ONE-Dyas set nije stap foar gaswinning yn de Noardsee

In boarplatfoarm © ANP
It winnen fan ierdgas út it fjild N05-A yn de Noardsee, boppe Rottumerplaat en Skiermûntseach is in stap tichterby kommen. Gasbedriuw ONE-Dyas hat kontrakten sletten mei ferskillende bedriuwen dy't meihelpe sille by it projekt.
ONE-Dyas stekt 500 miljoen euro yn it projekt. It giet om de grutste Nederlânske ynvestearring yn ierdgasûntwikkeling fan de ôfrûne 15 jier.
It is de bedoeling dat it gas fan de hjerst fan 2024 ôf levere wurdt oan húshâldings en bedriuwen út Nederlân en Dútslân. Om dat foar elkoar te krijen, giet ONE-Dyas in gearwurking oan mei de bedriuwen Allseas, Heerema Marine Contractors en HSM Offshore Energy. Dy bedriuwen sille ûnder mear helpe by it oanlizzen fan de piipline-ynstallaasje en de konstruksje en de ynstallaasje fan it boarplatfoarm.

Krityk

Net eltsenien is bliid mei de plannen. Sa hat boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach har altyd negatyf útlitten oer nije gaswinning. Ek fan it Dútske Borkum komme krityske lûden.
It Nederlânske regear liet earder witte gjin beswier tsjin gaswinning op dit plak te hawwen. Yn Dútslân wie yn 't earstoan net elts foar, mar troch de oarloch yn Oekraïne waard in nije ôfwaging makke.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.