Ein fan dit bloch

We binne oan 'e ein fan dit bloch. De opkomstsifers fan 19.00 oere rinne stadichoan binnen en dy sifers kinst fine yn ús nije ferkiezingsbloch. Dêr hâlde we dy ek op 'e hichte fan oar ferkiezingsnijs.
Us farske ferkiezingsbloch fynst ek fia ûndersteande link:

In rûntsje lâns de stimburo's yn De Fryske Marren

Ek yn De Fryske Marren wurdt hjoed drok stimd yn de ferskate stimlokalen. Radio Spannenburg gie efkes del by in tal lokaasjes.

Nije opkomstsifers fan trije Waadeilannen

Yntusken binne der nije opkomstsifers fan Skylge, Flylân en Skiermûntseach bekend. Op Skylge ha krekt mear as de helte fan de minsken mei stimrjocht stimd: 50,1%. Dat binne 2.118 minsken.
Op Flylân ha 529 minsken nei de stimbus west. Dat komt del op 50,7% fan de minsken mei stimrjocht.
Op Skiermûntseach leit it persintaazje noch heger: 63,3%. Dat binne 523 minsken.

Yn Dantumadiel kinst op in bysûndere manier te stimmen

© BTBmedia
© BTBmedia
Om de opkomst by de ferkiezingen te ferheegjen, set de gemeente Dantumadiel in opfallend ferfiermiddel yn: in grutte wite limûsine.
Ynwenners wurde thús ophelle en nei it stimmen wer werombrocht. En dat sjocht der sa út:

Opkomstpersintaazje Amelân it heechst

Mear as 100.000 Friezen hawwe stimd © Jerfi Pompier / NoorderNieuws
De measte Fryske gemeenten hawwe in nije rige opkomstsifers bekend makke. Yn de gemeente Amelân hawwe oant no ta de measte minsken mei stimrjocht stimd: 44,6%.
Fan guon gemeenten binne de sifers noch net bekend.
Krekt wat mear as 100.000 Friezen ha no stimd.

Forum voor Democratie Achtkarspelen net oanwêzich op útslaggejûn

It Forum voor Democratie Achtkarspelen is jûn ôfwêzich by de mienskiplike ferkiezingsjûn yn it gemeentehûs fan Bûtenpost.
Yn stee dêrfan hat de partij derfoar keazen om de útslaggen ôf te wachtsjen yn in ôfhierd kafee yn Surhústerfean.
"Wij zullen daarom vanavond helemaal niet meer op het gemeentehuis komen", lit listlûker Marcello Stewart witte oan RTV NOF.
De oare politike partijen binne jûn wol fertsjintwurdige yn it gemeentehûs fan Bûtenpost.

Wensoarchsintrum hat eigen stimburo

Stimme yn in wensoarchsintrum op It Hearrenfean © Jerfi Pompier / NoorderNieuws
Ynwenners fan ferskate wensoarchsintra op It Hearrenfean hoege net fier te reizgjen om harren stim út te bringen. Yn harren gebou is nammentlik ek in stimburo ynrjochte.
Ek minsken fan bûtenôf binne fansels wolkom!

Stimme op it fuotbalfjild fan Sânhuzen

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn Sânhuzen sit it stimburo op in bysûnder plak: it klupgebou fan de fuotbalklup.
Tusken de slingers yn de klupkleuren kinne ynwenners stimme op harren favorite partij yn Weststellingwerf.

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat stimd

It moaiste stimburo fan Súdwest-Fryslân? Ja, fine dizze leden

Stimburo yn De Kajuit yn Snits © Omrop Fryslân, Tiete Sijens
De leden fan it stimburo yn De Kajuit yn Snits binne der wis fan: dit is it moaiste plak mei om mei de ferkiezingen te sitten.

Hast 12 prosint fan Friezen mei stimrjocht hat stimd

Yn it stimhokje © BTB Media
De gemeenten hawwe de earste opkomstsifers bekend makke. Oant no ta hat sa'n 11,8 prosint fan de Friezen mei stimrjocht stimd.
Op Skiermûntseach hat al 29 prosint fan de minsken mei stimrjocht stimd. Yn Súdwest-Fryslân leit it persintaazje mei 10,09 prosint it leechst.
By de Twadde Keamerferkiezingen fan ferline jier lei de opkomst op dizze tiid om de 18 prosint hinne. Tradisjoneel stimme der mear minsken by de lanlike ferkiezingen.

Stroomsteuring yn Eastersee, mar it stimmen giet troch

It stimburo yn Eastersee gie wat letter iepen © Radio Spannenburg, Daniël Kooistra
Yn Eastersee koe fan 'e moarn fanwegen in stroomsteuring earst net stimd wurde. Ferskate kiezers moasten dêrtroch nei in oar stimburo ta.
Om 8.15 oere hinne wie de stroomsteuring oplost en koe it stimburo lang om let iepen.

Stimbiljetten yn de ôffalbak?

It stimburo op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"No, ik haw 'm yn de ôffalbak dien", seit in frou op stimburo 4 en 46 fan De Fryske Marren. De frou seit it laitsjend, want se bedoelt dêr de kontener mei dêr't de stimbiljetten yn sammele wurde.
It rûgelet stadichoan troch op de twa stimburo's yn sporthal De Stuit op De Jouwer, om de pear minuten ferskynt der wol wer in nije persoan mei stimbiljet en ID-kaart yn de oanslach.

Kofje en wat lekkers by stimburo's yn Tytsjerksteradiel

Kofje en wat lekkers by it gemeentehûs yn Burgum © Gemeente Tytsjerksteradiel
Yn Tytsjerksteradiel wurdt der kofje en wat lekkers útdield om minsken nei in stimburo te krijen.
Foar boargemaster Kanter Breuker is it syn earste ferkiezingsdei yn it ambt.
"Hjoed steane der in soad frijwilligers klear om alles goed ferrinne te litten en dat fertsjinnet wol wat lekkers", skriuwt hy. "Dêrom gean ik daliks op 'en paad mei kofje en wat lekkers foar in tal stimburo's.
Breuker giet letter hjoed noch nei Suwâld, Hurdegaryp en Wyns.

Boargemaster fan Opsterlân giet by alle stimburo's del

De boargemaster by de stimburoleden © Omrop Fryslân, Pelle Numan
Boargemaster Andries Bouwman fan Opsterlân bringt in besite oan alle stimburo's yn de gemeente. Op de foto is er by fersoargingshûs De Lijte yn Oerterp.

Meist in selfie meitsje yn it stimhokje?

Op wa'tst stimst, is yn prinsipe anonym, mar wat no ast it wol graach kwyt wolst, en in selfie meitsje wolst yn it stimhokje? Meist dan in foto meitsje?
Neffens de Kiesraad mei dat wol. Allinnich moatst by it meitsjen fan de foto it stimgeheim fan oare kiezers wol respektearje. As sy harren stim útbringe, meist se net op de foto sette. Ek meist oare kiezers net hinderje.

Prikelearm stimme yn Snits

Spesjale foarsjennings om te stimmen © BTB Media
It stimburo yn de Martinytsjerke yn Snits is sa ynrjochte dat minsken dy't gefoelich binne foar prikels yn alle rêst harren stim útbringe kinne.
Foar kiezers dy't net sa goed lêze kinne, kin it stimbiljet ek foarlêzen wurde en foar minsken dy't min sjogge, is der in spesjale mal dy't oer it stimbiljet lein wurde kin, wêrtroch't sy mei fielbere markearringen sels stimme kinne.

Sjogge jo wat bysûnders, meld it ús

Habtamu de Hoop stimt yn Súdwest-Fryslân

Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan Wommels hat syn stim fan 'e moarn al útbrocht.
Hy die dat op listlûker Marianne Poelman fan GroenLinks/PvdA yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

No noch rêstich

Stimburoleden yn Menaam © Omrop Fryslân, Fokelina de Boer
Op it stimburo Nij Statelân yn Menaam is it noch net hiel drok. De stimburoleden hawwe wol tiid om even op de foto te gean.

It mobile stimburo fan Noardeast-Fryslân

It mobile stimburo fan de gemeente Noardeast-Fryslân © RTV NOF, Niek Wassink
Yn Noardeast-Fryslân rydt hjoed in mobyl stimburo troch de gemeente.
Op it stuit kin der op it busstasjon yn Dokkum stimd wurde, letter is it mooglik om te stimmen yn Hantumhuzen en Warfstermûne.

Debutanten op it stimbiljet

Der binne ek debutanten dizze ferkiezingen: partijen dy't fjouwer jier lyn noch net meidiene.
Yn totaal binne der 151 gemeentlike partijen dy't dielnimme oan de ferkiezingen. Dêrfan binne der 30 dy't yn 2022 yn harren gemeente noch net meidiene.
Ien fan dy partijen is in bekende: de BBB. Dy partij bestie al wol, mar die doe lanlik noch net mei oan de riedsferkiezingen. No wol, yn acht Fryske gemeenten.
Forum voor Democratie die yn 2022 ek net mei yn alle gemeenten. Yn Hearrenfean en Weststellingwerf docht dizze partij no ek mei. Dat jildt ek foar de PVV yn Súdwest-Fryslân, de SP yn Ljouwert, Opsterlân en Súdwest-Fryslân, de SGP yn Smellingerlân en JA21 yn Ljouwert.
Fierder is der ek in oantal folslein nije partijen. Tink oan Ondernemende Friezen yn De Fryske Marren, Frisse Wind 21 yn Hearrenfean en Democratisch Ooststellingwerf.

Moarnsbrochje yn Súdwest-Fryslân foar jongelju dy't foar it earst stimme

Earst lekker ite, dan stimme © Omrop Fryslân, Pelle Numan
De opkomst falt by de gemeenteriedsferkiezingen gauris ôf en benammen jongeren fine it net de muoite wurdich om nei de stimbus te gean.
Yn de gemeente Súdwest-Fryslân hat boargemaster Jannewietske de Vries alle minsken dy't foar it earst stimme meie, útnûge foar in moarnsbrochje. "Ik fyn it hiel leuk om te hearren hoe't se harren taret hawwe op it stimmen, ik hear al in hiel soad moaie ferhalen.
"Ik fyn it echt hiel wichtich dat jongeren dat stimrjocht echt hurd meitsje en dat se harren dêr sterk foar meitsje", seit de boargemaster.
Sân jongeren binne ôfkommen op it moarnsbrochje, Suzanne is der ien fan.
"Ik vond het wel leuk om te ontbijten met de burgemeester en het is wel leuk om te praten met andere jongeren om erachter te komen hoe zij zich hebben voorbereid", seit se. "Het is erg vroeg, maar wel leuk om dit te doen."

Partijen komme, partijen gean

Net alle partijen dy't fjouwer jier lyn meidiene oan de ferkiezingen, dogge dat no wer.
BVNL en Jezus Leeft diene beide yn trije gemeenten mei, mar dogge dit jier net mei. Mei it ophâlden fan Rinze Visser ferdwynt ek de NCPN fan de kieslisten.
Oare partijen dy't net mear op it stimbiljet te finen binne: Blijf Stellingwarfs, Krachtig Sociaal Groen, Lokaal Sociaal Ooststellingwerf, Actief Lokaal, Waddenpartij, LIJST058 en Gemeentebelangen.

De measte stimburo's iepenje

It is safier: de stimburo's geane no iepen. In soad wille mei it stimmen!

In kwart fan de Friezen stimde lokaal

Fan de Friezen mei kiesrjocht dy't kamen, stimde 25 prosint foar in lokale partij yn 2022, tink oan Ameland '82, Weststellingwerfs Belang of de Waddenpartij. In kwart fan de opkomst dus.
Dêrneist stimde 13 prosint foar de FNP, dy't provinsjebreed aktyf is. De lokale partijen en de FNP byinoar foarmje dan 38 prosint.
De 62 prosint dy't oerbliuwt, hat op de lanlike partijen stimd: fan de SP en GroenLinks oant SGP, BVNL en VVD.

Dizze partijen bedarren yn 2022 op it plús

Nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 2022 kaam it CDA yn de measte koälysjes. Yn 10 fan de 18 Fryske gemeenten makke it diel út fan it kolleezje.
De FNP siet yn 7 koälysjes, de VVD yn 6, de ChristenUnie yn 3. PvdA kaam yn 8 en GroenLinks yn 5 koälysjes. Yn Tytsjerksteradiel gie it al om in kombinaasje fan beide partijen en yn de Waadhoeke wie der de SAM - in gearwurking tusken linkse partijen.

Stimburo foar minsken mei demintsy

In rêstich plak om te stimmen, spesjaal foar minsken mei demintsy. Foar it earst kinne stimmers woansdei dêrfoar terjochte yn de Adventkerk yn Ljouwert.

Opsterlân krijt der twa stuoltsjes by

Gemeente Opsterlân krijt der nei de ferkiezingen twa nije sitten by. Dat komt omdat de gemeente groeid is. De ried krijt ekstra sitten as it oantal ynwenners tanimt.
Opsterlân krijt der dus twa stuoltsjes yn de riedseal by: fan 21 nei 23.
In gemeenteried hat altyd in ûneven oantal sitten, sa't der gjin gelikense stimferdieling ûntstean kin.
De oare Fryske gemeenten hâlde itselde oantal sitten. Ljouwert hat de measte (39), Flylân en Skiermûntseach hawwe de minste (beide 9) sitten.

Op Skylge kin no al stimd wurde

Stembus op Skylge © Omrop Fryslân / Lennard Jan Geerts
De minsken dy't nei it fêste lân moatte foar it wurk, kinne hjoed ekstra betiid stimme op Skylge. Yn ferbân mei de riedsferkiezingen moatte kiezers fansels yn harren eigen gemeente nei de stimbus, dêrom kin dat by in spesjale stimbus fan Qbuzz flakby de boat.
"Ik ga met de eerste boot naar het vasteland", seit in kiezer. "En de laatste boot terug, dus dan heb ik helemaal geen tijd om te stemmen. Ik heb even bij de gemeente gekeken om te zien wat er mogelijk was en zodoende ben ik hier nu om te stemmen. Ik stem ook nog voor mijn schoonouders, dus het is wel belangrijk: anders waren er drie stemmen verloren gegaan."
It rint al moai troch, seit de bussjauffeur dy't hjoed ek op oare plakken komt mei de bus. "De eerste bus vertrekt zo, mensen kunnen op deze manier nog even hun stem uitbrengen."
Stimme yn de stimbus is tige maklik, seit ferslachjouwer Lennard Jan Geerts: "Do stapst der oan de foarkant yn, kinst dyn stim útbringe en oan de efterkant fan de bus stapst wer út."

Skiermûntseach stimde trou, Weststellingwerf bleau thús

De ynwenners fan Skiermûntseach wiene by de foarige riedsferkiezingen it meast trou. Leafst 80,17 prosint fan de ynwenners mei kiesrjocht kaam opdraven.
Fan de gemeenten op de fêste wâl kamen de ynwenners fan Tytsjerksteradiel it meast nei de stimbus (59,06 prosint).
Weststellingwerf (50,11 prosint) en Waadhoek (50,42 prosint) wiene just de gemeenten dêr't yn 2022 it leechste oandiel ynwenners te stimmen kamen.

Opkomst bliuwt in lestich punt

De opkomst yn 2022 © Omrop Fryslân
Yn Fryslân wie der yn 2022 in opkomst fan 53,8 prosint. Fan de 526.725 Friezen mei kiesrjocht giene der 283.389 nei de stimbus.
De riedsferkiezingen binne net populêr. Noait wie de trochsneed opkomst by dizze ferkiezingen leger as yn 2022. Doe wie de opkomst lanlik mar 51 prosint.
Dit jier leit de ferwachte opkomst noch leger. In ûndersyk fan Ipsos I&O ferwacht in opkomst fan 50 prosint of leger.
Ut in flitspeiling fan it ministearje fan Ynlânske Saken die bliken dat sa'n 66 prosint fan de kiezers fan doel is om te stimmen by de ferkiezingen hjoed.
Aldere minsken binne earder fan doel om te stimmen: ûnder 65-plussers leit it persintaazje op 69 prosint, neffens de flitspeiling. By jongelju (18-24 jier) is dat mar sa'n 44 prosint yn de peiling.

Safolle minsken meie der yn dyn gemeente stimme

Yn totaal meie hjoed 533.200 Friezen stimme. Foar it grutste part binne dat alle minsken fan 18 jier en âlder dy't ynskreaun stean yn in Fryske gemeente.
Friezen mei kiesrjocht yn 2026 © Omrop Fryslân

Moai waar om te stimmen

Eltsenien dy't hjoed nei it stimburo kuieret, hat gelok: it is prachtich waar.
De sinne skynt folop. By in swakke oant matige súdeastewyn rinne de temperatueren op oant maksimaal 15 graden.

Der noch net út? Hjir is stimhelp!

Swevende kiezers, let op! Asto noch twivelest oer dyn stim, binne der ferskate stimhelpen te finen.
Dit jier hat Omrop Fryslân in eigen stimhelp: KiesKennis. Dit is in AI-chatbot dêr'tst fragen oan stelle kinst oer de stânpunten fan partijen. De chatbot hellet de ynformaasje út de 151 Fryske partijprogramma's wei.
Bist der dan noch net út? Dan jouwe dizze stimhelpen dy mooglik wat hâldfêst:
  • Kieskompas: Hearrenfean, Eaststellingwerf en Súdwest-Fryslân;
  • MijnStem: De Fryske Marren;
  • Stemwijzer: Achtkarspelen, Dantumadiel, Harns, Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke.

Hjir kinsto alle stimburo's fine

Hjoed kinst dyn stim útbringe foar de gemeenteriedsferkiezingen. Hast alle stimburo's binne iepen fan 7.30 oere ôf. Stimme kin oant jûn 21.00 oere.
Op dizze plakken kinst hjoed stimme en dit moatst deroer witte:

Goeiemoarn!

It reade potlead al yn de oanslach? Wolkom yn ús ferkiezingsbloch!
Omrop Fryslân hâldt dy op 'e hichte fan al it nijs oer de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân. Op dizze ferkiezingsdei, mar ek de hiele nacht troch en de dei nei de ferkiezingen.