Partoer Steenstra wint generale repetysje en giet as favoryt nei PC
De grutte favoryt foar de PC yn Frjentsjer fan kommende woansdei - it partoer fan Tjisse Steenstra - hat snein yn Arum de generale repetysje wûn. Yn de finale wienen se te sterk foar Menno van Zwieten.
It wie de fjirde kear dit jier dat Steenstra en Van Zwieten tsjinoerelkoar stienen yn de finale fan in frijeformaasjepartij. De earste trije wienen allegear in proai foar Van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.
Diskear gong de finale oant 2-2 lykop, mar dêrnei rûnen Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar rap út en op 5-2 6-4 wie it klear. Yn de heale finale hienen Steenstra-en-dy ôfrekkene mei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
Steenstra en syn maten ha dit jier no seis fan de fyftjin frijeformaasjepartijen wûn en geane troch dizze oerwinning ek mei in goed gefoel nei it Sjûkelân woansdei.
Van Zwieten en Van der Bos ha elk trije oerwinningen en ek it partoer fan Marten Bergsma mei ta de favoriten rekkene wurde, mei fiif finaleplakken dit seizoen (twa oerwinningen).
By de froulju gong de oerwinning yn Arum nei de grutte favoriten: Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Se hienen al fjouwer fan de fiif frijeformaasjepartijen wûn en wienen no wer it sterkst. Yn de finale tsjin Annet de Haan, Iris Oosterbaan en Sjanet Wijnia waard it 5-2 6-4.