Belangrike trije punten bliuwe yn Fryslân

Marcus Linday nei de 2-1 © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat sneontejûn thús Fortuna Sittard ferslein mei 2-1 en pakt trije belangrike punten rjochting de play-offs.
Nei tsien minuten kaam de wedstriid op dreef, doe't de iepeningstreffer foel fan de gastploech.
Philip Brittijn helle hurd út rjochting it Fryske doel. De fingertoppen fan Bernt Klaverboer rekken de bal noch oan, mar dochs fleach de bal nei binnen.

It antwurd fan Meerveld

Gjin panyk, want in pear minuten letter tikke Ringo Meerveld de bal oan de oare kant binnen nei in foarset fan Jacob Trenskow.
Nei in pear kânsen oer en wer grypte Maxence Rivera nei syn hamstring nei in koarte sprint. Hy ferliet blessearre it fjild en Luca Oyen naam it stokje fan him oer.
De twadde helte gie fierder mei in stoartfloed oan kânsen, benammen foar de thúsploech. Mar de 1-1 bleau noch lang stean.
Doe kaam Hearrenfean yn de 73e minút dochs noch op foarsprong. Net troch Lasse Nordås, dy't tal fan kânsen krige, mar Marcus Linday.

Foarsprong troch Linday

Hy naam de bal soepel oan, spile de bal troch de fuotten fan Justin Hubner en skeat de bal lâns keeper Luuk Koopmans. De earste goal sûnt maart 2025 foar de Sweedske middenfjilder.
Yn de slotfaze wie Fortuna hurd op syk nei de lykmakker. Ek ynfaller Ivo Pinto, dy't mei beide skonken hurd op Oyen yn trape en dêrfoar in reade kaart krige.
Fortuna slagge der úteinlik net mear yn om te skoaren en giet mei lege hannen werom nei it suden. sc Hearrenfean profitearret fan de ferliezen fan Sparta en FC Grins en klimt nei plak sân yn de earedivyzje.

90+6' Hearrenfean wint!

Nei in spannende slotfaze wint sc Hearrenfean fan Fortuna Sittard mei 2-1!

90+5' Noch efkes troch

De ekstra tiid wurdt seis minuten.

90+3' Keeper nei foaren

Keeper Koopmans giet ek mei nei foaren rjochting it Fryske doel, op oanwizing fan de trainer.

90' Ekstra tiid

Der komme fiif minuten ekstra by de twadde helte.

89' Reade kaart!

Ivo Pinto fljocht mei twa skonken op Luca Oyen en krijt in reade kaart foar dizze stevige oertrêding.

87' Kaarten foar Braude en Veldman

Twa kear giel

Oliver Braude krijt de earste giele kaart fan de wedstriid foar in oertrêding. Ek Robin Veldman krijt in giele kaart fan de skiedsrjochter.

86' Noch in lêste wiksel by Fortuna

Johnson foar Márquez

Owen Johnson komt deryn foar Iván Márquez.

83' Wiksel by Hearrenfean

Brouwers foar Meerveld

Luuk Brouwers komt it fjild op foar Ringo Meerveld, de makker fan de 1-1.

78' Wiksel by Fortuna

Peterson foar Dahlhaus

Kristoffer Peterson komt deryn foar Jasper Dahlhaus.

73' GOAL SC HEARRENFEAN ⚽

Marcus Linday © Orange Pictures
Marcus Linday set Hearrenfean op foarsprong! Hy spilet de bal troch de skonken fan Hubner en tikket de bal it doel fan Fortuna binnen. Linday skoart foar it earst sûnt 2025.
It stiet 2-1.

68' Wiksels oan beide kanten

Vente, Gladon, Pinto en Oukili

By Hearrenfean giet Lasse Nordås derôf en komt Dylan Vente deryn.
By Fortuna gean Mohamed Ihattaren, Kaj Sierhuis en Philip Brittijn derôf. Paul Gladon, Ivo Pinto en Yassin Oukili komme deryn.

67' Gefaarlike foarset fan Trenskow

Trenskow wol in foarset jaan en Meerveld stiet klear, mar Márquez tikket de bal foar him wei.

57' Uthaal fan Sierhuis

In fier skot fan Sierhuis giet der ek noch hast yn! Klaverboer stiet fier bûten syn doel, mar hy hat gelok: de bal stuitet tsjin de rjochterpeal.

55' Wannear giet de bal der dan wol yn?

Lasse Nordås mei de bal © Orange Pictures
Alwer in enoarme kâns! Linday jout de bal oan Nordås, dy't him dêrnei rjochting it doel tikket. Mar de bal lânet op in spiler fan Fortuna.

53' Wer in grutte kâns!

Nordås is wer hiel tichtby! Hy tikket de bal rjochting de linker boppehoeke, mar keeper Koopmans kin der noch krekt by.

51' Hubner brekt oanfal ôf

Hearrenfean falt oan en Linday wol de bal nei foaren spylje, mar Hubner trapet de bal fuort en stekt in stokje foar in mooglik doelpunt.

48' Hast goal fan Nordås!

Nordås hellet út en skoot de bal mar krekt foar it doel del! Keeper Koopmans jout sels efkes in sucht fan ferromming.

We gean wer fierder

Gjin wiksels by beide ploegen. Luca Oyen stiet ek wer op it fjild foar de blessearre Maxence Rivera.

Ofskied fan Bochniewicz

Bochniewicz nimt ôfskied © Orange Pictures
Foar de ôftraap fan 'e jûn naam Pawel Bochniewicz ôfskied yn it Abe Lenstra Stadion. De ferdigener is yntusken al in skoftke werom by it Poalske Górnik Zabrze, mar hy wie noch efkes werom yn Fryslân foar in eareronde.

Kersten is tefreden, mar is der noch mear?

Sam Kersten is loyaal oan sc Hearrenfean en spile twa seizoenen lang hast alle wedstriden by de Fryske klup. Hy hat it nei it sin, mar is ek wol benijd nei in aventoer bûten de earedivyzje.
"Ik heb nu zo'n tien jaar in Nederland gespeeld", seit er tsjin Omrop Fryslân. "Dus ja, ik zou nog wel eens in het buitenland willen kijken."
Lês it ferhaal hjirûnder:

45+2' Skoft op It Hearrenfean!

De ploegen gean nei de klaaikeamers. It skoareboerd bliuwt op 1-1 stean.

45' Ekstra tiid

Der komme twa minuten ekstra by de earste helte.

41' Rivera is klear

Nei in sprint grypt Rivera nei syn hamstring. Hy moat blessearre it fjild ferlitte.

Oyen foar Rivera

Luca Oyen ferfangt de blessearre Maxence Rivera.

35' Noch in kear Ihattaren

Oan de oare kant skoot Ihattaren de bal rjochting it Fryske doel, mar Klaverboer dûkt derfoar.

33' Grutte kâns foar Hearrenfean!

Earst krijt Nordås in kâns om te skoaren, mar de ferdigening fan Fortuna springt derfoar. By in twadde oanfal is it de beurt oan Linday, mar hy trapet de bal te sêft en dy rôlet by it doel lâns.

31' Skot fan Sierhuis

Sierhuis besiket te skoaren en hellet hurd út, mar de bal foarmet gjin gefaar: hy fljocht heech oer it doel hinne.

28' Rêding fan Klaverboer

In oanfal fan Ihattaren en dêrtroch wurdt Klaverboer efkes wekker skodde, mar syn rêding is suksesfol.

24' Hast goal fan Willemsen

Ut in corner wei besiket Willemsen te skoaren mei in kopbal en dat slagget hast! De bal einiget op de rjochterpeal.

15' GOAL SC HEARRENFEAN ⚽

Meerveld en Trenskow fiere de goal © Orange Pictures
Gelokkich hat Ringo Meerveld al gau in antwurd! Nei in foarset fan Jacob Trenskow tikket hy de bal lâns keeper Koopmans.
It stiet 1-1.

11' GOAL FORTUNA ⚽

Ynienen is dêr Philip Brittijn mei de iepeningstreffer foar Fortuna! Hy hellet hurd út en Bernt Klaverboer rekket de bal noch oan, mar dochs fljocht dy nei binnen.
It stiet 0-1.

1' Kadootsje fan Fortuna

Maxence Rivera oan 'e bal © Orange Pictures
In ûnhandige pass by Fortuna, wêrtroch't Hearrenfean de bal ûnderskeppe kin. Rivera besiket te skoaren, mar de bal lânet yn de hannen fan keeper Koopmans.

De bal rôlet!

De wedstriid sc Hearrenfean - Fortuna Sittard is ûnderweis.
De skiedsrjochter is Edwin van de Graaf.

Hearrenfean en Fortuna

Hearrenfean stiet op plak acht yn de earedivyzje, Fortuna fine we op plak tolve.
De foarige wedstriid tusken dizze ploegen einige yn 2-0 foar Fortuna. Yn de ôfrûne fiif wedstriden wisten de Friezen mar ien kear te winnen fan de Limboargers.

Rivera verwacht geen makkelijk duel

sc Hearrenfean is al fiif wedstriden op rige ûnferslein yn it eigen Abe Lenstra Stadion. Mar Maxence Rivera tinkt net dat de oerwinning fansels komt, meldt de klupwebside.
"Ik verwacht dat ze hier vooral gaan verdedigen, wat betekent dat wij weinig ruimte krijgen om te voetballen. Maar het helpt dat we spelen in een uitverkocht stadion, dat geeft energie", seit de Frânsman.

De gasten út it suden

Opstelling Fortuna Sittard

Luuk Koopmans; Justin Hubner, Iván Márquez, Shawn Adewoye, Jasper Dahlhaus; Syb van Ottele, Philip Brittijn; Mohamed Ihattaren, Lance Duijvestijn, Dimitrios Limnios; Kaj Sierhuis

By winst grutte stap nei play-offs

As Hearrenfean Fortuna jûn ferslacht, dogge de Friezen goede saken foar de play-offs, want Sparta (op it stuit plak 10 yn de earedivyzje) ferlear woansdei fan Telstar.
Mar hoe grut tinkt trainer Robin Veldman dat de kâns is dat Hearrenfean Europeesk fuotbal hellet? "25 procent", seit er tsjin Omrop Fryslân. "Want er doen straks vier ploegen mee aan de play-offs."

Twa spilers blessearre by Hearrenfean

Hast alle spilers by sc Hearrenfean binne ynsetber. Allinnich Andries Noppert en Amourricho fan Axel Dongen binne blessearre. Dy lêste sil dit seizoen nei alle gedachten ek net mear yn aksje komme.

Opstelling sc Hearrenfean

Bernt Klaverboer; Oliver Braude, Sam Kersten, Maas Willemsen, Vasilios Zagaritis; Marcus Linday, Joris van Overeem; Jacob Trenskow, Ringo Meerveld, Maxence Rivera; Lasse Nordås

Wolkom!

SC Cambuur spile juster de lêste wedstriid fan it seizoen, mar de oare Fryske klup moat noch efkes troch. Want hjoed stiet de wedstriid tusken sc Hearrenfean en Fortuna Sittard op it programma yn it Abe Lenstra Stadion.
Wy folgje de wedstriid streekrjocht yn dit blog en hâlde dy op 'e hichte fan alle belangrike mominten. Fia de radio fan Omrop Fryslân kinst ek harkje nei in ferslach fan de wedstriid sc Hearrenfean Fortuna Sittard. It kommentaar wurdt fersoarge troch Roelof de Vries. Harkje kin online, mar ek fia 92.2 FM.
De wedstriid begjint om 18.45 oere.