Fertrouwen is grut by Hearrenfean: "Ik denk dat we het gaan halen"

By sc Hearrenfean hawwe se goeie hoop dat it seizoen der oer twa wedstriden noch net opsit. Nei de út-oerwinning op Vitesse is it fertrouwen grut dat se de play-offs om Europeesk fuotbal helje sille.
Spilers fan sc Hearrenfean fiere in doelpunt © Orange Pictures
"Ik denk persoonlijk dat we het gaan halen", sei oanfaller Sydney van Hooijdonk nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Vitesse. "Gewoon hoe alles nu gaat. We pakken punten. Vandaag was niet onze beste wedstrijd, maar de tweede helft hebben we wel echt geknokt en het omgedraaid. Ik heb er gewoon vertrouwen in. Ik denk iedereen bij ons."
"Van degradatiestress nu gewoon op de achtste plek. Ik denk dat dat niet aan één iemand ligt, maar aan iedereen. Het team gewoon. We hebben het zo omgedraaid qua alles. Het spel, de sfeer, het systeem. Alles valt nu gewoon op de juiste plek", seit de oanfaller, dy't hierd wurdt fan Bologna.
De wedstriid kantele sneintemiddei yn it foardiel fan Hearrenfean doe't trainer Ole Tobiasen twa oanfallende wiksels trochfierde en oerstapte nei in 3-4-3-systeem.
"Daar begon ik zelf over. Dan ga je het evalueren en bespreken. Dan schrijf je het op en op een gegeven moment krijg je een onderbuikgevoel als trainer. We gaan het zo neerzetten en dat pakte goed uit", seit Tobiasen.
De trainer is wat minder optimistysk oer it behâlden fan it achtste plak sjoen de wedstriid fan kommende woansdei op beiste by Ajax. "Het wordt natuurlijk een hartstikke moeilijke uitwedstrijd komende woensdag in de Arena. Ajax moet winnen. Die hebben net gelijkgespeeld tegen AZ. Dus ja. We proberen natuurlijk een resultaat te halen, maar daar reken je natuurlijk niet op punten. Zo eerlijk moet je ook zijn."
Oan de kant fan de Friezen wie de Sweedske oanfaller Amin Sarr mei twa doelpunten de grutte held. Hy skoarde yn de lêste seis wedstriden al fiif kear en dat is neffens him gjin tafal.
"Yn de earste wedstriden kaam ik krekt út it foarseizoen. Ik hie noch mar ien wike traind yn Sweden nei seis wiken fakânsje. Doe begûn ik by Hearrenfean ek noch op de fleugel en we wienen net yn in goeie perioade", seit Sarr. "Doe't ik yn de spits set waard feroare alles."
De Sweed sjocht him takom seizoen al op de Europeeske fjilden skoare. "Ik tink dat we in hiele goeie kâns hawwe no. We binne yn in geweldige flow", sa seit Sarr.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.