Bartele Boersma yn Brussel: "Yn Brussel wurde in soad belangrike dingen besletten"
Foar Friezen is it wichtich om te stimmen foar it Europeesk Parlemint. Dat fynt Bartele Boersma (31) fan Harns dy't staazje rûn hat by it parlemint. Hy wennet yn de Belgyske haadstêd. "Yn Brussel wurde in hiel soad belangrike dingen besletten."
"Der wurdt in soad troch Brussel dien om it libben yn Europa better te meitsjen. Ast kieze wolst wêr't it jild hinne moat, dan moatst seker stimme", seit Boersma.
Sa giet der in protte Europeesk jild nei de lânbou. De macht oer dy subsydzjes leit by Brussel. De stêd stiet dizze dagen wer fol mei trekkers fan boeren dy't protestearje tsjin 'it ôfbraakbelied fan Brussel'.
In oar wichtich punt foar Friezen om dochs foaral te stimmen mei de Europeeske ferkiezings is de Lelyline. Fierders binne der ek fûnsen dêr't saken lykas doarpshuzen en projekten yn de Waadsee jild út krije.
Bartele Boersma hat staazje rûn by it Europeesk Parlemint. Hy is grut wurden yn Penjum en Harns. Hy helle syn bachelor sosjale geografy yn Amsterdam en rûn dêrnei staazje yn Brussel dêr't er ferkearing krige mei Miglé út Litouwen, lobbyist by it Europarlemint. De polityk hie harren byinoar brocht.
Yn Grins helle er syn master kulturele geografy. Al yn syn stúdzjetiid waard Boersma gemeenteriedslid foar de PvdA yn Harns. Nei syn ôfstudearjen hat er by in boubedriuw yn Sint Anne wurke.
In skoft lang hat er hinne en wer riden tusken Brussel en Fryslân. Moandeitemoarns om 4 oere de doar út om nei Sint Anne te gean en tongersdeis werom nei Brussel.
Dat wie net fol te hâlden. Yn 2023 sei er syn baan en syn sit yn de ried fan Harns op en ferhuze er nei Brussel foar de leafde. Hy krige in baan by de gemeente Roozendaal as oanjager wentebou: derfoar soargje dat der tsientûzen wenten byboud wurde. Der sit no mar ien oere en in kertier riden tusken syn wenplak en syn wurk.
Neffens Boersma is Brussel is in stêd fan utersten. "De stêd is rommelich, mar ek gesellich." Der wenje in hiel soad ferskillende nasjonaliteiten. Boersma rûst dat fjouwer op de tsien ynwenners net út België komt.
Rommelich, mar ek gesellich
"Der is fan alles te dwaan. By moai waar dogge in soad minsken bûtendoar in drankje. It is hiel oars as yn Amsterdam dêr't ik ek wenne haw. Yn Nederlân is alles strakker regele."
Dy gesellichheid mei er graach oer, mar "it kin net tippe oan Harns. Neat kin dat. Dat wit elke Harnzer. En Brussel mist ien wichtich ding en dat is it wetter. Dat hast yn Fryslân oeral."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Yn België libje de Europeeske ferkiezings mear as yn Nederlân. Dat komt om't se tagelyk mei nasjonale en regionale ferkiezings binne. Dat is oeral te sjen yn it strjitbyld.
By de Belgen sels libje dy nasjonale ferkiezings wer folle mear as de Europeeske. En eins seit it himsels, mar yn de Europeeske bubbel is fansels elk mei de Europeeske ferkiezings dwaande. Dêrbûten is dat dochs wol in stik minder.
De Belgen gean net hjoed, mar op snein 9 juny nei de stimbus. Foar dy lanlike ferkiezing mei Boersma net stimme, al wennet er wol yn Brussel. Foar Europa hat er ein maaie al syn stim útbrocht op de ambassade.