint.
Foar Anja Haga fan Dokkum lykje de útslaggen minder posityf. De ChristenUnie ferliest mooglik in sit, wat betsjutte soe dat Haga net fierder kin as Europarlemintariër.
Sjoerd Wijnsma út Ljouwert rêdt it sa't it no liket ek net op. Hy stiet fiifde op de list fan it CDA en de foarsizzing is dat dy partij fan fjouwer nei trije sitten giet.
De exitpolls ha in flatermarzje fan ien sit.
21:00
De stimburo's binne sluten, it tellen kin begjinne
It is 21.00 oere, dus de stimburo's binne ticht.
20:50
Wolst noch stimme? Dan moatst no rap dy kant op
De stimbussen slute oer tsien minuten!
20:40
Opkomst noch hieltyd heger as fiif jier lyn
De opkomst by de stimlokalen is noch hieltyd heger as by de foarige ferkiezingen. Neffens ûndersyksburo Ipsos I&O lei de opkomst om 19.45 lanlik op 37%, tsjinoer 34% yn 2019.
20:34
Boargemaster Ineke van Gent grutsk op de 100% opkomst op Skiermûnseach
Se ropt ek eltsenien op om te stimmen, it kin noch in lyts heal oerke!
20:27
Skylge fiert ek dûbel feest: we meie stimme en Oerol stiet foar de doar!
19:24
In dikke hûndert foar Skiermûntseach
Gemeente Skiermûntseach meldt dat it opkomstpersintaazje om 18.00 oere 100% wie. By de ferkiezingen binne de opkomsten op de waadeilannen heger, fanwegen it tal toeristen. Mar by de Europeeske ferkiezingen fan 2019 wie de opkomst op it eilân sa'n 80%.
17:54
'Ja, ik wol (stimme)'
Dizze minsken fiere hjoed net allinnich mar de leafde, mar ek de demokrasy
17:01
Op Skylge stimme protte minsken mei kiezerspas
Op Skylge hawwe oant safier 67,50% fan de minsken dy't stimme meie it fakje read kleure. Dat blykt út in mjitting fan 16.30 oere.
It persintaazje stiet lyk oan 2.742 stimmers. 50,2% dêrfan brûkte in kiezerspas, wat betsjut dat se net sels op it eilân wenje, mar der bygelyks op fakânsje binne.
16:49
Opkomst oant no ta heger dan yn 2019
It lanlike opkomstpersintaazje is yntusken oprûn nei 23%, sa meldt ûndersyksburo Ipsos I&O. De mjitting is dien om 15.45 oere.
It sifer leit heger as by de foarige Europeeske Parlemintsferkiezingen (2019). Doe wie it persintaazje om dy tiid 19%.
16:09
Anja Haga (ChristenUnie): "It bliuwt oant 'e mei snein spannend"
ChristenUnie-listlûker Anja Haga hat fan 'e middei har stim útbrocht yn har wenplak Dokkum. It binne spannende dagen foar har, omdat it derom spant oft se wol of net har sit behâlde kin. "It is in spannende dei en it bliuwt oant 'e mei snein ek noch wol spannend, oant der in definitive útslach bekend is", sei se tsjin streekomrop RTV NOF.
Hoewol't it Europeeske Parlemint foar harsels deistige praktyk is, begrypt se wol dat it foar guon Friezen eat abstrakts is. "Mar eins is it hiel tichtby. Santich oant tachtich persint fan it belied dat hjir te fernimmen is, wurdt ûntwikkele yn Brussel."
Haga sil jûn yn Amersfoort mei har partij en it kampanjeteam de exitpoll ôfwachtsje. "Dat wurdt spannend, al is de útslach fan jûn noch hieltyd net definityf."
15:08
Skiermûntseach tikket hast de 75% oan
Op Skiermûntseach hawwe oant 14.00 al hast trijekwart fan de minsken mei stimrjocht harren stim útbrocht, dat meldt de gemeente op X. De opkomst leit dêrmei flink heger dan it lanlik gemiddelde, dat om 13.45 noch 15% wie.
By de foarige Europeeske ferkiezingen yn 2019 lei it definitive opkomstpersintaazje op it eilân (rom 80%) ek fier boppe it lanlike sifer (41,9%). Skiermûntseach hie doe de heechste opkomst fan it lân.
14:25
In frou fan 85 hie wize wurden foar boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel
14:15
15 persint fan de Nederlanners mei stimrjocht hat stimd
Oer it hiele lân hat om 13.45 oere hinne sa'n 15 persint fan de minsken mei stimrjocht nei de stimbus west. Dat hat de NOS bekend makke, op basis fan in peiling fan ûndersyksburo Ipsos I&O.
Dat it krekt in persint mear as by de ferkiezingen fan 2019, doe lei it op sa'n 14 persint.
13:55
Fryske kandidaten nei de stimbus: "Net stinne, stimme"
Nei't CDA-kandidaat Sjoerd Wijnsma moarns noch wat maleur hie - hy hie syn identiteitsbewiis net by him - is it stimmen wat letter op de dei wol slagge.
Ek Anja Haga, kandidaat foar de ChristenUnie, hat in read boltsje set. Sy skriuwt: "Zoals we in Fryslân zeggen: net stinne, stimme!"
13:41
De boargemaster fan Harns pakt it sportyf oan
13:20
Trije generaasjes op it stimburo yn de biblioteek fan Easterwâlde
Marit, Els en Mirjam. It binne trije generaasjes by it stimburo yn de biblioteek oan de Quadoelenweg yn Easterwâlde. "It is hiel fertroud: de minsken dy't ik leafhaw, sitte neist my", fertelt beppe Els.
De hiele dei hawwe se it gesellich mei-inoar. "De mensen die ons kennen, reageren ook heel leuk. De mensen die het niet weten, merken er ook niets van. Maar het is wel heel bijzonder" fertelt Mirjam. "Wie kan dat nu zeggen, dat ze met haar moeder en dochter op het stembureau zit. Dat is natuurlijk heel bijzonder."
Foar beppesizzer Marit is it echt de earste kear: "Heel gaaf. Je komt veel bekenden tegen. Ik zei vroeger al dat ik het later graag wilde doen, maar toen moest ik wachten tot ik 18 was. Nu had ik een dag vrij, dus nu kon het ook."
Beppe Els docht it al mear as 50 jier. Sy wie it earste froulike stimburolid fan de gemeente Eaststellingwerf oait.
13:11
Noordwijk, Alkmaar, Haarlem: de stimmers op Skylge komme oeral wei
"Ik ben hier op vakantie en het leek me leuk om op Terschelling te stemmen"
Ferslachjouwer Lennard Geerts is by ien fan de stimburo's op Skylge. Hy hat der in hobby foar in dei by: hy sammelet sluven fan stimbiljetten. Dan docht bliken dat de stimmers op it eilân út it hiele lân wei komme.
12:59
Foar de lêste kear yn it âlde doarpshûs fan De Tynje
Boargemaster Andries Bouwman hat syn stim útbrocht yn it âlde doarpshûs fan De Tynje. It is de lêste kear dat der op dit plak stimd wurde kin.
Bouwman makket ek in rûntsje by alle stimburo's del. Hy is moarns úteinset yn Nij Beets. Gemeente Opsterlân seit ek tank oan alle frijwilligers op de stimburo's.
11:57
Lanlik hat noch mar sa'n 7 persint stimd
Oer hiel Nederlân hie om 10.30 oere hinne sa'n 7 persint fan de minsken mei kiesrjocht stimd. Dat meldt ûndersyksburo Ipsos I&O yn in skatting foar de NOS. Fiif jier lyn wie de opkomst op dat tiidstip sa'n bytsje like heech.
By de ferkiezingen yn 2019 stimde úteinlik 41,9 persint fan de Nederlânske kiezers foar it Europeesk Parlemint.
11:50
Boargemaster Agricola: "Laat uw stem niet verloren gaan!"
Klaas Agricola fan Dantumadiel hat syn demokratyske plicht yntusken ek ferfolle.
Ek dizze boargerfaar hat noch in boadskip op sosjale media: "Vandaag mag u uw stem uitbrengen voor het Europees parlement. Uw stem is waardevol. Het gaat niet alleen over de economie maar ook over vrede en veiligheid. Laat uw stem niet verloren gaan!"
11:25
Lytste gemeente fan it lân hat de heechste opkomstsifers
As lytste gemeente fan it lân koe Skiermûntseach om 11.00 oere al in opkomstpersintaazje fann 37,7 persint melde. Dat betsjut dat ien op de trije folwoeksenen op it eilân al stimd hat foar it Europeesk Parlemint.
Op it eilân wenje sa'n 800 kiezers. By de foarige ferkiezingen yn 2019 stimde krekt wat mear as 80 persint fan de eilânbewenners. Dat wie de heechste opkomst fan it lân.
10:51
Noch efkes de tsien Fryske kandidaten op in rychje
10:41
No. 2 fan D66 bringt har stim út op De Gordyk
Raquel García Hermida-van der Walle stiet foar D66 op de kandidatelist. Sy stiet as nûmer twa ûnder listlûker Gerben-Jan Gerbrandy. Fansels woe se sels ek wol har stim útbringe, dus dat die se fan 'e moarn yn De Skâns yn har 'hometown' op De Gordyk.
10:16
Ljouwerter learlingen rinne foar op it lân
Op it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert nimme se miskien al wol in foarsprong op de takomst. Learling Anton hat in online stimburo makke foar de skoalferkiezingen.
Mei in QR-koade en eigen ynlochkoade kinne de learlingen stimme. Om 16.00 rollet de útslach dan fuortendaliks binnen, sa is de bedoeling.
10:09
Stimme yn De Westereen
Yn De Westereen stiene de earste lju sekuer om 07.30 oere klear om harren stim út te bringen yn wensoarchsintrum Brugchelencamp. En in rollator is wol sa handich om de stimpas mei te nimmen.
09:53
Europeeske ferkiezingen yn begryplike taal
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert ropt eltsenien op om te stimmen. Hy wiist dêrby ek op de 'Verkiezingskrant in gewone taal'.
Dat is in útlis fan it stimmen, de ferkiezingen en it Europeesk Parlemint, mar dan yn begryplike taal. De krante is spesjaal makke foar minsken dy't wat mear muoite hawwe mei it lêzen en skriuwen.
09:45
Twa stimburo's op De Jouwer minder goed berikber
Op De Jouwer binne twa wichtige stimburo's wat minder goed berikber. Om't de Hurddraversdyk op 'e nij asfaltearre wurdt, binne de stimburo's op it gemeentehûs fan De Fryske Marren en yn Vegelin State dreger te berikken foar auto's en fytsers.
De stimburo's binne wol iepen, lit de gemeente witte. Wa't mei de auto komt, kin de auto it bêste parkearje op it parkearterrein njonken de brânwachtkazerne, yn de leane njonken it gemeentehûs, efter de PLUS-supermerk of oan de Boeresingel. Fytsers kinne it bêste mei de fyts oer de stoepe rinne.
09:30
Foto-ympresje: in fleurich stimburo yn West-Skylge
Foar stimburo no. 1 op Skylge is it in fleurige boel: fanwegen it Oerol festival hingje der lampionnen yn de Westerbuurtstraat.
De betide stimmers holden de wille der ek goed yn:
De tsjerke stiet yn de stegers, mar de yngong fan it stimburo is goed te berikken:
En los!
09:26
Boargemaster is wer op doarpetoer troch Noardeast
It is yntusken in tradysje wurden: boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân besiket in besite te bringen oan alle stimburo's yn syn gemeente. Dat binne der 45, dus dat makket it ta in flinke útdaging.
Kramer begûn yn it doarpshûs fan Eastrum, mar hat yntusken ek al yn Ie, Ingwierrum, De Pomp, Muntsjesyl, Boerum en Kollum west. Kramer hat de gong deryn. Yn it lokaal fan de PKN-tsjerke yn Ingwierrum wie hy earder as de earste stimmers.
"Wêrom stimme? Omt de EU in hiel soad saken meibepaalt. As it giet om lânbou, de leefberens op it plattelân mar ek ynternasjonale feiligens bygelyks", seit er.
09:19
Boargemaster Werkman: "Ga stemmen!"
Boargemaster Jack Werkman fan Eaststellingwerf wie der al betiid by yn doarpshûs De Mande yn De Haule. "Ga stemmen! Laat uw stem niet verloren gaan", is syn oprop oan de ynwenners.
09:16
Stimburo yn Hollum net berikber oer brechje
Wa't yn sporthal De Slinger yn Hollum stimme wol, kin hjoed net oer it brechje nei it stimburo. Fanwegen wurk oan de brêge is dy tagong ôfsletten.
It stimburo is allinne berikber fia de nije tagongswei Middelbord, by de Fabrieksweg, lit de gemeente witte.
08:31
Fryske kandidaat ferjit syn identiteitsbewiis: "De senuwen"
Sjoerd Wijnsma is ien fan de Fryske kandidaten. Hy stiet op nûmer 5 op de list foar it CDA. Wijnsma is berne yn Dokkum en wennet yn Ljouwert, dêr't er fan 'e moarn ek te stimmen soe.
'Soe', want it is noch net slagge. Wijnsma hie syn identiteitsbewiis nammentlik net by him. "Dat binne de senuwen wol wat", jout er ta. "En de gaos fan de lêste kampanjedagen. Wy hawwe oeral west: fan It Amelân nei Den Haag."
Wijnsma wie juster by de Twadde Keamer yn Den Haag. "Ik moast myn rydbewiis sjen litte om binnen te kommen. Myn meiwurker hat it rydbewiis pakt en hat it net weromjûn", fertelt hy.
It betsjut dat hy it noch ophelje moat by syn meiwurker. "Dy wennet net flakby, mar it komt goed."
Sjoerd Wijnsma stimt mar mei CDA-deputearre Friso Douwstra mei yn de Pelikaantsjerke
Om't hy fiifde op de list stiet, hat er goed 20.000 foarkarstimmen nedich om keazen te wurden. "Dat is in protte. It wurdt net sa maklik, mar ik tink dat ik in ein komme kin."
"Us Fryske lûd yn Brussel hearre litte"
Wijnsma sjocht ek dat de ferkiezingen net by eltsenien libje. "Ik sit yn in bubbel wêryn't it allegearre oer Europa giet. Mar foar in soad minsken fielt Europa fier fuort. Mar it is tichtby en ik hoopje dat minsken wol stimme. Want it is hiel wichtich dat wy ek ús Fryske lûd yn Brussel hearre litte."
"Ik tink dat der wol wat feroare is yn de lêste fiif jier. De ynfal fan Ruslân yn Oekraïne. Wy hawwe ek sjoen dat wy hiel ôfhinklik binne fan Sina foar ús produksje, fan Ruslân foar ús enerzjy en fan Amearika foar ús feiligens. Wy moatte as Europa ús eigen rol pakke. En dat moat demokratysk. Dus dêr stimme wy foar."
08:10
504 stimburo's yn Fryslân iepen
Yn de provinsje Fryslân binne yn totaal 504 stimburo's iepen hjoed. De measten yn Ljouwert: leafst 81. Op Flylân en Skiermûntseach binne de minste buro's: beide eilannen hawwe mar ien.
Wolsto witte wêr't de stimburo's yn dyn omjouwing binne? Sjoch dan op Waar is mijn stemlokaal.
Stimburo's de gemeente
| Gemeente | Oantal stimburo's |
| Achtkarspelen | 16 |
| Amelân | 4 |
| Dantumadiel | 12 |
| De Fryske Marren | 46 |
| Eaststellingwerf | 25 |
| Flylân | 1 |
| Harns | 11 |
| Hearrenfean | 41 |
| Ljouwert | 81 |
| Noardeast-Fryslân | 45 |
| Opsterlân | 19 |
| Skiermûntseach | 1 |
| Skylge | 4 |
| Smellingerlân | 34 |
| Súdwest-Fryslân | 76 |
| Tytsjerksteradiel | 23 |
| Waadhoeke | 43 |
| Weststellingwerf | 22 |
07:45
Skylger stimburo's ferwachtsje mear drokte troch Oerol
Skylge set him hjoed skrep foar ekstra drokte op it stimburo. Want moarn set ek it Oerol Festival útein en dat bringt in soad ekstra minsken nei it eilân, dêr't fjouwer stimburo's binne.
Ien fan dy buro's is yn de Westertsjerke yn West-Skylge. Neffens foarsitter Matthijs Goudkamp is it buro der klear foar.
"Zeker weten. We gingen half acht open, zitten er klaar voor en wachten op de - hopelijk - drukte", seit er. "Iedereen heeft z'n eigen rol in het stembureau. Het is een geoliede machine, dat kan niet missen."
Oft it Oerol Festival echt mear drokte opsmyt? "Dat gaan we zien. Ik verwacht het eigenlijk wel, maar ik kan het pas om 21.00 echt bekendmaken."
It stimburo oan de Westerbuurtstraat op Skylge
Gemeente Skylge hat 14.000 stimbiljetten besteld, wylst der mar 4.000 minsken op it eilân kiesrjocht hawwe. Dus de gemeente hâldt der wol rekken mei, fertelt Laura van Rutten.
"We verwachten zeker veel toeristen. We hebben ook contact gehouden met de rederij over hoeveel boten er komen. Op basis daarvan zijn extra stembiljetten besteld."
Wol is it de fraach oft toeristen in kiezerspas oanfrege hawwe. Want wa't bûten de eigen gemeente stimme wol, moat wol sa'n pas hawwe.
07:38
PVV of GroenLinks-PvdA? It kin in nek-oan-nekrace wurde
Yn totaal sille der 27 lidsteaten nei de stimbus foar Europa. Dat Nederlân de earste is, lûkt de oandacht fan de oare lannen. Ek om't Nederlân sûnt de oerwinning fan de PVV mei de Twadde Keamerferkiezingen in foarrinner wêze kin fan in mooglike ruk nei rjochts.
Fiif jier lyn wie de PvdA mei Frans Timmermans de grutte winner by de lêste ferkiezingen yn Europa. Op dit stuit liket it in nek-oan-nekrace te wurden tusken GroenLinks-PvdA en de PVV.
Ek yn lannen as Italië, Frankryk en België lykje meistanners fan Wilders it better te dwaan as yn 2019. Guon foarsizze in opkomst fan radikaal-rjochts yn Europa.
Nek-oan-nekrace
Yn in lêste peiling fan Ipsos I&O en EenVandaag komme PVV en GroenLinks-PvdA beide op acht sitten út. Dizze stekproef is holden ûnder 2.030 Nederlanners mei stimrjocht.
It wurdt noch spannend, want 45 persint twivele juster noch oer de stim.
07:30
De stimburo's binne iepen!
It is 07.30 oere en dat betsjut dat it grutste part fan de stimburo's no iepenet. Dus: iere fûgels, wês derby!
Ferjit net dyn stimpas en in jildich identiteitsbewiis (ID-kaart, paspoart of rydbewiis) mei te nimmen.
07:19
Snein pas definitive útslach, mar jûn al exitpolls
Nederlân is it earste EU-lân dat foar it nije Europeesk Parlemint stimt. Fan de yn totaal 720 Europarlemintariërs kiest Nederlân der 31.
De measte lidsteaten stimme pas op snein en pas dêrnei mei de ferkiezingsútslach bekend makke wurde. Dochs kin jûn nei alle gedachten al in betrouber byld jûn wurde fan de Nederlânske útslach.
Exitpoll nei 21.00 oere
De NOS en ûndersyksburo Ipsos jouwe nei it sluten fan de stimbussen in exitpoll. Dat is in peiling ûnder kiezers dy't stimd hawwe. De exitpolls wurde nei 21.00 en 21.30 oere bekend. Letter op de jûn folgje ek noch útslaggen oer kiezersstreamen en motivaasjes.
06:52
It ferkiezingswaar: paraplu mei nei it stimburo?
Waarm oanklaaie is wol in pree, jout waarfrou Tjitske Wiebenga oan. "De minimumtemperatueren leine noch tusken de 7 en de 10 graden. Yntusken lizze dy temperatueren wol wat heger, dat hat te krijen mei de bewolking dy't no oer ús provinsje hinne skoot."
Buikes ferstoppe
Dochs wol it net echt waarm wurde. En drûch hâlde wy it nei alle gedachten ek net. "Wy hawwe yn de moarn en oan it begjin fan de middei wol te krijen mei in laach bewolking. Dêr sitte wat buikes yn ferstoppe, dy skowe fan it súdwesten nei it noardeasten ta."
Hiel lokaal kin der sels wolris wat hagel falle, tinkt Wiebenga. "Dat komt omdat de boppeloft echt wol hiel kâld is op dit stuit. Dat is ek de reden wêrom't it oerdeis net waarmer wurdt as in graad as 16. Wol pas letter op de middei, want dan komme der opklearringen út it westen wei."
Letter op de middei folget dus ek mear sinne. "Al is in drip rein ek yn de rin fan de middei net hielendal útsletten. De wyn draait fan it súdwesten wat mear nei it westen-noardwesten. Letter yn de middei swakket dy ôf nei in swakke- oant matige wyn."
Jûn is it helder en aardich fris waar, foarseit sy. "De temperatuer sakket wer hurd nei ûnderen, dan is de minimumtemperatuer sa'n 5-6 graden. Letter yn de nacht krije wy út it westen wei dochs wer in bui."
Wa't it stimbiljet hielendal drûch hâlde wol, is dus warskôge.
06:30
Dit binne de Fryske kandidaten
Der docht dit jier in tsiental Friezen mei oan de ferkiezingen. De fraach is lykwols wol oft der de kommende jierren in Fries yn it Europeesk Parlemint komt.
Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) makket dêr de grutste kâns op en foar Anja Haga (CU) is it noch spannend. Foar de oare Fryske kandidaten jildt dat se sa leech steane, dat de kâns lyts is dat se keazen wurde.
Der binne noch wol Friezen om utens dy't nei alle gedachten yn it Europeesk Parlemint komme of bliuwe. Sa komt listlûker Malik Azmani (VVD) oarspronklik fan It Hearrenfean en Auke Zijlstra (PVV) berne op De Jouwer.
Fryske kandidaten
| Namme | Wenplak | Partij |
| Anja Haga | Dokkum | CU |
| Raquel Garcia Hermida-van der Walle | De Gordyk | D66 |
| Sjoerd Wijnsma | Ljouwert | CDA |
| Jesse Fennema | Burchwert | NL PLAN EU |
| Mariska Rikkers-Oosterkamp | Wolvegea | BBB |
| Tom Bakker | Driezum | SGP |
| Thom Smit | Harns | SP |
| Ronnie Koop | Dokkum | PvdD |
| Herman Nota | Parregea | 50PLUS |
| Onno Loonstra | Ie | PvdD |
06:17
Noch in swevende kiezer? Sjoch hjir foar stimhelp
Bisto der noch net út? Der binne ferskate stimhelpen te finen, dêr'tst mei help fan stellingen útsykje kinst watfoar partijen it meast by dyn eigen stânpunten oanslute.
Der binne ferskate lanlike stimhelpen. De bekendste is de StemWijzer, mar tink ek oan bygelyks it Kieskompas. Beide jouwe 30 stellingen.
Dêrnjonken binne der ek in pear stimhelpen fan media, lykas fan de Volkskrant en fan NRC (dy lêste is wol foar abonnees).
06:01
Folgje de ferkiezingen by Omrop Fryslân
Hoewol't it Europeeske ferkiezingen binne, folget Omrop Fryslân fansels ek it nijs oer de ferkiezingen. Online hâlde wy it nijs by yn dit bloch.
Op de radio is ek de hiele dei omtinken foar de ferkiezingen. Yn ús nijsprogramma's Fryslân fan 'e moarn (06.00-09.30), No yn Fryslân (12.00-13.00) en Underweis (16.00-18.00) hâlde wy dy op 'e hichte. Op telefyzje binne fansels de hichtepunten te sjen yn yn Fryslân Hjoed.
06:00
Goeiemoarn!
Wolkom by dit livebloch fan 6 juny, de dei fan de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Op dit plak fynsto it lêste nijs.
Fierwei de measte stimburo's binne iepen tusken 07.30 en 21.00 oere. Ferjit net dyn stimpas en in jildich identiteitsbewiis mei te nimmen!