sc Hearrenfean kin de nul krekt net hâlde, mar wint mei 4-1 fan TOP Oss

Haye fiert syn goal © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat mei 4-1 wûn fan TOP Oss yn it oefenduel yn Wytmarsum. It like der op dat de Feansters sûnder wjerstân winne soene, mar yn de lêste sekonde foel dochs noch in goal.
De oefenwedstriid wie op it haadfjild fan It Fliet by sportferiening Mulier. Al nei twa minuten krigen de Feansters de wyn yn de seilen: in flugge oanfal fia de linkerkant kaam foar de fuotten fan Thom Haye. Dy makke fuortendaalks de 1-0.
Net lang dêrop wie it Al Hajj dy't de foarsprong effektyf útwreide. Op 'e nij fia de linkerkant, no fia Köhlert dy't de bal trochspylje koe. De Ossenaren krigen in earste mooglikheid, doe't Margaritha it mei in skot fan bûten de sechstjin besocht. Mar Xavier Mous koe dit skot tsjinhâlde.
Dêrnei duorre it noch in healoere foar't nûmer fjouwer, Sven van Beek de bal yn de goal fan de tsjinstanner kopte en sa de 3-0 makke.

Mear tsjinstân yn de twadde helte

Yn de twadde helte kaam de Fryske ploech werom mei tsien nije spilers. It alvetal bestie út Mous, Stassin, Van Ottele, Van der Veldt, Koida, Beelen, Zaal, Nunumete, Van 't Loo, Gudnason, Van der Heide.
By TOP Oss waard folgen trije wiksels. De ploech fan Oss kaam better yn de wedstriid yn de twadde helte en krige mear kânsen. In skot fan Tejan gie neist en nei in hoekskop koe Hilderink de bal nei de hoek krije, mar de bal rekke noch krekt de latte.
Harkje hjir nei in sfearreportaazje oer de wedstriid
Nei santich minuten krige TOP Oss-spiler Hilderink in grutte kâns, mar kopte de bal op de latte. Dêrnei wie it Beelen dy't foar sc Hearrenfean de 4-0 pakte.

Tsjindoel yn de slotsekonde

Nettsjinsteande it foar Hearrenfean goede ferrin fan it duel koe de ploech it net op nul hâlde. Yn de alderlêste sekonde waard in frije traap fan Tejan fan rjochting feroare. De bal fleach binnen en dêrmei wie de einstân 4-1.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous, Van Aken, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert, Sarr, Halilovic, Al Hajj, Tahiri, Haye, Ali
Opstelling TOP Oss: Alblas, Muringen, Pique, Van Eijma, Pata, Sanches, Stuy van der Herik, Beekman, Mathieu, Margaritha, Leidsman

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.