Opskuor oer 'Russyske flagge' yn nije útshirt fan sc Hearrenfean

Links it útshirt fan sc Hearrenfean yn 1993, rjochts it nije útshirt foar kommend seizoen © sc Heerenveen
It nije útshirt fan sc Hearrenfean makket op sosjale media de tongen los. Tsientallen reaksjes wize de klup derop dat yn de mou fan it shirt de Russyske flagge te sjen is.
Hearrenfean makke it nije útshirt tongersdeitemiddei bekend mei posts op sosjale media. Fuortendaliks kamen dêr reaksjes op. "Het zal vast niet expres gedaan zijn, maar er staat nu een grote Russische vlag op de mouw", skriuwt ien. De flagge leit op it stuit gefoelich fanwege de Russyske ynfal yn Oekraïne.
In oar sjocht it positive derfan yn en hopet dat CSKA Moskou ynkoarten de miljoeneskuld nei de transfer fan Chidera Ejuke by Hearrenfean ynlosse sil. "Russische vlag op de mouw, wellicht dat we nu wel de ontbrekende miljoenen van Ejuke gaan krijgen", skriuwt er. Ek ôfbyldingen fan de Russyske presidint Poetin wurde ûnder de foto's pleatst.
De enige vlag waar ik aan denk, is de Friese vlag.
Martin Koopman, kommersjeel direkteur fan sc Hearrenfean
Kommersjeel direkteur fan sc Hearrenfean Martin Koopman is it net iens mei de krityk. "Er zijn mensen die een associatie maken met een situatie in de wereld waar iedereen zich tegen af zou willen zetten. Zeker wij als club ook. Dat zij dit zo zien, vinden wij heel vervelend en niet leuk. Maar ik zie een mouw met onze kleuren van de club en de enige vlag waar ik aan denk, is de Friese vlag."
Oade oan promoasjeshirt
It nije shirt is in oade oan it útshirt fan Hearrenfean yn it seizoen 1993/94. Yn dat jier promovearre de klup nei it heechste nivo.
"In de rode stof van het shirt zijn ook de contouren van de zeven rode pompeblêden gedrukt, waardoor het uit- en thuisshirt perfect bij elkaar aansluiten. Wat ook overeenkomt in beide shirts is de strofe 'Lit jim gean, Friezen', aan de binnenkant van het shirt", skriuwt de klup fierder.
Martin Koopman: "Met een uitshirt kan je je een beetje uitleven. Wij zijn er trots op dat we al dertig jaar onafgebroken in de eredivisie spelen. Gelukkig krijgen we ook veel positieve reacties en vinden sommigen het zelfs het mooiste shirt ooit. Die balans moeten we dan maar vinden."
Lês hjirûnder in seleksje fan de reaksjes:
Net elkenien is negatyf oer it nije shirt:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.