Provinsje wachtet formeel op fraach foar't it Oekraïne-aksjes koördinearret

Provinsje Fryslân wachtet op in formele fraach foar't it helpe sil by it opfangen fan Oekraynske flechtlingen en de koördinaasje fan helpaksjes. Der komme al wol in soad meldingen binnen.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Fryske organisaasjes, stichtingen en partikulieren wolle helpe by it opheinen fan oarlochsflechtlingen út Oekraïne. De provinsje wol helpe, mar moat wol formeel de fraach krije.

Oekraynske flagge

Foar it Provinsjehûs yn Ljouwert wapperet al wol de blau-giele flagge fan Oekraïne. "Dy flagge is der fanwegen ús fernuvering en ferbustering oer wat der yn Oekraïne plakfynt, en om solidêr te wêzen mei de minksen dêr", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok.

"It is mei flagjen net te dwaan"

Brok: "Wy hawwe wol sein: it is mei flagjen net te dwaan. Wy wolle ek op oare mominten en wizen ús fertriet uterje." Doch wrakselet de provinsje dêr noch mei, want partikuliere inisjativen om de Oekraynske minsken te helpen sjitte suver flugger út de grûn as dat de oerheid hannelet.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
"De minsken dy't al streekrjocht kontakt opnaam hawwe mei ús, hawwe wy al witte litten dat wy graach mei harren om tafel sitte wolle", jout Brok oan. "Mar it is wol sa dat der earst in konkrete fraach fia de formele kanalen komme moat."
De Oekraynske flagge by it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Nettsjinsteande wol Brok wol fan syn wurdearring bliken dwaan. "It partikulier inisjatyf is prachtich. Je sille mar op de grins steane mei in pear bern en ferlet hawwe fan help, dan is alles wolkom."

Koördinearjende of fasilitearjende rol

De provinsje wol neffens de kommissaris wol in 'koördinearjende of fasilitearjende rol' spylje. "Dat is fansels hiel nommel dat minsken fan alles dwaan wolle. Mar ik tink wol dat it goed is om te sjen hoe't wy it bêste mei de koördinaasje omgean kinne. Dat klinkt wat technysk, mar it giet der om dat je de minsken ek op in adekwate en profesjonele wize in plak jaan."

Rezjygroep

Brok slút net út dat der in oerlis folget yn in ekstra rezjygroep, mei alle Fryske boargemasters. Dat moat dan mei boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren barre, dy't foarsitter is fan de Vereniging van Friese gemeenten.
Dêryn kin praat wurde oer opfangkapasiteit foar flechtlingen. Brok: "Dy aktute fraach leit der op dit stuit noch net, dat is efkes ôfwachtsjen. Mar it kin samar wêze dat wy dêr ekstra oer gearkomme moatte."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.