Tall Ships Races yn Harns rekkenet op provinsjejild: "Dit is in maritime tradysje"

Publyk yn Harns op de lêste dei fan de Tall Ships Races © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
No't subsdyzje fan de gemeente Harns feilichsteld is, rjochtet it bestjoer fan de Tall Ships Races him op de folgjende finansjele hobbel: in bydrage fan 560.000 euro fan de provinsje.
Ferline wike woansdei kaam der nei in spannende diskusje yn de gemeenteried dochs noch grien ljocht foar de Tall Ships Races yn Harns yn 2026. De gemeente is ree om der 750.000 euro yn te stekken.
Earder fûnen boargemaster en wethâlders it risiko te grut, omdat it troch de steateferkiezingen en de formaasje lang ûndúdlik bliuwt oft de provinsje wol oer de brêge komt. Mei-inoar is der 3,2 miljoen euro nedich om it evenemint te hâlden.
De lêste dei fan de Tall Ships Races yn Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Neffens sekretaris Arjen Mintjes fan de Tall Ships Races wurdt der no alles op alles set om it nije provinsjebestjoer mei te krijen. Hy kin him hast net foarstelle dat de provinsje net ta de bûse wol.
"Dit is in diel fan de maritime tradysje hjir yn Fryslân en dêr heart de provinsje ek by", seit Mintjes. "Alle kearen dat we dit organisearre ha, ha se meidien. Se binne derby belutsen. Se ha ek kulturele ûnderdielen fan it programma oanlevere fia Arcadia bygelyks. Der hat altyd gearwurking west mei de deputearren, mei de kommissaris en mei de fraksjes dy't yn de Steaten sitte. Dêr gean we no ek wer fanút."
We ha de provinsje op de kaart set, wrâldwiid.
Arjen Mintjes, sekretaris fan de Tall Ships Races
Trije kear earder wie Harns gasthear foar de grutte sylskippen. Dat wie yn 2014, 2018 en 2022. It is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten fan de provinsje. It evenemint is hiel wichtich foar Harns en foar Fryslân, seit Mintjes.
"De tradysje fan de Tall Ships Races hat der ta laat dat wy in hiel protte bûtenlânske toeristen nei Fryslân ta lutsen ha. We ha de provinsje op de kaart set, wrâldwiid. We binne de ienige stêd yn de wrâld dy't trije kear efterinoar de measte trainees, jonge Fryske minsken út de hiele provinsje, meistjoerd hat op dy tallships."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.