Fergunningen klear: kabinet wol definityf gas boarje benoarden Skiermûntseach
Nederlân en Dútslân wolle definityf nei gas boarje op de Noardsee, goed 19 kilometer noardlik fan Skiermûntseach. Dêrfoar hat de steatssekretaris de fergunningen ôfjûn.
Nei alle gedachten kin ein 2024 it earste gas produsearre wurde. It boarjen sil yn 'e mande mei Dútslân barre. Steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou hat woansdei foar it Nederlânske part fergunningen ôfjûn.
Foar de simmer wol Vijlbrief ek in brief nei de Twadde Keamer stjoere mei foarstellen om gaswinning fan lytse fjilden yn de Noardsee makliker te meitsjen.
Platfoarm, piiplieding en kabel
It produksjeplatfoarm komt yn de Noardsee te lizzen, benoarden Skiermûntseach en Borkum.
Om it gas nei de fêste wâl te krijen wurdt der in piiplieding oanlein. Ek komt der in kabel nei in Dútsk wynpark yn de buert, om it platfoarm fan elektrisiteit te foarsjen.
Konsesjes fan it kabinet
It kabinet hat wol ferskate oanpassingen dien. Sa is it produksjeplatfoarm leger, sa't it minder opfalt fan it eilân ôf sjoen. Ek komt it fierder fuort te lizzen fan in oesterprojekt ôf, wurdt der gjin boarspieling útwettere en sil it wetter dat frijkomt by de produksje fan it gas mei in ekstra filter reinige wurde.
De fergunningen foar de plannen lizze fan 3 juny ôf ta besjen. Dútslân wurket ek oan in fluggere proseduere foar de fergunningen.
Krityk
Op Skiermûntseach en by natuerorganisaasjes binne in soad minsken kritysk op de gaswinplannen.
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach die foar de simmer in 'driuwend, moreel en maatskiplik berop' op Den Haag en gaswinbedriuw ONE-Dyas om de gaswinning tsjin te hâlden. It kolleezje fan Skiermûntseach fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen.
Ferfolchstappen
Neffens Van Gent tinke de boargemasters fan de Waadgemeenten nei oer ferfolchstappen. Beskermje it Waad, seit Van Gent. Dit is boarje nei it ferline, yn stee fan ynvestearje yn enerzjyfoarmen dy't de takomst hawwe.
Sy is net gerêst op de miljeu-effekten, ek al seit Vijlbrief dat dêr ûndersyk nei dien is. De oanpassingen lykas it ferleegjen fan it boareilân soene de fûnemintele problemen net oplosse.
Van Gent jout oan dat it lêste wurd der noch net oer sein is. Sy seit dat der earder al beswieren yntsjinne binne dy't noch net ôfhannele binne en neffens har is der ek kontakt mei de Dútske eilannen.
Dútslân
Earder besleat de dielsteat Nedersaksen om gjin fergunning ôf te jaan, mar der wurdt no in nije ôfwaging makke fanwege de oarloch yn Oekraïne, wêrtroch't de oanfier fan gas op losse skroeven stiet. Earder liet it Nederlânske regear al witte gjin beswier te hawwen tsjin de gaswinning dêr.