It keatsbalmeitsjen komt nei 30 jier stadichoan yn nije hannen
Alle 150 keatsbaltsjes foar de PC binne makke troch Keatsatelier Scheepvaart yn Makkum. In flinke put, hielendal no't Jan Scheepvaart mear op jierren komt. Mar aldergeloks krijt er help fan syn opfolger.
De 72-jierrige Scheepvaart wie ea ierdewurkskilder. "Mar ik kaam sûnder wurk te sitten. Mar myn broer makke wolris wat baltsjes. Sa is it begûn. Wy hawwe nei it bûnsburo west om ús yn te skriuwen. Sy wiene wiis mei ús, sadwaande krige ik in kontrakt." Hy mocht 1.700 ballen it jier produsearje.
Yn it atelier wurde keatswanten, fjildlinen en proppen makke, mar it wurkplak is benammen bekend troch de keatsbaltsjes. Earder waarden de baltjes mei kowehier opfolle, mar tsjintwurdich wurdt dêr alpakahier foar brûkt.
Wa't hjoed-de-dei in keatsbal nedich hat, komt eins altyd by Scheepvaart terjochte. Mei syn frou Margreet fabrisearret er al jierren keatsballen. Sy binne de iennige professionals. Dat is ek net sa gek, want it is 'swier ûnderbetelle wurk', sa't hy it sels neamt.
De minsken tinke: ach, sa'n baltsje. Mar dat is al mei al wol in goed oere wurk.
De tiid krekt foar de PC is drok. Der moatte 150 baltsjes mei de hân makke wurde. "En it oare wurk is der ek noch. Je hawwe allegearre merkepartijen, de Freule is der ek noch. It is wat ûnbegryp. De minsken tinke: ach, sa'n baltsje. Mar dat is al mei al wol in goed oere wurk."
Der hawwe wolris minsken del west dy't it baltjesmeitsjen leare woene, mar in grut sukses hat it nea west. "Binnen 14 dagen hast se noait wer sjoen."
Yn al dy 30 jier hat Scheepvaart tûzenen ballen makke, mar no komt dochs it momint dat hy it wat rêstiger oan docht. Aldergeloks fynt soan Michiel Scheepvaart it baltsjemeitsjen like moai. "Hy sit der al by, wy hawwe der in VOF fan makke."
It plan is úteinlik dat soan Michiel it oernimt. "Stikemwei, dat is wol de bedoeling ja." Hy waard fansels oanstutsen troch syn âldelju. "As jonkje fan in jier as tsien sei ik al: ik wol letter ek ballen meitsje."
In echt ambacht
En wat Michiel der dan sa moai oan fynt? "It ambacht, lekker mei de hannen dwaande wêze. En ik bin in leafhawwer fan de sport. Ik haw sels ek altyd fanatyk keatst. Ik bin in leafhawwer fan it spultsje." Yn 2011 pakte hy sels in tredde priis op de PC.
Dochs is it ek foar him gjin full time job. "Ik kombinearje it: fan moandei oant en mei woansdei wurkje ik yn de jachtseilmakkerij. De oare dagen bin ik hjir."
Heit Scheepvaart is dêr mar wat bliid mei. "Geweldich. Ik soe ek net mear sûnder him kinne. Dan hâld ik der fuort mei op, dan koe ik it dochs net oan. Salang't ik noch kin, gean ik noch troch."
En as Jan Scheepvaart úteinlik it byltsje der wol by delleit? "Dan moat ik sels bealgje. Mar dat doch ik mei alle leafde", beslút Michiel.