Cambuur hurd ûnderút yn oefenwedstriid tsjin degradant Zwolle

Links Tomislav Mrkonjic, rjochts Mitchel Paulissen © Dijks Fotografie
Twa wiken foar dat de earedivyzje begjint liket der foar SC Cambuur wurk oan de winkel: de Ljouwerters ferlearen freedtejûn mei 3-1 op besite by degradant PEC Zwolle.
Nei in goed kertier wie it al 2-0 foar de thúsploech. Görlich kopte in foarset binnen en Taha profitearre fan in flater yn de definsje fan Cambuur.
De Ljouwerters krigen sels ek genôch kânsen. Yn de begjinfaze wie Roberts Uldrikis alris gefaarlik en de Letske spits krige letter ek noch mooglikheden om Cambuur werom yn de wedstriid te bringen. Syn fizier stie lykwols net op skerp.
Nei it skoft hie Milan Smit it gelok net oan syn side. Syn foarset waard fan rjochting feroare en dy bedarre mar krekt oan de oare kant fan de peal.
Fiif minuten foar tiid skeat Lennart Thy - der is gjin inkele Dútser mei mear earedivyzjegoals - de wedstriid definityf yn it slot. Tom Boere sette Cambuur noch wol op it skoareboerd mei in rake kopbal út in corner. Tichterby kamen de Ljouwerters net.
Oer acht dagen spilet Cambuur yn Waalwijk noch in oefenwedstriid tsjin RKC. Foar de ploech fan Henk de Jong begjint it earedivyzjeseizoen op 6 augustus mei in thúswedstriid tsjin Excelsior.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.