Fanwege de PC hat Arriva, krekt as oare jierren, fjouwer spesjale buslinen yn it libben roppen. Dizze ride fan en nei Frjentsjer.
De retoertickets kinne besikers sawol online keapje as by de bussjauffeur (allinnich mei pin). Omdat de PC letter úteinset, binne de bustiden ek oanpast. Hjirtroch slute dizze oan op de starttiden fan de wedstriid.
It oersjoch fan de tiden is
hjir te besjen.