Skylger polityk wol no ek mei mediation it betrouwen werombringe

Yn de ried van Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De gemeenteried fan Skylge hat ynstimd mei maatregels om it betrouwen binnen de polityk op it eilân werom te bringen. Mei mediation, coaching en evaluaasje moatte de fersteurde ferhâldingen oanpakt wurde.
De riedsleden wolle mei-inoar yn petear ûnder lieding fan Pauline Krikke (âld-boargemaster fan Den Haag), dy't earder oanlutsen wie as ûnôfhinklik foarsitter. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat yn mediation om de ferhâldingen wer gewoan en profesjoneel te krijen.
Yn jannewaris sei in mearderheid fan de ried it betrouwen yn de boargemaster op. De oanlieding wie it evenemintebelied, mar der spile fan alles. Letter folge in ûndersyk nei de situaasje en ek de kommissaris fan de Kening liet him út oer it geharrewar.

Prate, prate, prate

Boargemaster Caroline van de Pol moat no mei in coach oan de gong om har posysje te ferstevigjen. En de ried en boargemaster moatte ek yn mediation, ûnder lieding fan in persoan dy't troch de boargemaster en de fraksjefoarsitters keazen wurdt.
Om op dizze punten oan te trúnjen, is in moasje oannaam. De bedoeling is dat ein dit jier de bestjoerlike ferhâldingen wer goed binne. Tuskentroch moat der evaluearre wurde en ein novimber folget in iepenbier debat oer de útkomsten fan de trajekten dêr't no foar keazen is.
Ferline moanne lieten koälysjepartijen VVD en Pleatslik Belang witte mei te wurkjen oan in bemiddelingsproses, dat de partijen wer byinoar bringe moat. Earder seine dizze twa koälysjepartijen it betrouwen yn Van de Pol op. Brok is kritysk op de ried en it kolleezje, mar fynt wol dat Van de Pol sitten bliuwe mei.
It plan om Anco Goldhoorn as tredde wethâlder oan te stelle om it kolleezje te fersterkjen, is mei it oannimmen fan de moasje net fan 'e baan.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.