PC begjint letter: net earder as 12.00 oere en op 2 lokaasjes
De PC begjint hjoed letter as pland: net om 9.30 oere, mar om 12.00 oere. En dat allinnich as it waar it talit.
Boppedat wurde yn de earste en twadde omloop guon partijen net op it Sjûkelân ferkeatst, mar op in fuotbalfjild oan de Hertog van Saxenlaan.
De PC stiet woansdei 2 augustus de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Fan de earste oant de lêste slach kinst de wedstriid live folgje op de radio en fia in liveblog op ús webside en ús app. Fan 14.00 oere ôf is de wedstriid live op telefyzje en fia de stream op ús webside te sjen.
Op telefyzje kinst sjen nei livebylden fan de wedstriden op it Sjûkelân. Fan de partijen dy't op it fuotbalfjild keatst wurde sille de hichtepunten yn de live-útstjoering foarby komme. Foar de radio is der in ferslachjouwer dy't de earste twa omlopen oan de Hertog van Saxenlaan folget.
It hat allegear te krijen mei it waar. Hjoed liket noch drûch te begjinnen, mar yn de rin fan de moarn komme de buien al. Dêr sit ek tonger en mooglik hagel by.
De resepsje is pas om 10.00 oere yn stee fan moarns betiid en it terrein fan it Sjûkelân giet foar it publyk pas om 11.30 oere iepen.
Op oare fjilden
Fierder geane in tal fan partijen nei in oar plak: yn de earste omloop binne de partijen Bergsma-Van Zuiden en Steenstra-André van Dellen op it Sjûkelân, mar tagelyk begjinne alle oare partijen yn dy earste omloop op de fjilden oan de Hertog van Saxenlaan. Dêr waard ôfrûne tongersdei ek al de keats-off spile.
Ek yn de twadde omloop geane guon partijen nei de oare fjilden. Alle partoeren yn de boppeste helte fan it skema spylje op it Sjûkelân, de ûnderste helte bliuwt op de fuotbalfjilden.
De partoeren út de ûnderste helte spylje dus pas yn de heale finale op it Sjûkelân.
"Dit is wol in unikum", seit PC-foarsitter Ids Hellinga. "Der binne twa dingen dy't spylje: it fjild leit der goed by, mar it kin gjin fyftjin partijen drage. Boppedat komt der in reingebiet oer Frjentsjer, tusken 9.00 en 12.00 oere. Dêr sitte hiel dikke buien by, mei kâns op tonger. Dan moatte we hjir gjin publyk nei Frjentsjer helje."
Dêrom begjint it keatsen pas yn de middei. "Allinnich ha je dan net genôch tiid om de partijen allegear te keatsen, dus dêrom wike we ek út nei de fuotbalfjilden."
De tagong by de fjilden oan de Hertog van Saxenlaan is fergees foar it publyk. By it Sjûkelân is der wol kontrôle.
Ek de rydtoer troch de stêd mei de winners fan ferline jier giet net troch.
Leard fan de skiednis
Neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen hat de PC-organisaasje leard fan 2010. "Dat wie de bizarste PC yn de resinte skiednis. Want 1969 wie wiet, 1985 ek, mar 2010 sloech alles. Ik ha tafrielen sjoen dy't je je net foarstelle kinne. It moast en soe trochgean, mar mei de kennis fan no, hienen se de dei skrast."
De foarsizzing fan waarfrou Tjitske Wiebenga
"De dei set fan 'e moarn reedlik drûch útein, mar in steuring komt hieltyd tichterby. Earst mei lichte rein en storein, mar dêrnei echte buien, mei tonger en mooglik hagel. Yn de middei wer wat drûge perioaden, bytsje sinne derby. En dan yn de jûn wer kâns op buien."
Belangryk oandachtspunt is ek de feilichheid fan de spilers. Yn 2010, doe't it fjild fol lei mei wetter, rûn Alle Jan Anema bygelyks in swiere krúsbânblessuere op. Van Tuinen: "En de priisútrikking wie dy dei pas om 21.45 oere, it wie al tsjuster.
De organisaasje fan de PC krijt ek in soad fragen hoe't it komt mei de PC-feesten fan tiisdei- en woansdeitejûn. Der komme tinten op de Foarstrjitte te stean, sadat feestgongers drûch bliuwe.