Underdûkers Jaap en Sal Roos werom yn Ferwert: "Dankzij de mensen hier leven we nog"

Jaap (rjochts) en Sal Roos werom yn Ferwert © Omrop Fryslân
"Je hebt je hele leven gehad en leeft het nu, dankzij de mensen hier." It binne de wurden fan Jaap Roos. Hy en syn broer Sal ha ûnderdûkt sitten yn Ferwert. Moandei wienen se wer efkes werom. Skoalbern koene harren fragen stelle en sels gienen se werom nei har ûnderdûkadressen yn it doarp.
Jaap en Sal ha at se yn Ferwert komme al in soad meimakke. Sal is al traumatisearre rekke fan de tiid dy't hy mei syn famylje yn kamp Westerbork trochbrocht ha. Troch in list fan harren heit, Ab Roos, koenen se frijkomme. Hoe dat slagge is, is de beide mannen nea echt dúdlik wurden.
Se moasten dêrnei ûnderdûke en nei in razzia wer't se ek krekt oan ûntsnappe koenen bedarren Jaap en Sal yn Ferwert. Jaap Roos siet dêr mar koart. By it earste ûnderdûkadres yn it doarp gie it mis. De frou dy't dêr wenne, koe nei alle gedachten de spanning net mear oan en is fan it balkon fallen of sprongen.
De beide jonges dy't 4 en 7 jier âld wienen, moasten yn sân hasten by in oar ûnderbrocht wurde. Fia it hûs fan dokter Smit waard Jaap oerbrocht nei Haren.

Allinnich mar Frysk

Sal bleau yn it doarp. De famylje Van der Heide joech him in waarm wolkom. Hy waard ûnderdiel fan de famylje en waard troch de trije dochters grutbrocht as wie it har eigen broerke.
"Mijn ouders kwamen mij ophalen en ik herkende ze niet", seit Sal. Der wie noch in probleem: Hy koe net mei syn âlden prate. "Ik sprak Fries. Dat was de enige taal die ik kende." Dat kaam benammen troch Tine, de âldste dochter fan de Van der Heides. Har grutte leafde wie koart dêrfoar fusillearre troch de Dútsers. Al har leafde stoppe se yn de opfoeding fan Sal.

Help fan syn 'sus'

Syn 'sus' Tine fan de seedyk kaam dêrom nei de húshâlding ta om syn mem te helpen. "Toen had ik mijn zus weer. Zij waren mijn gezin, mijn heit en mem." Sa hat Sal se ek altyd beskôge.
Op alle mominten dat hy koe, kaam hy werom nei Ferwert. It kontakt mei de Fryske susters hat hy nea ferbrutsen. Ek no, nei harren dea, hat hy noch altyd kontakt mei de oerbleaune famylje.

Potkachel

Dat jildt ek foar Jaap Roos. "Ik heb altijd contact met ze gehouden. Ze zijn er alleen allemaal niet meer." De oantinkens bliuwe al. "Het was heel gezellig. Heerlijk om 's avonds bij de potkachel te zitten. Als ik ergens ben en er is een open haard, dan wil ik daar bij zitten. Heerlijk."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.