Stienmurd, jakhals, wolf: "Kinst se wol tsjinhâlde wolle, mar dat sil dy net slagje"

Skiep fan Jehan Bouma © Omrop Fryslân
Hoe geane we yn Fryslân om mei bisten dêr't we fan fine dat se net passe yn ús lânskip? Sa is de greidefûgel wolkom, mar de wolf net. Programmamakker Albert Jensma ûndersiket yn de FryslânDOK 'Stienmurd, jakhals, wolf' de nije natuer yn in feroarjend lânskip. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Troch klimaatferoaring en in oare wize fan lânbou en wetterbehear feroaret it lânskip. Bisten ferdwine en nije soarten komme der foar werom.
De greidefûgel, dy't yn Fryslân altyd in goed plak hie om te brieden, kin op it moderne boerelân gjin kant mear út en ferdwynt yn rap tempo út byld. Ek al stekke provinsje Fryslân en frijwilligers in soad jild en tiid yn agrarysk natuerbehear, it giet striemin mei de greidefûgels. Elk jier komme der minder fan.
Beskerming fan wat der noch oer is, is hurd nedich. Dêrom wurde predatoaren as de foks, wylde katten en krieën op plakken dêr't greidefûgels noch briede fûl bejage. Ek de stienmurd mei dit jier yn belangrike briedgebieten fongen en deamakke wurde.
In soad ljippepiken wurde dea meand of ûnderploege © Omrop Fryslân
En no't de wolf himsels útnûge hat om in bestean yn Fryslân op te bouwen, driget ek nochris it fee út it lan te ferdwinen. Lytsere feeboeren sjogge it swerk driuwen en tinke om op te hâlden mei har hobby. Se ha genôch ferhalen heard dat it gjin dwaan is om yn it lân rinnend fee te beskermjen.
Op guon plakken doare minsken jûns net iens mear de doar út omdat der in wolf yn 'e buert sjoen is.
Sake Roodbergen hat noed oer de fûgels © Omrop Fryslân
Alhoewol't de oarsaak fan it weromrinnen fan de greidefûgel net troch de rôfbisten komt, fynt Sake Roodbergen it prima dat der jacht op makke wurdt. De âld-foarsitter fan it Bûn Fryske Fûgelwachten skreau in soad oer de natuer en it aaisykjen.

Stil yn eardere paradys

Hy wurdt mislik as er lâns syn âlde neisoarchgebiet by Akkrum fytst. Yn de fyftiger en sechtiger jierren tilde it dêr op fan de ljippen, skriezen, tjirken, ljurken, mar dat is net mear sa.
Der sit no noch ien strânljip yn in daam te brieden, mar fierder is it lân leech. Yn it eardere paradys mei hûnderten greidefûgels is it no stil.
Harrie Bosma hie twa jier lyn al in goudjakhals foar syn wyldkamera © Omrop Fryslân
"Dit komt ús gewoan oer", seit Harrie Bosma fan de Zoogdierenvereniging. Troch klimaatferoaring, in leech wetterpeil en moderne lânbou feroaret de biotoop en komme oare soarten hjirhinne. De natuer yn Fryslân is poergeskikt foar rôfbisten as de foks, de jakhals en de wolf.
"Kinst se wol tsjinhâlde wolle, mar dat sil dy net slagje." En ja, it is sneu as de jakhals en de wolf skiep oanfalle en oanfrette, mar op de ien of oare manier sil dêr in beskermjende oplossing foar komme moatte.
Hy docht ûndersyk nei it gedrach fan wylde sûchdieren yn it fjild, lykas de foks, de brune rôt en stienmurd. Se komme allegear ta libben op syn laptop, yn filmkes dy't er nachts mei syn wyldkamera's opnommen hat. Sa krijt er in idee wat der allegear yn it fjild omspûket.
Goudjakhals foar de wyldkamera © Omrop Fryslân
Ferline jier stie der yn ien kear samar in jakhals op syn kamerabylden. Dat wie skrikken, mar it wie ek te ferwachtsjen. "De natuer en it lânskip feroarje, de bisten komme mei", seit er.
Hy fynt it earder nijsgjirrich as bedriigjend om te sjen hoe't de natuer feroaret. En benaudens foar de komst fan grutte rôfbisten fynt er oerdreaun. Hy sjocht it as in moaie nije oanwinst.

Grize oer de grouwe

Mar as er foto's fan in troch in wolf út elkoar skuord laam sjocht, giet him de grize ek oer de grouwe, mar dat wol noch net sizze dat je de wolf dan mar útrûgje moatte.
It ôfsjitten fan in inkelde wolf, jout neat, seit er. Der komme trije foar werom. En it mei ek net. "We moatte leare te libjen mei dizze nije situaasje en dan mar útfine hoe't we de skea ûnder it fee sa goed mooglik beheine kinne."
Marieke van Schuppen is ekologysk skieppehoeder © Omrop Fryslân
Under skieppehâlders is de noed grut, nei't tal fan har bisten oanfallen binne. Se freegje har ôf oft dy nije natuer akseptearre wurde moat. Marieke van Schuppen fan Gersleat is ekologysk skieppehoeder en weidet har 800 skiep op meardere plakken yn Fryslân. In kear hie se skiep by Teridzert rinnen, in gebiet dêr't de wolf sjoen is. "Ik ga er dan wel een keer extra heen om te kijken. We hebben ze weggehaald, want het is een risicogebied."
De eardere boskwachter fynt de wolf in prachtich dier. "Ik had op mijn kamer vroeger een grote afbeelding van een wolf geschilderd, maar de wolf past niet in Nederland in 2023."
Se is poer as se sjocht hoe't mei skieppehâlders omgien wurdt. Yn oare lannen yn Europa is der wol behear, mar dat wol Nederlân net. "De politiek in Den Haag heeft helemaal geen noodzaak om dat snel uit te zoeken of dat kan. We voelen ons in de steek gelaten."
Jehan Bouma wol in stek om it greidegebiet om de wolf te kearen © Omrop Fryslân
Jehan Bouma fan Aldeboarn makket him al twa jier sterk foar in grut en heech stek om it greidegebiet fan Fryslân. Doe't er mei it plan kaam, waard sein dat der binnen fiif jier 50 oant 150 wolven wêze soenen.

Gjin fee mear bûten

"We binne no twa jier fierder en der binne al 50 wolven. De wolf is in gamechanger yn it hiele natuerferhaal no't de feilichheid fan de minsken en bisten bedrige wurdt. Der kin aanst gjin fee mear bûten."
In stek om it Fryske greidefûgelgebiet hinne is neffens him de iennige mooglikheid om de wolf te kearen en dêrmei it fee yn it lân te hâlden. Hy hat argewaasje fan minsken dy't in ideaalbyld fan de natuer hawwe. "Dy ha eachkleppen op. De wolf past net yn it greidefûgelgebiet. Ik hoopje dat de polityk de ballen hat om dat te ûnderkennen en maatregels nimt. In inkelde wolf ôfsjitte dêr rêdst it net mei."
Ewout Schröder merkt de nêsten oan en jaget op rôfbisten © Omrop Fryslân
Ewout Schröder is mozaykbehearder. Foar in tal boeren tusken Jirnsum en de Snitser Mar hâldt er alle greidefûgels yn 'e gaten en soarget derfoar dat se yn alle rêst har lechsels útbriede kinne en har jongen grutbringe kinne.
Hy oerleit mei boeren oft it net better is te wachtsjen mei it ynsiedzjen fan mais as der in grut tal nêsten yn it lân lizze. Ek besiket er om de predaasjedruk yn syn gebiet sa leech mooglik te hâlden. Alles dat oan rôfbisten bejage wurde mei en foar syn gewearloop komt, giet dea.
En as de wolf him meldt, stiet in noch swierder gewear klear yn syn klûs.
Dokumintêremakker Albert Jensma
FryslânDOK 'Stienmurd, jakhals, wolf'
Sneon 3 juny NPO2 15.25 oere (werhelling snein 13.25 oere)
Snein 4 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.