Liveblog
|
15 july 2022
Sjoch hjir werom op de bûnte tafrielen by de crew parade fan de Tall Ships Races yn Harns
Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de Tall Ships Races yn Harns:
- De crew parade is los;
- Peter R. de Vries wurdt betocht by de karavaan foar de freonskip;
- De skippen meitsje lytse tochten troch de haven.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 15 july 2022, 17:53
17:52
Oant moarn
Dit is de ein fan dit liveblog, wêryn't wy de twadde dei fan de Tall Ships Races yn Harns folgen. Moarn binne wy der wer op radio, telefyzje en ynternet.
Tank foar it folgjen!
17:27
Op de fearboat genietsje se fan de tallships
16:50
Groetnis werom!
16:06
De bemanning fan de Shabab Oman giet hielendal los
De bemanning út Oman fielt him goed yn Harns
15:55
Ek lytsere tallships
Yn de Suderhaven lizze de lytsere tallships. Ien fan harren, de Aglaia, komt út Eastenryk. Net it earste lân dêr't je oan tinke by in skip. Kaptein Sven fertelt lykwols dat Eastenryk eartiids in protte havens hie, allinnich no net mear.,
De reis fan dizze boat ferrûn net sa bêst. Ien fan de bemanningsleden moast nei it sikehûs en de rest waard allegear seesiik.
Ferslachjouwer Simone Scheffer yn petear mei kaptein Sven út Eastenryk
15:26
Omrop Fryslân mocht dizze wike mei de Wylde Swan mei, fan Esbjerg nei Harns
Op reis mei De Wylde Swan