Friezen helpe by weropbou Oekraïne: "De Russen hawwe hjir aardich húsholden"

De ravaazje yn Irpin © ANP
De oarloch yn Oekraïne is noch net foarby. Dochs wurdt yn de stêd Irpin alwer begûn mei de weropbou. Sa hat in groep fan sân Nederlanners, ûnder wa twa Friezen, de ôfrûne wike meiholpen by it opknappen fan in dak.
De helpaksje is in inisjatyf fan Gerben Huisman. Hy hat yn april yn Oekraïne west en sûnt dy tiid is er dwaande om minsken te sammeljen dy't helpe wolle yn it lân. De earste groep minsken hat der dizze wike west.

Stêd yn pún

Eelke Vellema fan Koatstertille is ien fan harren. By oankomst yn Irpin seach Vellema in stêd yn pún. "Der is hjir aardich húsholden troch de Russen. Ik tink dat 70 persint fan alle huzen skansearre is. De weropbou sil wol efkes duorje."
De groep Nederlanners hat yn in wike tiid in nij dak op it hûs fan de koster fan it tsjerke pleatst. "It hout lei allegear klear en de spikers en de skroeven wienen ek foar elkoar, dus we koenen fuort los. It wie in moarntiid slope en twaenheale dei opbouwe."
De opbou is in hiele put © Eelke Vellema
Vellema koe de groep Nederlanners foar de reis net, mar yn koarte tiid hawwe se in hechte bân opboud. "Dat wie hiel bysûnder. Je hawwe itselde doel. Fan oere ien ôf wie de bân al goed. Dan ferrint de gearwurking ek hiel noflik."

Tankberens

De Oekraïners binne hiel tankber dat de groep helpt by de weropbou, mar se fernuverje harren ek wol in bytsje oer de aksje. "Se fine it hiel bysûnder dat der spesjaal Nederlanners nei Irpin komme, wylst de measte Oekraïners yn it westen, dêr't kwealik oarloch west hat, hjir net doarre te kommen."
Foardat de Russen hjir wer steane mei harren tanks, kinst alwer fuort wêze
Foar Vellema is de oarloch gjin reden om net te helpen
De oarloch is noch folop oan de gong. Dochs wie it foar Vellema net in reden om net nei Oekraïne ôf te reizgjen. "De Russen sitte 650 kilometer fierderop. De bommen dy't hjir hinne komme, wurde óf ûnderskept óf it loftalaarm giet ôf. Dan kinne je skûlje yn de skûlkelder. En foardat de Russen hjir wer steane mei harren tanks, kinst alwer fuort wêze."
In buske op de kop yn Irpin © Eelke Vellema
It is de bedoeling dat der eltse moanne in nije groep nei Irpin komt om te helpen, want der is wurk genôch. "Guon wenten lizze hielendal plat, dêr dogge we neat mear oan. Mar der binne noch in protte wenten dy't restaurearre wurde moatte."
De groep mei Vellema giet freed wer nei hûs ta. Hy slút net út dat er nochris weromkomt om te helpen by de weropbou.
Organisator Gerben Huisman is dwaande om mear groepen mei Nederlanners nei Irpin te krijen. Wa't mear ynformaasje wol, kin maile nei francisgerben@hotmail.com.
Eelke Vellema út Irpin wei

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.