Súdwest-Fryslân wol leare fan minsken mei in lytse beurs
Mear minsken by de Voedselbank, in delgong fan de keapkrêft, hege enerzjykosten: yn Snits is tongersdei in spesjale gearkomste oer earmoede en wat dêrtsjin te dwaan is.
De gemeente Súdwest-Fryslân wol de útkomsten meinimme yn it belied de kommende jierren.
Ien fan de oanwêzigen op de 'Samen sterk tegen armoede'-gearkomste sil bygelyks út eigen ûnderfining fertelle hoe't je mei in lytse beurs dochs libje kinne en moatte.
Stipe foar minsken yn need
Ek Walter Loomeyer is by de gearkomste. Hy hat it drok. Loomeyer helpt minsken yn need by de Filiadelfia Pinkstergemeente en by stichting De Schuilplaats. Yn it gebou oan it Kleinzand komme alle dagen sa'n tweintich minsken dy't net rûnkomme kinne.
"Mensen raken in de armoede doordat ze hun baan verliezen, ziek worden of een relatie zien stranden. Het blijkt dat ze er bijna niet uitkomen", seit hy.
Loomeyer sjocht dat it probleem hieltyd grutter wurdt. De prizen foar gas en elektrisiteit gongen al omheech en de oarloch yn Oekraïne fersterket dat nochris.
"Mensen moeten zuiniger aan doen, want de energienota is straks enkele honderden euro's hoger. Gelukkig is het mooi weer nu en kunnen ze de verwarming een paar graden lager zetten. Sommigen moeten met 40 euro per week rond zien te komen."
Walter Loomeyer fan de Filadelfia Pinkstergemeente
Tusken de middei kinne minsken by Filadelfia te iten krije. "Eigenlijk bij de Kopra, dat betekent koffie met een praatje. Iedereen is welkom. We helpen hier ook mensen met aanvragen voor kwijtschelding van schulden of bemiddelen met hulpverlenende instanties."
Loomeyer komt slimme situaasjes tsjin. "Een man van 38 jaar die al maanden op straat slaapt. Een schrijnend geval waarvoor geen kant en klare oplossing te bedenken is."