Simmer yn Fryslân: sjoch hjir wat der de kommende tiid yn ús provinsje te dwaan is

© Omrop Fryslân
It is Simmer yn Fryslân! Dat betsjut dat rûnom yn de provinsje fan alles te dwaan is: fan festivals oant ballonfeesten. Wy hâlde dy op al ús kanalen op de hichte.
Der is simmers genôch te belibjen yn Fryslân, ús provinsje feroaret yn dizze perioade yn ien grut festival. Oftst no rêst of just drokte sikest, foar elk sit der wat by. By ús folgest fia radio, telefyzje, webside en sosjale media-kanalen it lêste nijs oer it skûtsjesilen en de PC, mar ek oare eveneminten hawwe in plakje op ús aginda.
Dizze timetable jout in oersjoch fan de eveneminten dy't ferspraat troch de provinsje organisearre wurde:
Wolst mear witte? Op de Simmer yn Fryslân-side fynst de lêste updates, berjochten en kinst alfêst foarútsjen yn de aginda.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.