Cambuuroanfierder Schouten tichteby kontraktferlinging

Cambuuroanfierder Erik Schouten is mei de klup yn ûnderhanneling oer it ferlingjen fan syn kontrakt. Neffens technysk manager Foeke Booy sitte dy ûnderhannelings yn de einfaze en leit der in lêste bod fan Cambuur by Schouten en syn saakwaarnimmer.
"Zegt Foeke dat we in de eindfase zitten? Haha, dan weet hij meer dan ik. Ik heb over de eindfase nog niet gesproken met mijn zaakwaarnemer, maar het gaat de goede kant op", seit Schouten oer de ûnderhannelings.

"Earst punten pakke"

Hoe lang it noch duorje sil foardat beide partijen derút binne, kin Schouten noch net krekt sizze. "Dat ligt bij mijn zaakwaarnemer en Foeke. Ik wil me daar ook niet veel mee bemoeien. Het gaat natuurlijk wel over wat ik wil, maar ik vind het nu belangrijker dat we met het team punten gaan pakken."
"We hebben nu zo'n mooi seizoen", seit er. "We willen de stijgende lijn weer te pakken krijgen."
Snein krijt Cambuur in kâns om punten te pakken. Om 14.30 oere spilet de ploech yn it GelreDome yn Arnhem tsjin Vitesse, de nûmer seis fan de earedivyzje.
Slagget it Cambuur om te winnen, dan einigje de Ljouwerters definityf op mear as 34 punten. Dat waard foar it seizoen sjoen as grins om wis te wêzen fan hanthavening op it heechste nivo.

Minder maklik goals fuortjaan

"Het wordt wel eens tijd", seit Schouten. "Voor het zelfvertrouwen zou het ook lekker zijn." De goals wurde de lêste wiken wat maklik fuortjûn. "Het voelt soms als dweilen met de kraan open."
Tsjin Vitesse wurdt it net maklik, ferwachtet de oanfierder. "Het verbaast me dat ze de laatste weken zo weinig punten pakken, want ik vind het een heel goede ploeg."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.