Hall yn de basis by Hearrenfean: “Ik moet zorgen dat ik 90 minuten volhoud”
Denzel Hall moast oardel moanne geduld hawwe, mar ôfrûne wike stie hy foar it earst yn de basis by sc Hearrenfean. De rjochterferdigener is sa goed as topfit.
Hearrenfean makke de komst fan Hall op 31 july bekend. Doe't de klup twa wiken letter oan de kompetysje begûn, wie Hall noch net fit genôch. Opteld spile hy yn de earste fjouwer wedstriden noch gjin oere.
Dêrfoar is lykwols in goeie ferklearring, sa fertelt de 22-jierrige ferdigener. "Mijn voorbereiding was anders dan normaal. Ik zat op een zijspoor bij Feyenoord en speelde daar geen wedstrijden meer, omdat mijn overstap naar Heerenveen in de lucht hing."
Tiid nedich om te wennen
Foardat de transfer nei it Abe Lenstra Stadion rûn kaam, trainde Hall net iens mear by it earste alvetal fan de Rotterdammers. Wol by de beloften. "Ik had tijd nodig om hier te wennen aan de trainingen, minuten te maken in de oefenwedstrijden en daarna in de competitie."
Stapke foar stapke kaam Hall yn de buert fan syn earste basisplak. Ofrûne sneon wie it safier. Syn basisdebút duorre 77 minuten. "Ik kreeg kramp in beide kuiten, maar dat hoort erbij als je voor het eerst in lange tijd weer zo'n intensieve wedstrijd speelt."
De folgjende stap is dat er in hiele wedstriid spylje kin. "Ik zit aardig tegen mijn normale fitheid aan. Ik moet zorgen dat ik snel negentig minuten volhoud."
Trainer Kees van Wonderen sjocht er der ek noch net hielendal is. "Je ziet dat Denzel eraan komt en dat hij fitter wordt. Hij begint langzaam te wennen aan onze manier van spelen en de spelers om hem heen. Dat is nog heel pril en daarin is nog ruimte voor verbetering."
Er zijn niet per se harde woorden gevallen, maar het moet wel een stuk scherper en beter tegen Excelsior.
It basisdebút meitsje yn De Kuip en tagelyk mei 6-1 ferlieze hat net maklik west foar Hall. Mar Van Wonderen besjocht it posityf: "Dit zijn wel weer waardevolle minuten en ervaringen om dit weer mee te nemen, te vertalen en weer door te gaan naar de volgende."
De folgjende is Excelsior-thús. Stiet der, nei trije nederlagen op in rige, mear druk op dy wedstriid? Hall: "Misschien toch wel een beetje. We weten wat ons te doen staat. Excelsior is ook geen makkelijke wedstrijd."
It duel mei Feyenoord is noch wol efkes goed besprutsen yn de spilersgroep. Ek yn in praatsesje sûnder de trainers, sa seit Hall. "Er zijn niet per se harde woorden gevallen, maar het moet wel een stuk scherper en beter tegen Excelsior."
Noch efkes werom nei it duel fan ferline wike yn Rotterdam. Nei ôfrin sei Sven van Beek dat Hearrenfean ferlet hat fan 'teringlijers'. Hall kin him wol fine yn dy útspraak fan de oanfierder. "Sven heeft daar zeker gelijk in en dat moeten we meer in het team krijgen."
Hall sjocht dêr by ek in rol weilein foar himsels. "Als het moet kan ik een 'teringlijer' zijn. Dat is niet iemand die rode kaarten pakt, maar iemand die scherp is in de duels. Dat moeten we in de ploeg brengen."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Excelsior begjint sneontejûn om 21.00 oere. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 20.45 oere en it kommentaar út it Abe Lenstra Stadion wei wurdt fersoarge troch sportferslachjouwer Andor Faber.