Liveblog | 12 april

Sulver foar Team NL by Llargues op WK | Nederlân fiifde by Icespeedway of Nations

Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.

Lêst bywurke: 12 april, 22:14
snein 12 april
22:14

Sulver foar Team NL by Llargues

Team NL by it llargues
© KNKB Media
By it WK keatsen yn Argentinië hat Team NL sulver helle op it ûnderdiel Llargues. Dat is in spul dat spile wurdt tusken ploegen fan trije oant fiif sporters. Sy spylje op in strjitte fan 70 meter lang. Doel is om de bal oer in tinkbyldige line hinne te slaan.
Yn de finale ferlear it Nederlânske team, mei Anna Ennema, Noa Elzinga, Jeska Terpstra, Senne Idsardi en Marrit Zeinstra, fan Baskelân.
18:41

Nederlân fiifde by Icespeedway of Nations

It Nederlânske team mei ûnder oaren Sebastian Reitsma fan De Westhoek is sneintemiddei fiifde wurden by de lannewedstriid op it WK iisspeedway yn Thialf op It Hearrenfean.
De winst gie nei Finlân.
13:44

Thijs Wiersma wint Parys-Roubaix by de junioaren

Thijs Wiersma
© Omrop Fryslân
Frysk sukses yn de hurdfytsklassiker Parys-Roubaix by de junioaren. De 18-jierrige Thijs Wiersma kaam op it Vélodrome as earste oer de streek.
Oan de ein fan de 106 kilometer lange koers wist de Dútser Karl Herzog earst noch oan te sluten by Wiersma, mar yn de sprint wie de Sint Nykster de sterkste.
sneon 11 april
21:49

LWD Basket wint yn eigen hûs fan Kangoeroes Basket Mechelen

LWD Basket hat sneontejûn in oertsjûgjende oerwinning boekt op Kangoeroes Basket Mechelen.
Yn it Kalverdijkje waard it 98-78 foar de ploech fan coach Vincent van Sliedregt.
Shakeal Pryce wie mei 21 punten de grutte man oan de kant fan de Ljouwerters.
21:31

Njoggende plak foar Sebastian Reitsma op WK iisspeedway yn Thialf

Sebastian Reitsma
© Martin de Jong Fotografie
Sebastian Reitsma fan De Westhoek is der yn Thialf net yn slagge om de finale fan it WK iisspeedway te heljen.
De nûmer tsien fan it kampioenskip en winner fan de Roelof Thijs Bokaal wûn ien heat, waard in kear twadde en twa kear tredde.
Troch in nulskoare yn de lêste heat kaam Reitsma tekoart om him te pleatsen foar de 'last chance heat', wêrtroch't in plak yn de finale ek net mear helber wie.
Jasper Iwema wie de bêste Nederlanner op it sânde plak. Niclas Kallin Svensson pakte de winst yn de grutte finale en is ek wrâldkampioen.
Moarn komt Reitsma noch yn aksje by de lannewedstriid, hy foarmet dan in team mei Iwema en Leon Kramer.
21:19

Dream LDODK bliuwt yn libben, Gordyksters winne twadde heale finale yn Bennekom

Sabine Verhoef
© Dijks Media
Kuorbalklup LDODK fan De Gordyk spilet in tredde, allesbeslissende wedstriid yn de heale finale fan de lânstitel. Sneon wûn it yn Bennekom op besite by DVO mei 20-22.
It wie folop sfear yn de útferkochte sporthal fan Bennekom. LDODK moast winne om yn de race te bliuwen foar in plak foar de finale yn Ahoy.
De kuorballers fan De Gordyk ferlearen de earste wedstriid en moasten dat rjochtsette om net útskeakele te wurden.
De earste helte gie it lykop, dêr sil benammen LDODK fan baald ha. De Friezen misten fjouwer strafballen. Dêrmei wie de stân 8-8.
Nei it skoft namen Sabine Verhoef (5 goals), Ran Faber en Julian Frieswijk (4 goals) de klup by de hân en wûn LDODK. Dêrtroch bliuwt de dream fan de lânstitel bestean, LDODK wûn dy noch nea.
Tiisdei is de beslissende tredde wedstriid op De Gordyk. Wa't wint, mei sneon 18 april nei de finale yn Ahoy.