ONE-Dyas wol nettsjinsteande tsjinslach trochsette mei oanlis gaswinningsynstallaasje

© ONE-Dyas
ONE-Dyas is teloarsteld oer de útspraak fan de rjochter yn Den Haag oer de oanlis fan de gaswinningsynstallaasje, mar past har tiidsplan net oan. De rjochter bepaalde dat de oanlis stillein wurde moast, neidat in oantal Nederlânske en Dútske partijen dêr beswier tsjin makke hienen.
De útspraak is in tsjinslach foar it bedriuw, mar biedt neffens ONE-Dyas ek dúdlikheid oer bygelyks de status fan de Borkumse Stenen. Dat is neffens de rjochter gjin Natura 2000-gebiet en hoecht ek net sa beskôge te wurden. Ek krityk fan ferskate partijen op ûndersiken fan ONE-Dyas nei de riffen yn de Borkumse Stenen fûn se net terjochte.

Koers oanhâlde

It enerzjykonsern wol gas winne op de Noardsee op de grins mei Dútslân. It bedriuw sjocht nei dizze útspraak noch hieltyd mooglikheid om dat te realisearjen. "We zullen de komende weken de opties onderzoeken om zicht te houden op ons doel om eind volgend jaar met aardgas uit eigen bodem een bijdrage te leveren aan de vraag naar aardgas in Nederland en Duitsland."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.