Sa naam Harns ôfskied fan de tallships
Tank foar it folgjen
De tallships binne fuort, de boargemaster hat weromsjoen en de stêd rint leech. By de beachclub binne noch wat minsken om fan de lêste oerkes muzyk te genietsjen.
It wurdt no ek tiid om dit liveblog ôf te sluten. Fjouwer dagen lang ha we de tallships en alles deromhinne folge en jim sa goed mooglik op de hichte holden. Tank foar it lêzen, sjen en harkjen!
Grutske boargemaster sjocht werom
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns sjocht tefreden werom op fjouwer dagen Tall Ships Races yn har gemeente. "Er waren honderdduizenden mensen, met nauwelijks een incident. We hebben feestgevierd, avonden gedanst, gezongen op het plein."
Se hie it sels ek hast net ferwachte, dat it sa'n feest wurde soe. Foar Sjerps, dy't sûnt ferline jier boargemaster is, is it har earste grutte evenemint yn dizze funksje.
"Het lijkt wel alsof iedereen loskomt na twee jaar corona. dit is het eerste enorme evenement in Noord-Nederland. Er was een fantastisch reuzenrad, een prachtige programmering en de meest prachtige schepen van de wereld die voor je neus liggen en waarop je kunt varen."
Nije attraksje: Stefan van der Pal
Der wie wer in grutte attraksje yn Harns: ultrasporter Stefan van der Pal, dy't mei in Alvestêdetriatlon dwaande is, draaft troch de stêd.
Van der Pal hat dizze wike al in Swim- en Fytsalvestêdetocht ôflein, no is er dwaande om de goed 200 kilometer te draven. Fan 'e moarn om 6.00 oere is er yn Ljouwert begûn en sakrekt kaam er troch Harns.
It giet goed, seit er. Hy mei graach troch de drokte rinne en ek de hjitte fynt er lekker. "De begeleiding zorgt ervoor dat ik constant koud water over me heen gegooid krijg."
Soad stipe
Sneintemoarn wie er noch mislik, dat is no foarby. Hy fielt him ek fit en tinkt dat er it ek wol folhâldt. "Er staan zoveel mensen langs de kant, dat is echt bijzonder. Bij het zwemmen merkte ik er niet zoveel van, bij het fietsen ging ik er heel snel bij langs. Nu merk ik hoe gaaf het is!"
Mei syn triatlon wol Van der Pal jild ophelje foar stifting Semmy. De teller stiet op goed 37.000 euro.
De ferwachting is dat Van der Pal moandei yn de rin fan de moarn wer oankomt yn Ljouwert.
Wat meinimme?
Noch net klear
De skippen ha de haven fan Harns dan wol ferlitten, it evenemint giet noch even troch!
Sa is it shantykoar fan Skylge, de West Aleta Singers, ek yn de stêd. Se binne spesjaal nei de fêste wâl kaam foar it shantyfestival op de Suderhaven.
It lêste skip, de Alexander von Humboldt II, ferlit de haven
In hiel soad minsken
De Bark Europa fart troch de Sasbrêge
Op alles taret
De Grossherzogin Elisabeth troch de Sasbrêge
81 meter lang, 58 meter heech
In moai byld dochs?
It Fryske tallship Wylde Swan nimt ek ôfskied fan Harns
Live bylden
Live bylden fan de Sail Out sjen? Set dan de telefyzje oan op Omrop Fryslân of sjoch online mei.
Sa fart de Dar Młodzieży út
Hast fol yn Harns
Der kinne hast gjin minsken mear by yn de haven fan Harns. Dat seit ferslachjouwer Willem Vermeltfoort, dy't by de Sail Out is. "De ôfdieling crowd management hat it drok, mei drones yn de loft besykje se om alles te folgjen. En it sil net lang mear duorje dat it echt fol is."
Geweldich genietsje
Direkteur Lieuwe Krol fan de Tall Ships Races yn Harns is in hiel bliid man. "Dit is geweldich. It waar is prachtich. Fan moarn ôf is der in nasjonaal hjitteplan, hjoed gelokkich noch net. Hjir ha we oardel jier nei tawurke, ik stean geweldich te genietsjen."
Hoefolle minsken oft der krekt binne yn Harns, kin er net sizze. "We ha hjir yn de haven in terrein, yn de Suderhaven, yn de binnenstêd, op de pier. Dat wurdt in optelsom. Ik doar it noch net te sizzen, mar ik bin sa aldermachtichst tefreden."
Kompliminten fan de Britten
Net allinnich sels is Krol tefreden, hy krijt ek de kompliminten fan oaren. "It is in hiele prestaasje dat sa'n lyts stedsje sa'n evenemint organisearje kin. De Britske organisaasje wie ek lyrysk."
Foarsitter Jan Reier Arends fan de Tall Ships Races tinkt hast dat it drokker is as juster. "De indruk krijg je wel. Het is natuurlijk prachtig weer, dat trekt heel veel mensen. Het is fantastisch, al die schepen. Ik verwacht van de Shabab Oman II straks ook nog wel wat spektakel, dat trekt heel veel mensen."
Minsken nei achteren stjoerd
De crew fan de Dar Mlodziezy nimt de posysje yn. Taskôgers wurde foar de wissichheid fuortstjoerd by de trossen. "Er komt straks heel veel spanning op te staan, allemaal een stap of drie naar achteren!"
De Dar Młodzieży seit gedach
De Sail Out set útein! De bemanning fan de Dar Mlodziezy groetet Harns noch ien kear.
Klear foar de Sail Out
Tûzenen minsken sitte klear foar de Sail Out fan de skippen út Harns. By it Poalske tallship Dar Mlodziezy, de grutste fan allegear, sitte de measte minsken. Dy fart om 13.00 as earste fuort.
"Noch drokker as juster"
It is hjoed de lêste kâns om de tallships te sjen en dêr meitsje in hiel soad minsken gebrûk fan. "It is op it stuit noch drokker as juster", seit ferslachjouwer Willem Vermeltfoort.
Ja, ik wol!
In bysûnder houliksoansyk yn Harns: Marinus Valk ferraste syn freondinne Charlotte Smith op it tallship Shabab Oman II.
"Dankzij de hulp van de collega's is dit zo super geregeld, en met speciale dank aan de gastvrijheid van de Shabab Oman II", fertelt Marinus Valk grutsk. "Als je al een paar keer vrijwilliger bent geweest bij de Tall Ships Races moet je op een gegeven moment maar je kans grijpen."
Oerweldigjend
Marinus syn freondinne Charlotte reagearre ferrast en sawat sprakeleas op it oansyk. "Ik heb er geen woorden voor, het was echt overweldigend."
It wie in hiel spektakel oan board: der wiene spesjaal ferklaaide dûnsjende bemanningsleden, der waard muzyk makke mei in doedelsek en de skipshoarn blaasde derop los.
Charlotte sei 'ja' op it oansyk, trouwens.
#omrop
De folchoarder foar de Sail Out om 13.00 oere
1. Dar Mlodziezy
2. Morgenster
3. Thalassa
4. Oosterschelde
5. Wylde Swan
6. Shabab Oman
7. Gulden Leeuw
8. Eendracht
9. Europa
10. Helena
11. Grossherzogin Elisabeth
12. Fryderyk Chopin
13. Roald Amundsen
14. Zenobe Gramme
15. Alexander von Humboldt II
2. Morgenster
3. Thalassa
4. Oosterschelde
5. Wylde Swan
6. Shabab Oman
7. Gulden Leeuw
8. Eendracht
9. Europa
10. Helena
11. Grossherzogin Elisabeth
12. Fryderyk Chopin
13. Roald Amundsen
14. Zenobe Gramme
15. Alexander von Humboldt II
Skjinmeitsje mei de Bark Europa
De Kommissaris is der hjoed ek
Blessing of the Sails
De dei yn Harns is begûn mei in saneamde Blessing of the Sails. Sa wie der in tsjinst troch dûmny Robin Voorn.
Op it stuit is der in 'lytse Sail Out'. De LOA, Urania en njoggen tallships út de Suderhaven farre earder fuort. De grutte Sail Out begjint om 13.00 oere.
Goeiemoarn
Goeiemoarn! It is de lêste dei fan de Tall Ships Races yn Harns. Hjoed is ûnder oare de Sail Out. Hjir fynst al it nijs oer de Tall Ships Races op ien plak.