Noch in wike oant de PC: dizze partoeren binne al wis

© ANP
Oer presys in wike begjint de 170e PC. Fyftjin fan de sechstjin partoeren binne wis, moarn komt de lêste derby.
Partoeren kinne punten foar de ranking fertsjinje yn bygelyks haadklasse en earsteklassepartijen. De bêste fyftjin partoeren hoege har gjin soargen mear te meitsjen: sy steane oare wike op it Sjûkelân yn Frjentsjer.
Twa partoeren stekke derboppe út as it giet om rankingpunten: dat fan regearjend PC-kening Tjisse Steenstra en dat fan de grutste útdager, Gert-Anne van der Bos-en-dy.
Dizze fyftjin partoeren binne wis fan de PC 2023 © Omrop Fryslân
Foar de trio's op de plakken 16, 17, 18 en 19 is moarn de belangrike dei: sy stride op de keats-off, ek op it Sjûkelân, om it lêste ticket. Dat giet om de partoeren fan Redmer Zaagemans, Auke Boomsma, Thom Stellingwerf en Youri de Groot.
© Omrop Fryslân
De lotting foar de keats-off is moarn om 18.00 oere, de keatserij begjint in healoerke letter. Wa't twa kear wint, mei oare wike meidwaan.
Gewoanwei is de keats-off, krekt as de PC, op it Sjûkelân. Dit jier wurdt lykwols keatst op de fjilden by de Hertog van Saxenlaan, yn ferbân mei it reinwetter dat foar tongersdei foarsein wurdt. Troch de keats-off te ferpleatsen wurdt it fjild sparre foar de PC.
Yn oanrin nei de PC komt Omrop Fryslân op de radio trije kear mei it PC Kafee. Op sneon en snein fan 11.00-12.00 oere en op tiisdei fan 18.00-19.00 oere sjocht presintator Geert van Tuinen mei gasten foarút op de 170e PC.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.