Fan Oekraïne nei Fryslân: "We wienen de lêste minsken dy't mei koenen"
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. De kommende tiid docht se by Omrop Fryslân ferslach fan har libben. Diel 1: de komst nei Fryslân.
"De situaasje waard hieltyd serieuzer en it loftalarm klonk hieltyd faker. De stêden yn de buert fan ús waarden bombardearre en minsken begûnen te flechtsjen. Sneontemoarn 5 maart sei ús mem dat ik myn bagaazje pakke moast en my tariede moast op in reis fia Poalen nei Beetstersweach.
Us heit wie dêr al in wike. Doe't de oarloch begûn, wie hy net mear yn Oekraïne om't hy wurk oan it sykjen wie in oare Europeeske lannen.
Wy ferlieten Tsjerkasy, dêr't ik wenne mei myn âlders en myn âldere broer fan 27 jier âld. Foar de oarloch wie myn libben folle mei wille en gelok: ik wie in soad by myn freonen en klasgenoaten. Ik bin earstejiersstudint by de Kyiv National University dêr't ik International Management studearje. Ik lês graach boeken en lústerje in soad muzyk.
We wienen de lêste minsken dy't mei koenen.
Jûns kamen wy by it treinstasjon en der wienen kloften minsken dy't dêr wachten op de trein. Elkenien begûn mekoar te triuwen. Se goaiden de bagaazje tsjin de trein oan. Ik bin doe tsjin ien fan de wagons treaun troch in man. Ik koe net iens sykhelje of gewoan bewege.
De lêsten
Gelokkich wie der doe ien dy't mem en my holpen hat om yn de trein te kommen. We wienen de lêste minsken dy't mei koene.
It wie der ek hiel smoarch, minsken tochten net om elkoar en somtiden begûnen de froulju sels mei elkoar te fjochtsjen.
De measte minsken yn de trein wienen bern mei harren mem. It wie dreech foar de memmen om mei dizze situaasje om te gean om't de bern sawat allegear ûnder de fjouwer jier wienen. Se wienen konstant oan it skriemen of gûlen. Foar ús wie it dêr net mooglik om te sliepen of in lyts bytsje te rêsten.
Tolve oeren stean
Us lokkichste momint fan de ôfrûne twa dagen wie doe't ús mem en ik lang om let sitte koenen. We stapten oer op in oare trein. Mem en ik hienen al tolve oeren stien mei al ús tassen, mar yn dy trein krigen we de kâns om te sitten.
Yn earste ynstânsje waard tsjin ús sein dat de rit mar trije oeren duorje soe, mar dat wie net sa. De trein stie meastentiids trije oant fjouwer oeren stil en dan koenen we mar sa'n tritich minuten ride.
Der wienen altyd minsken dy't mear pakten as wat se nedich hienen, om't it fergees wie. Dêrom koe net elkenien iten krije en wie dat wer reden om te fjochtsjen.
By de stasjons wienen in soad frijwilligers dy't ús iten, drinken en opladers joegen. Mar der wienen altyd minsken dy't mear pakten as wat se nedich hienen, om't it fergees wie. Dêrom koe net elkenien iten krije en dat wie dan wer reden om te fjochtsjen.
Lang om let yn Poalen
Moandeitemoarn 7 maart om 03.00 oere moarns kamen we lang om let oan yn Poalen op it treinstasjon fan Przemysl. Hjir troffen we freonen fan de frijwilliger Alexandra dy't ús de hiele reis al holpen hie. Se brochten ús nei de stêd Torun. De froulju dy't ús brochten wienen hiel leaf en fertelden ús allegear ynteressante ferhalen. Allinnich wienen mem en ik sa wurch dat we de helte fan de reis slept ha.
Seis oeren letter kamen we oan by it hûs dêr't we efkes bliuwe koenen. It hûs is fan de heit fan Alexandra. Sy wienen der altyd as wy help nedich hienen.
Grappige ferhalen
Wy binne twa dagen yn dit hûs bleaun. De heit fan de frijwilliger hie in ekskurzje foar ús makke. Hy liet ús de populêrste plakken fan de stêd sjen en fertelde ús oer de histoarje. Ek makke hy tradisjoneel iten foar ús en fertelde ús grappige ferhalen oer syn famylje.
Woansdei 9 maart begûn moarnsbetiid it lêste stik fan ús reis nei Beetstersweach. Famylje fan Alexandra holp ús om nei Nederlân te kommen mei de auto."
Benijd nei it twadde diel fan it deiboek fan Dariia? Dat publisearje we takom freed.