"It sil wêze": dit wie de premjêre fan musical De Tocht

© Bruun Kuijt
Nei mear as 25 jier wachtsjen op in Alvestêdetocht wie it sneintemiddei dan lang om let safier: it gie oan! Alteast, yn it Friso Theater yn Ljouwert dan by de premjêre fan musical De Tocht.
Yn totaal binne der al mear as 85.000 kaarten ferkocht foar de foarstelling. Sa'n 1.400 útnûge minsken hienen de eare om de muzikale tocht as earste mei te meitsjen.
Pommeranten as Henk Kroes, Syb van der Ploeg, Evert ten Napel, Erben Wennemars en Anneke Douma wienen by de premjêre:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.