In 25-jierrige ynwenner fan Hantum is by ferstek feroardiele ta in wurkstraf omdat hy in boa mishannele hie. De hanthavener woe de man, dy't op in scooter ried, tsjinhâlde, mar hy waard doe meiskuord. Dat barde by in ferkearskontrôle op it Zwitsers Waltje yn Ljouwert yn augustus ferline jier.
De Hantumer kaam sûnder helm oanriden en krige in stopteken. Ynearsten bleau hy ek stean, mar doe't him nei it rydbewiis frege waard, naaide hy út. De hanthavener pakte it wynskerm fan de scooter beet en waard doe tsien oant tweintich meter meisleept. De scooter foel boppe-op de boa.
De fertochte flechte dêrop yn in portyk. Hy waard letter oanholden. De scooter wie stellen, die letter bliken.
De offisier easke 150 oeren wurkstraf. Foar mishanneling en heling fan de scooter. De plysjerjochter seach lykwols gjin bewiis foar de heling en de dieverij fan de scooter. De Hantumer krige in wurkstraf fan 120 oeren en hy moat 5.000 euro smertejild betelje oan de boa.