Partoer De Groot pakt yn de rein lêste ticket foar PC

© Omroep Zilt, Hans Felkers
Youri de Groot, Jelle Cnossen en Johan Sipma binne de lêste dielnimmers fan de PC. Op de Keats Off yn in reinich Frjentsjer fersloegen sy it partoer fan Auke Boomsma.
Yn de Keats Off strieden fjouwer partoeren om it lêste ticket foar de 170e PC. Gewoanwei meie de keatsers dat yn de arena op it Sjûkelân dwaan, mar om it fjild te sparjen waard útwykt nei de fjilden by De Trije.
Dat hie de Permanente Commissie goed foarsein, want it reinde de hiele wedstriid lang. Dochs kaam der aardich publyk op de wedstriid ôf. Dy seagen Auke Boomsma, Tsjerk Elsinga en Jan-Tymen Eisma as earste de finale heljen. Se fersloegen Jeroen de Boer, Gjalt Sjirk de Groot en Gerard de Vries mei 5-3/6-6.
De Vries foel yn foar de blessearre Redmer Saagemans. Undertusken namen de Groot, Cnossen en Sipma it op tsjin Thom Stellingwerf, Yoram Elzinga en Klaas Pier Folkertsma. De Groot en dy wûnen mei 5-1 en 6-4.

Underfining

Dêrmei kamen der twa partoeren mei PC-ûnderfining yn de Keats Off-finale. Boomsma en Elsinga keatsten ferline jier mei Hessel Postma, wylst de Groot mei Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straaten op it Sjûkelân stie. Boomsma en Elsinga giene der doe yn de twadde omloop ôf.
De Groot strâne yn de earste. Dit jier krijt er in kâns om him te ferbetterjen. Hy fersloech nammentlik it partoer fan Boomsma yn de finale. Benammen Sipma die it goed yn de rein: hy sloech sitbal nei sitbal.

Comeback

It partoer rûn sa út nei 4-0 en doe liken Boomsma en dy úteinlik echt wekker. Se kamen gau werom nei 4 -3. Dat bliek net genôch, want partoer De Groot makke der 5 -3 fan en op 6 -6 wie it klear mei in boppeslach fan Jelle Cnossen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.