Noppert krijt transfergeroften sels ek mei: "Ajax hat him wol meld, mar dy ha in oar keazen"

Andries Noppert yn de wedstriid tsjin RKC © ANP
Geroften oer transfers krijt Andries Noppert sels ek wol mei, mar oft er der wiis mei is? "Je moatte je ôffreegje oft je it as spiler allegear witte wolle, salang't it noch hypotetysk is."
De Jouster keepte yn de earste wedstriid nei de winterstop, út tsjin RKC Waalwijk (0-0), yn in tapaslik oranje tenu. Neat dat er dêr sels foar keas trouwens, dat moast fan de wedstriidlieding.
Oer oandacht hoecht Noppert nei it WK yn Katar net te kleien. Hy liet him dêr fan syn bêste kant sjen en wurdt no geregeld oan grutte klups yn binnen- en bûtenlân linkt.
Ajax hat foar in oar keazen, dat is harren goed rjocht.
Andries Noppert
It meast konkreet wie Ajax, mar dat giet net troch: freed waard bekend dat de Amsterdammers de Argentyn Gerónimo Rulli oernimme fan Villarreal.
"Ik wit dat ik op in listje stie by Ajax", seit Noppert. "Se ha ek kontakt hân mei myn saakwaarnimmer. Uteinlik ha se foar in oar keazen, dat is harren goed rjocht. Prima."
Teloarsteld is er nei eigen sizzen net. "Wêrom soe ik dat wêze? As in klup je echt ha wol, dan komme se wol. En as je as tredde op it listje steane, dan geane se earst foar in oar. Dat is se slagge, moai foar se."
Oant 31 jannewaris sille der mear transfergeroften komme, mar dêr kin Noppert net in soad mei. "Moaie ferhalen binne der altyd, mar salang't der neat konkreets is en gjinien him meldt by de klup, hoech ik al dy ferhalen net te hearren. As in klup him meldt en it is goed foar my én foar Hearrenfean, dan sjogge we wol. Oars spylje ik hjir en ik sit hjir ek op myn plak."
Hy ferwachtet wol dat der noch mear klups ynteresse toane sille. Mar oft er dan tahapt, kin er net sizze. "It hiele plaatsje moat klopje. Ik moat myn gefoel folgje en op basis dêrfan kies ik."

Net mear dreame

Dreame oer in topklup of in moaie kompetysje docht er net. "Dêr bin ik lang lyn al mei opholden. Dy ynstelling hat my oant no ta ek holpen, dus dreamen ha ik út myn holle set."
Oer de wedstriid tsjin RKC kin Noppert koart wêze. "Kwa omjouwing en kwa stadion is it nei it WK even omskeakeljen, mar ik fyn dat net lestich. It is wol noflik om fuortendalik belangryk wêze te kinnen foar je ploech nei in pear frije wiken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.