Wat moat Cambuur mei it útfak? "Ik weiger om daar meteen aanpassingen aan te laten doen"
De lêste wedstriid dit seizoen fan Cambuur moast in feest wurde, mar waard ûntsierd troch fjoerwurk, stakingen en rellen. Foar de twadde kear dit seizoen gong it mis yn it útfak. Wat moat der feroarje?
Nei't it yn novimber yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag folslein út 'e hân rûn yn it Kooi Stadion, wie it freed by de lêste wedstriid wer raak.
Ferskate kearen waard yn it útfak fan Vitesse fjoerwurk ôfstutsen en rjochting Cambuur-supporters smiten.
Wat barde der by SC Cambuur - Vitesse?
Freedtejûn giet it om 21.15 oere foar it earst mis yn it Kooi Stadion. Mei noch in healoere te gean yn de wedstriid tusken Cambuur en Vitesse (1-1 stân) stekke de Vitesse-supporters giel fjoerwurk ôf.
Al gau fleane ferskate stikken fjoerwurk rjochting de fakken fan it thúspublyk. Skiedsrjochter Martin van den Kerkhof leit it duel stil.
As de spilers efkes letter wer op it fjild stean, lit de omropper witte dat de wedstriid definityf staakt wurdt as der nochris mei fjoerwurk smiten wurdt.
Nei't Cambuur yn de einfaze op foarsprong komt, giet it wer ferkeard. Der fljocht fjoerwurk út it útfak rjochting de Cambuursupporters. De wedstriid wurdt nei oerlis tusken belutsen partijen definityf staakt.
De 2-1 op it skoareboerd wurdt de offisjele útslach.
De fraach dy't as earste boppen komt, is hoe't it kin dat Vitesse-fans fjoerwurk it stadion yn krije.
"Die vraag is al honderd jaar oud", seit algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur. "Dat is en blijft een kat-en-muisspel. Als je de manier vindt hoe ze dat doen en vervolgens elimineert, wordt er daarna weer een nieuwe manier gevonden."
Supporters wurde fûillearre foar't se mei de bus nei it stadion gean en ek by de yngong fan it stadion. Dochs slagget it om fjoerwurk mei te nimmen.
"Bij honderd keer fouilleren vind je het niet en toch hebben ze het. Dat komt binnen op een plek waar de zon niet schijnt, denk je dan."
De Graaf begrypt der neat fan dat der mei fjoerwurk smiten wurdt. "Waar slaat dit op om met vuurwerk te gooien? Ik kan er met mijn gezonde verstand echt totaal niet bij."
Gastfrij útfak
Yn it hjoeddeistige fuotbal binne de útfakken by ferskate klups folslein ôfsluten foar de rest fan it stadion.
Cambuur woe yn it nije stadion in 'gastfrij' útfak meitsje mei goed sicht en minder ôffreding.
In moai inisjatyf, mar dochs gie it al twa kear mis. Der hingje netten oan beide sydkanten fan it fak, mar dy hâlde blykber net alles tsjin.
Takom jier spilet Cambuur yn de earedivyzje en kin it hast alle wiken rekkenje op in útferkocht útfak. De Graaf fielt der neat foar om it fak no fuortendaliks te feroarjen.
"Ik weiger om voor zulke idioten te capituleren en meteen aanpassingen te doen. Dan is er eindelijk eens een club die zo'n schitterend uitvak maakt en dan ga je er zo mee om. Maar ik ga niet meteen overstag en dat we alles dichtgooien."
"Wij horen uit de supporterswereld ook geluiden dat ze woest zijn op Vitesse. Supportersgroepen van andere clubs vinden het fantastisch dat we zo'n vak gemaakt hebben en willen hier ook heen."
It útfak fan Vitesse waard nei de staking leechhelle troch stewards en plysje. Bûten it stadion gie it hielendal mis. Supporters fan Cambuur en Vitesse krigen it mei-inoar oan de stôk. De plysje moast yngripe, ien persoan rekke ferwûne.
'Volstrekt verwerpelijke uitbarsting van geweld'
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert reagearre skriftlik op it barren. Hy is skokt troch de ûngeregeldheden.
"Wat een mooie afsluiting van het voetbalseizoen had moeten worden is geëindigd in een volstrekt verwerpelijke uitbarsting van geweld", skriuwt er.
"Rond het stadion zijn politiemensen die in gewoon tenue hun werk deden door Cambuuraanhangers met onder andere fietsen, fietsenrekken en stenen bekogeld."
"Dit was buitengewoon bedreigend en zeer gevaarlijk", giet it statement fan Buma fierder. "Dit is crimineel gedrag en de politie doet onderzoek om de daders te achterhalen."
Trainer Henk de Jong belibbe troch it barren syn ôfskie mei in bittere neismaak. De 61-jierrige Drachtster stie foar it lêst as haadtrainer op it fjild.
Derfan leare
Syn lêste minuten hienen in feest wêze moatten. "Hiel ferfelend, mar wy moatte der sels ek fan leare. Takom jier is it alle wiken in fol útfak mei 750 of 1.000 man. Hoe krije we dat foarinoar?"
Cambuur sil evaluearje moatte hoe't situaasjes lykas dizze foarkaam wurde kinne. Neffens de trainer is noch net te sizzen hoe't it moat, mar der moat goed nei sjoen wurde.
"Ik wit net wat der barre moat", seit De Jong. "It mei oar jier net wer út de hân rinne. Oars gean je dernei ta dat je yn it Nederlânske fuotbal nearne mear in útfak ha."
"We kunnen het niet ontkennen", seit De Graaf. "Eerst maar eens hierover praten en dan begrijpen dat het absoluut onacceptabel is."
Ofskied ûntsierd
Ek foar De Graaf wie it in jûn mei in dûbeld gefoel. Hy nimt nei fyftjin jier ôfskie as direkteur en dus wie Cambuur - Vitesse syn lêste wedstriid yn dizze funksje.
"Ik heb echt heel erg gemengde gevoelens. We draaien en fantastisch seizoen en zijn gepromoveerd. Dan heb je een vol stadion en dus alle ingrediënten voor een waardig afscheid."
"Maar dat is deels ontsierd door wat er allemaal gebeurde. Het is simpel gezegd buitengewoon treurig, maar ik heb mijn avond er niet door laten verpesten."
Vitesse makket ekskuzes foar gedrach supporters
De direksje fan Vitesse hat sneontemiddei reagearre op de ynsidinten by de wedstriid mei Cambuur.
"Vitesse spreekt haar afkeuring uit over de ongeregeldheden en misdragingen die zich vrijdagavond in het uitvak hebben voorgedaan tijdens de wedstrijd tussen Cambuur en Vitesse", skriuwt de klup.
"Een bitter einde van een seizoen waarin de Vitesse-supporters zich week in en week uit positief lieten gelden."
De klup út Arnhem makket ekskuzes oan de belutsenen yn Ljouwert en wurket gear mei de plysje om de dieders te pakken.
"Vitesse betreurt ten zeerste dat deze gebeurtenissen hebben plaatsgevonden en biedt haar excuses aan aan SC Cambuur, de aanwezige medewerkers, veiligheidsdiensten, autoriteiten en alle overige bezoekers die zijn geconfronteerd met overlast en onrust."