De oarloch is mar 1,5 oere fleanen: Ljouwerter fleanbasis hieltyd wichtiger

Luitenant-generaal André Steur by Frisian Flag © Omrop Fryslân
De kâns is grut dat Nederlân yn fiif jier in oarloch ynlutsen wurdt. Loftmachtbaas André Steur hat net in alhiel posityf ferhaal, mar sjoen alle ûntwikkelingen yn de wrâld al in realistyske.
It is it meast gefaarlike senario dêr't se by de loftmacht rekken mei hâlde. "Daar moeten we op voorbereid zijn", seit Steur. It is de reden dat der yn de takomst mear oefene wurdt boppe Noard-Nederlân en de Noardsee. "Ik voorzie dat er meer internationaal getraind gaat worden."
De basis yn Ljouwert spilet dêryn in wichtige rol, benammen om't it tichtby it oefengebiet leit, seit luitenant-generaal André Steur: "Het gaat om een uniek oefengebied. Omdat het zo groot is kunnen we daar veel scenario's trainen."
De prioriteiten fan de NAVO feroaren de ôfrûne tiid. Loftmachten yn de ferdrachsorganisaasje moatte sneller paraat stean. "Dat doen wij natuurlijk al heel snel", sa seit Steur. "Je zult alleen zien dat luchtmachten veelzijdiger ingezet gaan worden binnen Europa."
Dat betsjut dat in fleanbasis by steat wêze moat om tastellen út oare lannen te helpen by ûnderhâld en bytanken. "Dat zijn we de afgelopen dertig jaar kwijtgeraakt. Daar willen we weer naar toe. Dat we overal in Europa kunnen opereren en trainen, dus ook in Nederland." Dat is neffens Steur in rol dy't de fleanbasis Ljouwert goed past.

Nayf wurden

Ekstra oefenje betsjut ek mear oerlêst foar omwenners. "Ik begrijp altijd dat mensen zich storen aan het geluid. Ik hoop alleen ook dat mensen zich de vraag stellen: waarom is dat geluid er en wat zijn de mensen van de luchtmacht aan het doen?"
Steur fynt dat we yn Nederlân nayf binne: "We hebben bedacht dat we in een maakbare wereld leven en dat vrijheid stiekem vanzelfsprekend is geworden. Ik denk dat we daar echt vanaf moeten en gewis moeten zijn van dreigingen die er zijn in de wereld en wat die voor ons kunnen betekenen."

De oarloch is mar oardel oere fleanen

Steur en oare militêren sizze it faker: de oarloch is mar oardel oere fleanen. "In de Baltische staten zeggen ze dat we al in oorlog zijn. Daar moeten wij ook klaar voor zijn."
Foarsitter Geert Verf fan doarpsbelang Marsum is lid fan de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert. Hy wit dat der mear oefene wurde sil nei de takomst ta. "Wy hoopje allinnich dat se mear fleane sille út it eigen lân wei. Lykas no by Frisian Flag it gefal is. De Denen, Frânsen en Britten dogge dat."
Verf wol fierder dat it loftrom boppe Nederlân net troch alle lannen brûkt wurdt: "De Belgen fleane aansens ek mei de F-35. We moatte foarkomme dat dy hjir ek boppe lân komme te oefenjen."
Der wurdt folop ynset om de oerlêst safolle as mooglik te beheinen. Dêrfoar wurdt oefene boppe de Noardsee. "Boven zee oefenen dient twee doelen", sa seit Steur. "We kunnen er hard en laag vliegen en mogen materialen afwerpen om vijandelijke systemen te ontregelen. Plus je kunt geluid maken zonder dat mensen er last van hebben."
Dochs bliuwt oefenjen boppe lân altyd needsaaklik: "Niet alles speelt zich af boven water."

Traind op paad

It wurdt allinnich hieltyd dreger om goed oefenje te kinnen boppe lân. Dêr sit Steur oer yn: "In algemene zin maak ik me zorgen over het harnas waar wij in zitten in Nederland. De regelgeving wordt steeds strenger en dat maakt het lastiger om binnen Nederland te opereren."
Hy hopet dat der omtinken bliuwt foar de rol fan definsje en it beslach dat sy soms nimme op de iepenbiere romte troch it meitsjen fan lûd en de útstjit fan stikstof. "Wij moeten onze mannen en vrouwen getraind op pad sturen zodat zij hun belangrijke werk kunnen doen."
Hy wol der noch oan taheakje: "We hebben bepaalde wetten en kaders. Daar houden we ons ook aan. Maar die zijn wel zeer krap."
Ien fan de grutste problemen bliuwt lykwols it finen fan goed personiel. Koartlyn wie der in grutte dei om nij personiel oan te lûken op de fleanbasis Ljouwert. Dêr kamen in 300 studinten op ôf.
It kin allinnich de grutte fraach net ynfolje, wit ek de loftmachtkommandant: "Het is bij ons extra problematisch. We zijn maar 80 procent gevuld en we groeien. We moeten dus echt nadenken over hoe we kunnen werken met automatisering en ook de focus leggen op werving."

Lestich konkurrearje

Definsje kin allinnich de konkurrinsje mei it bedriuwslibben dreech oan. Dêr wurdt better betelle. Bedriuwen lykas KLM winne aktyf personiel. It giet dan om fleaners mar ek om technysk personiel. "Om specialisten te houden kun je denken aan behoudpremies", seit Steur.
Luitenant-generaal Steur wie earder op besite by de oefening Frisian Flag © Omrop Fryslân
"Niet voor iedereen is geld de reden. Er zijn toch ook mensen die vinden dat ze iets willen doen voor hun land. Die willen zorgen voor een stabiele en veilige wereld."
Dat spilet no, nei de Russyske ynfal yn Oekraïne, wer mear as yn it ferline. Al fernimt Steur net dat der in omslach is yn it tinken oer feiligens. "Dat is mij nog te vluchtig. Na de inval in Oekraïne zag je dat wel. De geluidsklachten gingen omlaag. Maar de perceptie hier is dat het toch ver weg is, we zijn snel overgegaan op de orde van de dag."

Net ryk rekkenje

Steur fynt dat it krúsjaal is dat Nederlanners neitinke oer wat der bart yn de wrâld. It is de lêste jierren in stik ûnfeiliger wurden.
"Het is niet alleen Oekraïne waar het nu gevaarlijk is. Ook het Midden-Oosten, de Balkan, Afrika en de Indo-Pacific (red. It gebiet om de Súd-Sineeks See hinne), Indonesië, Australië en ek Japan en de Korea's). We moeten ons niet rijk rekenen."
De situaasje yn de wrâld mei Steur dan net posityf stimme, de steat fan de loftmacht docht dat wol. "Over vijf jaar is de hele luchtmacht in een nieuw jasje gestoken. Dan zijn echt alle systemen vernieuwd. We moeten nu alleen nadenken over hoe wij, als er nu een beroep op ons wordt gedaan, dat langere tijd vol kunnen houden."
Steur doelt dêrmei op alle besunigingen. "Alles is flinterdun. De voorraden, de hele distributieketen. Ik zou het goed vinden nu om even te consolideren en zo de organisatie rustig uit te bouwen zodat het behapbaar blijft."
De fleanbasis Ljouwert spilet dêryn in wichtige rol, sa lit Steur witte. Dat bewiist in oefening as Frisian Flag. "Dat is nu belangrijker dan ooit.'

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.