Tall Ships Races binne fan start yn Deenske Esbjerg

It Deenske opliedingsskip Georg Stage © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De Tall Ships Races binne úteinset yn Denemarken. Noch net de wedstriid sels, mar wol de aktiviteiten yn oanrin nei it startskot fan de wedstriid. Yn de haven fan Esbjerg lizze de kommende dagen 34 skippen, dy't foar elk frij te besjen binne.
Esbjerg leit oan de súdwestlike kant fan Denemarken. It is in stêd mei sa'n 100.000 ynwenners en in grutte yndustriële haven. Hiel wat oars as de haven fan Harns, dat takom wike de rol fan finishplak op him nimme sil.
De Deenske stêd is gjin ûnbekende op de rûte fan de Tall Ships Races: ek yn 1993, 2001, 2014 en 2018 wiene se in ûnderdiel fan de sylwedstriid. Yn dy lêste twa edysjes yn tandem mei Harns.

As in diselmotor

De Denen moatte de earste dei fan de festiviteiten noch wol wat op gong komme; lykas in diselmotor. Nei it offisjele startskot foar it evenemint om 15.00 oere druppelje de earste leafhawwers de grutte haven binnen. Se meie oan board sjen, en yn de kunde komme mei in grut ferskaat oan skippen en bemanningsleden.
Fan de 34 skippen yn Esbjerg komme der mar leafst sân út Nederlân. Dêrmei is Nederlân haadleveransier fan it evenemint. Oare grutte spilers binne Denemarken sels en Poalen (elk seis).

Fryske besite

De Deenske en Fryske organisaasje hawwe waarme bannen, en dus is it ek net sa frjemd dat der in delegaasje út Fryslân op besite is yn Esbjerg. Ien fan harren is de havenmaster fan Harns, Frans Papp.
De presintaasje fan tallships yn Esbjerg © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Papp is yn Denemarken om de kapteins fan de dielnimmende skippen alfêst by te praten oer de Harnzer haven, want dy is fan in hiel oar kaliber as dy yn Esbjerg.

Ferskillende útdagings

Dêr't yn Denemarken de útdaging leit yn de hurde wyn, dy't pal fan see op de haven stean kin, leit de útdaging yn Harns yn de presizens fan de skippen en de haventsjinst.
De skippen moatte yn in bepaalde folchoarder en op in spesifyk momint de haven ynfarre, oars slagget it allegearre net. In sekuer putsje, mar Papp draait der syn hân net foar om. Hy hat it faker dien, en de haventsjinst is al wiken dwaande mei de tariedings. It is no allinnich noch mar in kwestje fan it boadskip goed oerbringe.
De wedstriden fan de Tall Ships Races folgje kin fan no snein ôf op dizze webside.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.