Liveblog
|
14 july 2022
Dit wie earste dei fan de Tall Ships Races yn Harns
Hjoed is de grutte parade fan de Sail In fan de tallships dy't fan Esbjerg nei Harns fearn binne.
- Harns is de twadde haven dy't de âlde sylskippen oandogge. Hjirnei folget Antwerpen, en dan de weromreis nei Aalborg;
- Om 11.00 oere is de Sail In úteinset. Age Veldboom jout hjoed kommentaar en fertelt wat oer de bysûndere skippen;
- Rûn 15.00 binne alle tallships oankommen yn de haven fan Harns, snein farre se wer út.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 14 july 2022, 18:08
18:00
Oant moarn
Dit de ein fan dit liveblog, wêryn't wy de earste dei fan de Tall Ships Races yn Harns folgen. Moarn binne wy der wer op radio, telefyzje en ynternet.
Tank foar it folgjen!
17:47
Foarsitter Tallships Harlingen: "Hier kun je eigenlijk alleen maar van dromen"
Jan Reier Arends is ien fan de minsken dy't der yn 2014 foar soarge dat de Tall Ships Races nei Harns kamen. Hy is hjoed-de-dei noch hieltyd foarsitter fan Tallships Harlingen en sjocht werom op in moaie earste dei. "Dit was super, wij zijn vanochtend vroeg uitgevaren. Dan kom je één voor één die schepen tegen, mooi opgepoetst, zeilen omhoog, allemaal vlaggen. Dat is natuurlijk een fantastisch plaatje."
Neffens him wie it waar hjoed ideaal foar de yntocht fan de skippen. "De weersomstandigheden waren geweldig, de wind was precies uit de goede richting, dat al die schepen mooi voor de wind langs de Pollendam konden zeilen. Daar kun je eigenlijk alleen maar van dromen."
Ferslachjouwer Simone Scheffer sjocht mei Jan Reier Arends werom op de earste dei
17:01
Kapitein fan de Wylde Swan: "Fantastysk om sa de haven binnen te kommen"
"It is fantastysk om sa de haven binnen te kommen", seit Tsjerk Hesling Hoekstra, kapitein fan de Wylde Swan. "Tusken alle nasjonale en ynternasjonale tallships. Je wurde hjir mei in feest ûntfongen."
Op it skip is de sfear ûnder de bemanning goed, seit Hoekstra. "Doe't we oan board stapten wiene wy gelyk in team. De trainees draaie 24 oeren per dei mei, se dogge mei mei iten siede, syl sette, navigearje en se binne tige entûsjast, dus it jout ús ek wer in soad enerzjy werom."
16:21
Yn de haven fan Harns genietsje minsken njonken fan de skippen ek fan live muzyk
15:58
De skippen binne allegearre oankommen, besikers kinne de skippen besjen
15:27
It folksliet klinkt by de binnenkomst fan de Wylde Swan
By alle tallships klinkt it folksliet fan it lân dêr't de âlde sylskippen weikomme. By de oankomst fan it alderlêste skip, it Fryske tallship de Wylde Swan, is it Frysk folksliet te hearren. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar fear mei op it skip, fan Esbjerg nei Harns ta, en is hjoed op de einbestimming oankommen.
"Wy hienen in groep Friezen en in groep Denen oan board. Dy stiene de earste dagen noch wat los fan inoar", fertelt se. "Mar der binne trije wachten, en dy binne trochinoar, sa is it ien grutte groep wurden. Ek de jongerein hat de ôfrûne dagen mear selsfertrouwen krigen.