In bom lei de synagoge yn pún, mar ek it hûs fan Sally Hes
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan de famylje Hes fan de Schritsen.
Hy wurdt yn 1908 berne as âldste soan fan in foargonger en godstjinstlearaar: Sally Hes. Uteinlik giet er itselde dwaan as syn heit, mar dan yn Harns. Op 13 maart 1938 wurdt er dêr as learaar fan de Joadske gemeente ynstallearre.
Koart nei it barren trout er mei Anna Rosa van Gelder en yn 1939 komt dochterke Mathilde Henriëtte derby. De húshâlding komt yn de tsjinstwenning oan de Raamstraat te wenjen, neist de Harnzer synagoge.
Sally Hes is in tûzenpoat: hy is chazan (foarsjonger), rebbe (learaar) en sjouchet (ritueel slachter), mar sit ek as sekretaris yn de tsjerkeried. Hy is in echte fertsjintwurdiger fan de Joadske gemeente. Op de skoalfrije woansdeitemiddeis jout er bern les yn de Joadske skiednis en de ferhalen fan de Tenach en de Talmoed.
Bombardemint op de Schritsen
De oarloch smyt it libben lykwols ûndersteboppen. Op 5 novimber 1941 lit in Ingelske bommewerper in bom boppen Harns falle. De Schritsen yn Harns feroaret yn in ravaazje.
De skea is grut, 13 minsken komme om it libben. De synagoge en de tsjinstwenning fan Sally Hes binne swier skansearre.
De húshâlding moat ferhúzje en giet op Schritsen 10 wenjen. Mar lang ferbliuwe se dêr net. Op 20 augustus 1942 is Sally Hes ien fan de earste acht Joadske manlju út Harns dy't nei in wurkkamp moat. In pear moannen letter wurde ek syn frou en dochter nei Westerbork oerbrocht, ûnder it mom fan 'gezinshereniging.'
Deportaasje nei Auschwitz folget. Anna Rosa en Mathilde Henriëtte wurde dêr yn novimber fermoarde, fuort nei oankomst. Sally Hes libbet noch in skoftke yn it konsintraasjekamp, mar ferstjert úteinlik op âldjiersdei 1942 oan in ynfeksjesykte.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.