Hûnderten supporters fiere feest mei fjoerwurk by Cambuurstadion

Hûnderten Cambuursupporters ha feest fierd op it Cambuurplein. Foar it earst sûnt Cambuur kampioen waard, spilen de Ljouwerters wer in thúswedstriid. Sa'n trije kertier nei it ein fan de wedstriid rûn it plein wer leech.
© Kappers Media
© Kappers Media
© Kappers Media
© Kappers Media
© Kappers Media
Spilers kamen koart it balkon op. Se ha sein dat se bliid wiene mei de supporters, en dat se fuort gean moasten.
Earder op de jûn wiene der ek al supporters bûten it stadion. Doe kamen der berjochten fan minsken op it plein, dy't seine dat der in protte plysjes wiene. Der soe drank en fjoerwurk yn beslach naam wêze. Minsken dy't nei de wedstriid op it plein wiene, sizze dat der net in protte plysjes te sjen wiene.
Cambuur koe de wedstriid tsjin De Graafschap net winne. Dat wie ek net nedich, de Ljouwerters wiene al kampioen fan de earste difyzje.
Doe't Cambuur promovearre stie it op it Cambuurplein ek swart fan de minsken. Doe grypten plysjes net yn. "Een diender met bonnenboekje is geen oplossing", sei boargemaster Buma doe.
Sneon wurde de mannen fan SC Cambuur huldige, omdat se kampioen wurden binne yn de earste difyzje. Mei helikopters fleane se dan oer Ljouwert. Dat is fan 13:00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, op omropfryslan.nl, en yn de app fan Omrop Fryslân.
Mear nijs oer Cambuur is te finen op ús dossierside oer SC Cambuur.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.