De koprinners moasten niiskrekt wachtsje yn Aldemardum

Fytsers achter it lint © Omrop Fryslân, Roelof Lousma

Brânwacht soarget foar ferkuolling yn Boalsert

Ferkuolling yn Boalsert © BTBmedia
In kâlde dûs foar de fytsers yn Boalsert. De brânwacht hat him dêr spesjaal njonken de dyk opsteld. Mei in heechwurker wurdt wetter oer de dyk en oer de fytsers spuite. Guon fan har kinne dat wol wurdearje en stekke de tomme op.

Regelers yn Holwert lieten tefolle ferkear troch, stimpelpost sil aanst wol wer iepen

De drokte earder hjoed yn Holwert © Esther Bethlehem, RTV NOF
As de drokte yn Holwert wer wat ôfnommen is, kin de stimpelpost dêr aansten wer iepen. Dat seit foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht.
De organisaasje hat oan de ein fan de moarn yngrepen, om't der foar Holwert in te grutte rige fytsters stilstie.
"De regelers lieten wat tefolle ferkear troch op de krusing krekt foar Holwert. Yn kombinaasje mei de drokte en it feit dat in protte minsken har bidon dêr follen, stie dêr in hiele grutte rige fytsers", neffens Rekker.
Der is noch besocht om it oantal stimpelers op te skalen, mar dat gie net hurd genôch.
Stadichoan rêstiger
"It lost yntusken wer aardich rap op, sa haw ik trochkrigen", fertelt de foarsitter.
Foar de fytsters dy't de stimpel yn Holwert net krije koene, komt it krúske net yn gefaar. Sy kinne letter op 'e rûte noch de 'Holwerter' stimpel krije.

Bannen plakke en keatlings wer goed set yn Snits

Reparaasjewurk yn Snits © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
In pitstop yn Snits! Guon minsken bringe dêr in besite foar in reparaasje. Der wurde al hiel wat bannen plakt en keatlings wer goed set.

De fytsers troch de Marktstraat yn de binnenstêd fan Snits

Fytsers yn it sintrum fan Snits © Omrop Fryslân, Wybren de Boer

Liesette Bruinsma en har team binne yntusken yn Boalsert

Liesette en har team hawwe efkes skoft © Liesette Bruinsma

In wol hiel bysûndere fyts: "De bochten binne it dreechst"

Hoe komme je mei dizze fyts foarút? © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Dizze wol hiel bysûndere fyts is ôfrûne freed noch yn Frankryk kocht. "De bochten binne it dreechst", sa fertelle de eigeners, de bruorren Kuipers. Sy wenje yn Frankryk, mar heit en mem komme fan orizjine út Fryslân en dêrom dogge se foar de fjirde kear mei.

Stimpelpost yn Holwert earder ticht fanwegen de drokte

Troch de megafoan wurdt omroppen dat minsken troch nei Dokkum moatte © Esther Bethlehem, RTV NOF
De stimpelpost yn Holwert is niiskrekt in oere earder tichtgien as dat de bedoeling wie.
It waard op in gegeven stuit fierstente drok op 'e Ljouwerterdyk, fertelt ferslachjouwer Esther Bethlehem. De fytsers stiene dêrtroch sawat stil tusken Blije en Holwert.
Elkenien dy't Holwert noch passearje moat, moat no fierder sûnder stimpel. Yn Dokkum kinne dy fytsers dan dochs noch in stimpel helje, sadat de kaart fol komt.

Drokte yn Ljouwert

Drokte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Op it stuit is it 'spits' op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

It is in top dei foar de hoareka

It is in topdei foar Fryske hoareka. Troch de Fytsalvestêdetocht en Motoralvestêdetocht binne der in soad minsken bûtendoar.
Theo Kingma fan Eric's Café en Restaurant De Halve Maan fersoarget de catering yn Dokkum. Hy en syn meiwurkers hawwe it drok. Fytsers, taskôgers en ynwenners fan Dokkum komme allegear del foar apelgebak en kofje.
"Ik haw fan 'e wike noch even bybesteld, normaal haw ik tûzen puntsjes en ik haw opskaald nei tolvehûndert", fertelt Kingma oer it apelgebak.
Gewoanwei wurdt der benammen bier tape, mar fanwege it waarme waar is der folle mear ynteresse yn wetter. Dochs stiet de biertaap al klear foar letter yn de middei.
Kingma is bliid mei alle besikers en hopet dat se letter nochris in wykein weromkomme: "Foar de stêd is it super, minsken dy't foar it earst komme en tinke: wat is it hjir moai."

Ferslachjouwers Isa en Demi yn de smarstrjitte

Ynsmarre tsjin de sinne © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Isa en Demi ha harren yn de spesjale smarstrjitte yn Ljouwert ynsmart.
Sy kinne no wer feilich op 'n paad foar it ferfolch fan de fytstocht.

De earste fytsers binne Snits alwer foarby

In rige fytsers yn Snits © Omrop Fryslân, Wybren de Boer

Ek dizze man út Dútslân fytst mei: "Picobello"

In Dútske dielnimmer oan de Alvestêdetocht © Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht lûkt net allinne mar Friezen, of dielnimmers út Nederlân. Yn Holwert treft ferslachjouwer Esther Bethlehem in fytser út Dútslân.
"Ik woon zelf in Oost-Friesland, op het eiland Norderney", sa fertelt er. "Dit is al de zestiende keer dat ik de Elfstedentocht fiets."
Hy mei tige graach fytse yn Fryslân. "Zolang er maar geen wind is", laket er. Hjoed binne de omstannichheden neffens him lykwols prachtich. "Picobello!"

Ferslachjouwers Isa en Demi binne mei harren tandem yn Ljouwert

Isa en Demi, hjir by de stimpelpost yn Dokkum © Bote Sape Schoorstra, RTV NOF
Se binne yntusken yn Ljouwert. Ferslachjouwers Isa Visser en Demi Hoekstra fytse de Alvestêdetocht op harren tandem. Oant no ta giet de fytstocht geunstich. Se hawwe yntusken al mear as in tredde fan de ôfstân ôflein.

Goed smarre: dielnimmers troch de 'smarstrjitte' yn Ljouwert

Ynsmarre mei sinnebrânkrêm © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It is al faker sein: de temperatueren rinne fan 'e middei bot op. In protte dielnimmers sykje dan ek de 'smarstrjitte' op yn Ljouwert. Sa binne sy better beskerme tsjin de krêft fan de sinne.

Tinus fan Burchwert fytst al foar de 45e kear

Tinus van der Weide © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It is foar Tinus van der Weide út Burchwert de 45e kear dat hy de Alvestêdetocht fytst. Hy die dat al 40 kear op dizze orizjinele transportfyts. Alteast; de fytsmakker hat der foar dit jier fersnellingen op set.

Fytsers krije yn Dokkum in muzikale ûntfangst op 'e Markt

Muzyk op de Markt yn Dokkum © Omrop Fryslân

Dizze twa groepen fytse ûnder de prachtige blauwe loft

Fytse troch de greiden © Omrop Fryslân

De professoaren stimpelje yn 'universiteitsstêd' Frjentsjer

De professoaren mei de stimpel yn 'e hân © Jesse van Wieren, Omroep Zilt

"Opkomst echt hiel heech", seit foarsitter Rekker

Stephan Rekker, foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht © Martin de Jong Fotografie
De opkomst by dizze Fytsalvestêdetocht is "echt hiel heech". Dat seit foarsitter Stephan Rekker. Der binne yn totaal 14.820 dielnimmers begûn oan de tocht fan 235 kilometer.
"Wy ferkeapje altyd 15.000 kaarten", fertelt Rekker. Hast elkenien dy't in kaart bemachtige hat, docht hjoed dus mei oan de Alvestêdetocht.
"Sels by it 100-jierrich bestean, doe't it ek prachtich waar wie, hellen wy dizze oantallen net. Doe stiene 14.250 minsken oan de start", neffens de foarsitter.
Start rûn út
De start fan 'e moarn yn Boalsert rûn wat út, mooglik ek fanwege it hege oantal fytsers. "De lêste groep heart yn prinsipe foar acht oere te starten, mar it wie no goed kertier oer achten. Se wiene ek wol reedlik tam; elkenien rûn hiel stadich nei de start."
De foarsitter wol alle dielnimmers noch wat meijaan hjoed. "Hâld it waar goed yn 'e gaten, en yt en drink genôch, want it is no al waarm."

Motoralvestêdetocht úteinset

De motoren gienen fan start by it WTC Expo yn Ljouwert © BTB Media
De Motoralvestêdetocht is ek úteinset.
De goed 3.500 dielnimmers binne fan start gien by it WTC Expo yn Ljouwert. Sy sille hjoed 240 kilometer ôflizze.

Oant no ta prachtich fytswaar, mar de temperatuer rint rap op

Ferklaaide fytsers yn Holwert, mei in folslein blauwe loft op 'e eftergrûn © Esther Bethlehem, RTV NOF
It is oant no ta prachtich fytswaar op dizze pinkstermoandei. De dielnimmers oan de Fytsalvestêdetocht kinne har wol klearmeitsje, want yn de rin fan de dei rinne de temperatueren op.
"De sinne pakt hjoed de haadrol", fertelt ús waarman Jan Jonkman. "Wy krije temperatueren fan sa'n 23 graden op 'e Waadeilannen oant 26 of 27 graden mear de provinsje yn. In hege UV yndeks hjoed, dus goed smarre."
Nei de moaie, rêstige nacht binne de temperatueren om healve njoggenen al tige noflik. Rûnom yn de provinsje is it tusken de 16 en 18 graden.
Hast gjin wyn
Der stiet hjoed hast gjin wyn. It bytsje wat der is komt op dit stuit út it suden.

Ald-hurdfytser Laurens ten Dam fytst mei syn heit

Ald-hurdfytser Laurens ten Dam docht tegearre mei syn heit mei oan de Fytsalvestêdetocht. Foar de measte minsken is dit it hichtepunt kwa fytsen, mar Ten Dam docht de fytstocht as lêste tarieding op Tour Divide, in bikepacktocht oer 4400 kilometer dwers troch Kanada en Amearika.

"Ik kin net útsjen, mar wol fytse": Liesette Bruinsma joech it startskot en fytst mei

Liesette Bruinsma fan 'e moarn foar de start © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
As paralympysk swimster hat Liesette Bruinsma meardere wrâldtitels en paralympyske medaljes op har namme stean. No giet se foar in nije útdaging. Op pinkstermoandei fytst se de Alvestêdetocht foar it Foppe Fonds.
Fan 'e moarn joech se yn Boalsert it startskot en dêrnei stapte se op 'e fyts.

Organisaasje nimt ekstra maatregels fanwegen ferwachte waarmte

Hjoed jildt: bliuw drinken! © Organisaasje Fytsalvestêdetocht
It bestjoer fan de Fytsalvestêdetocht nimt hjoed ekstra maatregels yn ferbân mei de ferwachte waarmte. Waarman Jan Jonkman ferwachtet yn Fryslân temperatueren om de 25 graden hinne.
Om derfoar te soargjen dat de dielnimmers ûnderweis foldwaande drinke kinne, komme der by de fersoargingsposten ekstra wettertaappunten. Dy fersoargingsposten binne yn de alve stêden, én yn Winsum en Aldemardum.
GGD Fryslân rjochtet hjoed by de stimpelpost by de Aldehou yn Ljouwert in 'smarstrjitte' yn. Dêr kinne de dielnimmers harren ynsmarre mei sinnebrânkrême.

Gau efkes nei it húske yn Holwert

Fytsers yn Holwert © Esther Bethlehem, RTV NOF
In protte fytsers meitsje yn Holwert fan de gelegenheid gebrûk om efkes nei it húske te gean. En dan wer gau fierder op 'n paad nei Dokkum!

Kloften fytsers yn Harns

De binnenstêd fan Harns © Omrop Fryslân

Earste hurdfytsers al yn Dokkum

De earste hurdfytsers yn Dokkum © Ben de Jager, RTV NOF
De earste groep hurdfytsers is al yn Dokkum! De stimpelpost op de Markt yn de binnenstêd is der aansten klear foar.

Sjoch hjir wêr'tst stean moatst om de Alvestêdefytsers oan te moedigjen

Wat is der foar taskôgers fan de Fytsalvestêdetocht te belibjen oan de rûte? Wêr is it feest, wêr kinst de fytsers it bêste sjen en wêr moatst om tinke? De rûte is 235 kilometer lang, dus alles folgje slagget net. In pear tips!

In prachtige fytsoutfit fan dizze manlju

De prachtige fytsoutfit fan dizze manlju © Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Isa en Demi binne al goed op dreef

Demi (links) en Isa (rjochts) foar de start © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Se binne al moai op 'n paad! Ferslachjouwers Isa Visser (Omrop Fryslân) en Demi Hoekstra (RTV NOF) fytse hjoed de Alvestêdetocht op 'e tandem en dogge út en troch ferslach. Yntusken binne sy al yn Frjentsjer.
De fyts is folboud mei kamera's, mikrofoans en oare technyske gadgets. Hiel wat oars as in normale fyts dus.

Yn 'e rige foar de start

De fytsers sammelje har foar de start © Omrop Fryslân, Darshan Boerema

De earsten binne der al klear foar

Om healve fiven wie it noch tsjuster yn Boalsert © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Al om healve fiven hinne stiene de earste fytsers klear foar de start! Yn Boalsert begjinne sy aansten oan de tocht fan 235 kilometer by de Fryske stêden del.

In goeiemoarn!

Goeiemoarn! Wolkom yn dit livebloch oer de Fytsalvestêdetocht fan 2026! Mei fyftjintûzen dielnimmers is it ien fan de grutste eveneminten fan Fryslân.
Fia dit livebloch op ús app en webside, en de spesjale útstjoering dy't sawol op de radio as televyzje te folgjen is, bliuwe jo de hiele dei op de hichte fan de ûntwikkelingen en belibbenissen fan de fytsers. De livestream is te besjen oant 20.00 oere.
Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân stean op tal fan plakken op de rûte en hâlde jo mei ynterviews mei dielnimmers, frijwilligers, leden fan de organisaasje en oare belutsenen op 'e hichte fan alles wat der geande is op de tocht fan Boalsert nei Boalsert.