Hegere opkomst as yn 2022

Fan de 533.200 Friezen mei kiesrjocht is yn totaal 56,4 prosint nei de stimbus gien. Dat binne 301.271 fan de 533.927 Friezen mei kiesrjocht.
Dat is mear dan by de gemeenteriedsferkiezingen fan 2022. Doe wie 53,8 prosint.
Yn Fryslân binne 1.060 stimmen blanko ynfolle en 570 stimmen binne ûnjildich ferklearre.

CDA de grutste yn fiif gemeenten

Listlûker Bauke Dam (CDA Súdwest-Fryslân) © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It CDA hâldt knap stân yn Fryslân. Yn fiif gemeenten binne de kristendemokraten sels de grutste partij wurden. Fjouwer jier lyn wiene dat noch mar twa (Dantumadiel en Achtkarspelen).
Opfallend genôch moat it CDA dêr dan wer de winst oan Gemeentebelangen Dantumadiel en de FNP litte.
Bûten it CDA wie it foar de oare konfesjonelen, de partijen mei in kristlike basis, gjin moaie ferkiezingsjûn.
De ChristenUnie ferliest yn totaal 8 sitten. It hâldt yn de 13 gemeenten dêr't it aktyf is noch 18 sitten oer.
Yn seis fan dy gemeenten bliuwt it oantal sitten wol gelyk, mar hat de partij prosintueel minder stimmen krigen as by de foarige riedsferkiezingen.
De SGP is allinne aktyf yn Dantumadiel en Smellingerlân. Yn Dantumadiel krige de partij minder stimmen, mar behâldt it wol syn sit. Yn Smellingerlân komt de SGP just nij yn de ried, mei ien sit.

Klap foar GroenLinks-PvdA

It wie in bittere ferkiezingsjûn foar de kombinaasje GroenLinks-PvdA. It krige in flinke tik yn Fryslân. Se hâlde noch 47 sitten oer nei dizze gemeenteriedsferkiezingen.
Mar de fraksjes leverje mei-inoar leafst 20 sitten yn. Wie de partij fjouwer lyn noch de grutste yn seis gemeentes, dêr bliuwt allinnich de haadstêd Ljouwert fan oer. Sels yn it tradisjonele bolwurk Hearrenfean is de partij net mear de grutste. De partij giet dêr fan 10 nei 5 sitten.
Yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Skylge en Amelân die de Partij van de Arbeid noch selsstannich mei. Dy fraksjes behâlde itselde oantal sitten (5), mar ek yn Noardeast-Fryslân en Skylge ferlear de partij stimmen.
Weststellingwerf is wat in frjemde ein yn it bit. Dêr hat GroenLinks in kombinaasje mei D66 en de PvdA mei SDW. Mar ek dy ferlieze respektyflik twa en ien sit. Beide kombinaasjes hâlde noch twa sitten oer.

Lokale partijen it faakst de grutste partij

As we sjogge nei welke partijen de grutste wurden binne yn de gemeenten, dan hawwe de lokalen wûn.
Dat binne AmelandEén, Gemeentebelangen Dantumadiel, Heerenveen Lokaal, Vrije Partij Ooststellingwerf, Opsterlands Belang, Ons Belang Schiermonnikoog, Leefbaar Terschelling, Nieuw Liberaal Vlieland, SAM Waadhoeke en Weststellingwerfs belang.
It CDA is yn fiif gemeenten de grutste, GL-PvdA yn ien gemeente. De FNP is as provinsjale partij yn twa gemeenten de grutste wurden.

Ek Ljouwert is klear mei it tellen fan de stimmen

De útslach yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
GroenLinks-Pvda bliuwt de grutste yn Ljouwert, mar moat wol sitten ynleverje. Der bliuwe der 9 oer.
D66 wurdt de twadde partij yn de haadstêd mei 5 sitten. Dêrachter komme FNP, Gemeentebelangen058, CDA en VVD mei elk 4 sitten.
Forum voor Democratie komt op 3 sitten, wylst JA21 2 sitten pakt.
ChristenUnie, SP, Slim en Partij voor de Dieren helje allegear 1 sit.

We wachtsje noch op Ljouwert

Ek Harns hat de útslach klear. De grutte winner dêr is it CDA dat fan 3 nei 5 sitten giet. Dy 2 sitten komme fan GroenLinks-PvdA, dat fan 5 nei 3 sitten giet.
By de oare partijen yn Harns liket neat te feroarjen. Harlinger Belang bliuwt op 3 sitten, VVD en Wad'n Partij op 2 sitten en HOOP en D66 op 1 sit.

Spanning en blydskip yn Súdwest-Fryslân

Untlading yn Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Spanning en blydskip by it CDA yn Súdwest-Fryslân. Ek by GroenLinks-PvdA, mar it CDA is dochs de grutste wurden.

CDA en FNP oan kop yn De Fryske Marren, FVD krijt der trije sitten by

De útslach fan de gemeente De Fryske Marren © ANP
En dan De Fryske Marren. CDA en FNP krije dêr beide 7 sitten. It FNP ferliest in bytsje, mar stekt mei 20,2 prosint noch krekt boppe de 20,1 prosint fan it CDA út.
Forum voor Democratie is ien fan de winners yn De Fryske Marren. It krijt der 3 sitten by en komt sa op 4 sitten út. D66 groeit ek en krijt der in sit by.
BBB en Ondernemende Friezen binne nijkommers: sy helje beide ien sit. Twa oare lokale partijen, Kleurrijk Fryske Marren en Burgerpartij De Fryske Marren ferlieze en hâlde beide ien sit oer.
Yn de gemeente binne 16 sitten nedich foar in mearderheid. De hjoeddeiske koälysje fan FNP, CDA en GroenLinks-PvdA hat 18 sitten.

Better foar Tytsjerksteradiel komt binnen op 5 sitten

De útslach fan de gemeente Tytsjerksteradiel © ANP
Dan de definitive útslach yn Tytsjerksteradiel. Dêr wurdt it CDA de grutste mei 5 sitten (20,7%). Nijkommer Better foar Tytsjerksteradiel hellet ek fiif sitten, mar hellet krekt wat minder stimmen (19,8%).
GroenLinks-Pvda en FNP ferlieze beide in sit en hâlde 4 sitten oer. VVD pakt der in sit by en komt op 3.
ChristenUnie en D66 pakke elk noch 1 sit yn de ried.

VVD net langer de grutste yn Weststellingwerf

De útslach yn Weststellingwerf © ANP
Weststellingwerfs Belang ferliest in sit yn Weststellingwerf en komt út op 3 sitten (16,1%). VVD hellet dêr ek 3 sitten, mar is net langer de grutste partij (15,6%).
It CDA hellet yn Weststellingwerf ek 3 sitten. En ek nijkommers Hart voor Weststellingwerf en Forum voor Democratie komme út op 3 sitten.
De kombinaasjes fan GroenLinks-D66 en Sociaal Duurzaam Weststellingwerf-PvdA pakke elk 2 sitten.
Nijkommers BBB en Lokaal Rechts Weststellingwerf komme mei ien sit yn de ried.

Ex aequo foar CDA en GroenLinks-PvdA yn Smellingerlân

De útslach yn de gemeente Smellingerlân © ANP
Hoe liket it yn Smellingerlân? No, ex aequo foar CDA en GroenLinks-PvdA.
It CDA waard krekt wat grutter, mei 15,1 prosint fan de stimmen. Beide partijen komme op 5 sitten út.
ELP en Smallingerlands Belang krije 4 sitten yn de ried, CU en VVD en SP krije 3 sitten en SP, D66 en FNP allegearre 2 sitten. De lêste sit is foar de SGP.
De útslach betsjut dat de koälysje fan CDA, CU, VVD, GL-PvdA en FNP de mearderheid behâldt. Se komme út op 18 sitten, twa mear as nedich.

Grutte klap foar FNP yn Waadhoeke, SAM bliuwt de grutste

De útslach yn de gemeente Waadhoeke © ANP
Yn de gemeente Waadhoeke is SAM Waadhoeke de grutste partij bleaun. De gearwurking tusken Pvda, GroenLinks, D66 en Werkgroep het Bildt hâldt 7 sitten (24,4%).
Gemeentebelangen ferliest 1 sit en komt op 6. Dat is likefolle as it CDA.
Winst is der foar de VVD, dy gean fan 2 nei 4. Nijkommer BBB komt út op 3 sitten.
De grutte klap yn Waadhoeke is foar de FNP. Sy ferlieze 4 sitten en bliuwe stean op 2 sitten.

GroenLinks-PvdA krijt in grutte klap yn Hearrenfean

De útslach yn de gemeente Hearrenfean © ANP
Heerenveen Lokaal einiget yn de gemeente Hearrenfean op it earste plak. Mei 18,2 prosint fan de stimmen hellet it 6 sitten.
GroenLinks-PvdA krijt in flinke klap yn Hearrenfean. It ferliest leafst 5 sitten en hâldt der ek 5 oer.
Fierder is it politike lânskip yn dizze gemeente aardich fersnipele. Nei dizze partijen folgje it CDA (4), VVD, D66, FNP, FVD (allegearre 3), Frisse Wind 21 (2) en SP en CU (1).
Frisse Wind 21 en Forum voor Democratie diene foar it earst mei yn Hearrenfean. Net ûnfertsjinstlik dus, want byinoar helje sy 5 sitten.
Heerenveen Lokaal oan kop © Rudy Bouma/RBNieuws.nl

CDA wurdt grutste partij yn Súdwest-Fryslân

De útslach fan de gemeente Súdwest-Fryslân © ANP
Yn Súdwest-Fryslân binne der 2 sitten winst foar it CDA (22,1%). Dêrmei komme sy út op 9 sitten en dêrmei binne sy de grutste wurden.
GroenLinks-PvdA ferliest 3 sitten, komt út op 7 en is dêrmei net langer de grutste yn de gemeente.
FNP hellet 4 sitten. Dêrachter komme VVD, D66 en Forum voor Democratie mei 3 sitten.
PVV en BBB komme nij yn de ried mei 2 sitten. Ek GemeenteBelangen hellet der 2. ChristenUnie en SP krije genôch stimmen foar 1 sit.

It falt net by te poatsjen: noch mar in pear gemeenten te gean

Drokte yn de seal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De útslaggen komme sa fluch achterinoar binnen, dat it suver net by te poatsjen is. Fan de 18 Fryske gemeenten binne der noch mar 4 dy't mei in útslach komme moatte.
Dat binne Weststellingwerf, Ljouwert, De Fryske Marren en Harns. Dy lêste twa wurde ek al gau ferwachte.

Listlûker Tjibbe Brinkman fan de FNP yn Achtkarspelen is út 'e skroeven

In sichtber emosjonele listlûker Tjibbe Brinkman fan de FNP yn Achtkarspelen. Mei fiif sitten is syn partij de grutste wurden.
"Alle spanning komt derút. Dit is moaier as myn troudei."

Koälysje Achtkarspelen hâldt mearderheid, FVD klimt mei twa sitten

De útslach fan de gemeente Achtkarspelen © ANP
FNP en CDA hawwe yn Achtkarspelen beide fiif sitten helle. Dêrnei folgje Forum voor Democratie en GroenLinks-PvdA, beiden mei trije sitten, en ChristenUnie en PVV, beiden mei twa sitten. GBA Achtkarspelen hat ien sit.
Foar de VVD is it in teloarstellende jûn, want dizze partij helle nul sitten. Dat jildt ek foar de BBB en Sociaal Democraten Achtkarspelen, dy't yn dizze gemeente debutanten wiene dizze ferkiezingen.
Mei dizze útslach hâldt de hjoeddeiske koälysje fan CDA, FNP en GBA krekt in mearderheid mei 11 sitten.

Opsterlands Belang fierwei de grutste

De útslach fan de gemeente Opsterlân © ANP
Yn Opsterlân is der grutte winst foar Opsterlands Belang (36,5%). Sy gean fan 5 nei mar leafst 9 sitten.
Op grutte efterstân binne der 4 sitten foar it FNP (16,2%) en 3 sitten foar GroenLinks-PvdA (13,1%).
Foar it CDA, de VVD en ChristenUnie binne der 2 sitten, D66 hellet er 1.

Vrije Partij Ooststellingwerf grutte winner yn Eaststellingwerf

De útslach fan de gemeente Eaststellingwerf © ANP
Yn Eaststellingwerf ha trije partijen 4 sitten helle. Vrije Partij Ooststellingwerf is de grutste (18,6%), folge troch GroenLinks-PvdA (18,1%) en Ooststellingwerfs Belang (17,6%).
Koart dêrachter komme VVD (16%) en CDA (12,6%) mei elk 3 sitten.
D66, ChristenUnie en Democratisch Ooststellingwerf pakke allegear 1 sit.

It giet hurd!

De iene nei de oare gemeente komt op dit stuit binnen: Achtkarspelen, Dantumadiel, Opsterlân, Eaststellingwerf en Tytsjerksteradiel melde ek harren útslaggen.

9 stimmen ferskil yn De Fryske Marren

Ek yn De Fryske Marren is it hiel spannend. Se binne dêr klear mei it tellen fan de stimmen.
De FNP is de grutste wurden, mar hat mar 9 stimmen mear as nûmer twa CDA.
Beide partijen komme út op 7 sitten.

CDA dochs de grutste yn Noardeast-Fryslân

De útslach yn gemeente Noardeast-Fryslân © ANP
Yn Noardeast-Fryslân is it CDA mei seis sitten de grutste wurden (17,5 prosint). Dêrmei hat it CDA dochs de FNP noch ynhelle, dy't yn de exitpoll noch de grutste like. It FNP komt út op fiif sitten (15,9 prosint).
Dêrnei folgje S!N (4 sitten), Liberaal Noardeast-Fryslân (4), ChristenUnie PvdA, VVD, Gemeentebelangen (allegearre 2).
D66 die foar it earst mei yn dizze gemeente, mar it slagge dizze partij net om in sit te heljen. BBB en LNF binne ek nijkommers, mar dy helje it dus wol yn de ried.

GroenLinks-PvdA liket grutste yn Ljouwert

Tuskenstân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn Ljouwert liket GroenLinks-PvdA de grutste partij te bliuwen. Nei 66% fan de stimmen ha se twa kear safolle stimmen as nûmer twa, D66.

2 stimmen ferskil op Skylge

Op Skylge is it dus hiel spannend. Leefbaar Terschelling hat 612 stimmen helle en is dêrmei de grutste wurden.
De nûmer twa is Plaatselijk Belang, sy ha 610 stimmen helle.
Listlûker Colin de Beer fan Leefbaar Terschelling wol opsjitte mei de formaasje: "We beginnen morgen vroeg om tien uur. Dan gaan we twee rondes doen met alle partijen om te kijken hoe we de komende vier jaar gaan invullen."

Leefbaar Terschelling wint en docht it as iennige partij better

De útslach yn de gemeente Skylge © ANP
Yn de gemeente Skylge is Leefbaar Terschelling mei 21,8 prosint fan de stimmen de grutste partij wurden. Op it nipperke, want Plaatselijk Belang Terschelling folget mei 21,7 prosint.
Leefbaar Terschelling is de iennige partij dy't it better dien hat as de foarige ferkiezingen.
Plaatselijk Belang Terschelling, VVD, Samen Terschelling, PvdA en CDA ferlieze allegearre.
It betsjut ek dat de koälysje op it eilân syn mearderheid kwyt is. Plaatselijk Belang Terschelling en de VVD foarmje de koälysje, mar sy ferlieze beiden in sit.
Dat betsjut dat se tegearre fjouwer sitten hawwe, net genôch foar in mearderheid fan seis sitten.

Op Amelân is Ameland1 de winner

De útslach yn gemeente Amelân © ANP
Op Amelân is Ameland1 de winner: mei 30,1 prosint fan de stimmen komt dizze lokale partij út op 3 sitten.
Dat binne lykwols likefolle sitten as it CDA, de nûmer twa mei 26,9 prosint fan de stimmen.
Hoewol't Ameland1 dus de grutste is, hat it prosintueel minder stimmen binnenhelle as de foarige ferkiezingen. It CDA hellet der just mear.

CDA wint yn Noardeast-Fryslân

It CDA is de grutte winner yn de gemeente Noardeast-Fryslân, mei 17,5% komt de partij op 6 sitten. Op it twadde plak is de FNP einige (15,9%) en dy giet fan 8 sitten werom nei 5.
Liberaal Noardeast-Fryslân (14,1%) en S!N (13,8%) komme beiden út op 4 sitten.

Skylge en Amelân ek binnen!

De oare eilannen slute oan yn it rychje, de útslaggen fan Skylge en Amelân binne ek bekend.

BBB docht as nijkommer goede saken yn Súdwest

BBB Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
De BBB docht foar it earst mei yn Súdwest-Fryslân en liket in soad stimmen te pakken. De kandidaten hoopje op ien sit yn de ried.
Op dit momint waard ûnder oare de útslach fan Snits bekend. Dy wie foar de BBB teloarstellender: dêr wenje dúdlik minder kiezers dy't op harren stimd hawwe.

Opsterlands Belang wie al de grutste, mar liket wer te groeien

Yn Opsterlân binne yntusken 15 fan de 19 stimburo's teld. De gemeente komt mei in earste prognoaze.
Opsterlands Belang liket in grutte winst te boeken. Dizze lokale partij wie al de grutste, mar dat ferskil liket grutter te wurden.
Tsien sitten hat Opsterlands Belang yn de foarriedige prognoaze. FNP en GroenLinks-PvdA folgje dêrnei mei 4 en 3 sitten.

Heechste konsintraasje yn Boalsert

Der wurdt noch flink teld © BTBmedia
Yn sporthal De Middelzee yn Boalsert gjin bier, bitterballen of muzyk. Nee, de heechste konsintraasje is wat de klok slacht. Telle, telle, telle.

Spanning en toarstige kielen

Yn de seal dêr't Súdwest-Fryslân alles yn 'e gaten hâldt © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Al dy ferkiezingsstress en útslaggespanning, dat makket toarstich. Mei in drankje yn 'e hân en kreas yn 'e partijkleuren stutsen wurdt alles yn Súdwest-Fryslân folge.

BBB-lieder Vermeer nei exitpoll Noardeast-Fryslân: "We zijn binnen"

"We zijn binnen", sei BBB-lieder Henk Vermeer nei't de exitpoll fan Noardeast-Fryslân bekend waard. Syn partij hellet dêryn twa sitten.
Mei twa riedsleden "heb je een duo, kun je een team opbouwen", sei Vermeer op in ferkiezingsgearkomste yn Dokkum.
De BBB is neffens Vermeer omkeard groeid om't de partij earst yn de Twadde Keamer kaam, letter pas yn de provinsjes, wetterskippen en it Europeesk Parlemint, en no pas yn gemeenten.
"De gemeente is toch altijd een kweekvijver voor je partij."
Vermeer is tige bliid. "Want er zijn hier best wel veel verschuivingen en de grootste partij heeft maar zes zetels, dus daar zit je met twee helemaal niet zo ver vanaf."
Henk Vermeer is sûnt febrewaris de nije lieder en fraksjefoarsitter fan de BoerBurgerBeweging. Hy hat it stokje oernaam fan Caroline van der Plas.

Boargemaster Stoel op de showtrep

Dêr stiet er! © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
As in echte showman stiet boargemaster Leo Pieter Stoel op de treppen fan it gemeentehûs op De Jouwer.
De Fryske Marren is ien fan de grutste gemeenten yn Fryslân, dus de einútslach sil dêr noch wol efkes op him wachtsje litte.

Partijen tusken hoop en freze

Fraksjefoarsitter Dennis Bekius fan Smallingerlands Belang © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Yn alderhande Fryske gemeenten komme yntusken útslaggen binnen fan de lytsere stimburo's. Yn Smellingerlân wurdt alles op 'e foet folge.
Smallingerlands Belang stiet no boppe-oan by 5 fan de 35 stimburo's. Fraksjefoarsitter Dennis Bekius fynt it o sa spannend.

Smellingerlân folget mei ynteresse de útslaggen

Spanning by de ferkiezingsjûn yn Smellingerlân © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Yn Drachten wurde de útslaggen fan de stimburo's yn de gemeente Smellingerlân mei ynteresse en spanning folge. It foarriedige opkomstpersintaazje is 52,34%. Dat binne 22.802 fan de 45.176 stimrjochthawwers.
Fan twa stimburo's yn Smellingerlân binne noch gjin gegevens beskikber.

It doarpshûs fan Harich is drok oan it tellen

Bulten papier troch © BTBmedia
Yn doarpshûs Ons Gebouw yn Harich wurdt op dit stuit noch drok teld. De frijwilligers meitsje kreas steapels fan alle biljetten om alles goed telle te kinnen.

Exitpoll Noardeast-Fryslân: FNP de grutste, Liberaal Noardeast-Fryslân kriget 4 sitten

De exitpoll fan de gemeente Noardeast-Fryslân is bekend. Dêryn is de FNP de grutste partij wurden, folge troch it CDA, S!N en Liberaal Noardeast-Fryslân.
Wylst de FNP en S!N dus noch hieltyd grut binne, soene sy beide wol twa sitten ynleverje moatte.
Neffens de exitpoll soe de FNP 6 op sitten útkomme, it CDA en S!N op 5 en Liberaal Noardeast-Fryslân op 4. Dy lêste partij siet oant no ta noch net yn de gemeenteried.
De BBB heart ta de winners, sy lykje fan 0 nei 2 sitten te gean.

Boargemaster Meendering fan Skiermûntseach makket de útslach bekend

Flylân is nûmer twa mei in útslach

De útslach fan Flylân © ANP
Nei Skiermûntseach is ek Flylân binnen mei in útslach.
Yn de gemeente Flylân hat Nieuw Liberaal Vlieland 4 fan de 9 sitten helle. Dat is 36,7 prosint fan de stimmen. Dêrmei hat dizze partij oertsjûgjend wûn.
GroenWit (24,8%) en LijstFier (24,7%) helje beiden 2 sitten. De hikkesluter op it eilân is Algemeen Belang Vlieland, dat mar ien sit hellet.

Ljouwert telt troch

Yn Ljouwert giet it tellen noch troch. Sjoch hjir hoe't it deroan tagiet.

Skiermûntseach is útteld!

Skiermûntseach hat binnen in kertier de stimmen teld en is de earste mei in útslach. Der binne 661 stimmen útbrocht en dêrmei hat de gemeente in opkomst fan 76 prosint.
Ons Belang hat de measte stimmen binnenhelle; 37,3 prosint, dat komt del op 242 stimmen.
Schiermonnikoogs Belang helle 32,1 prosint fan de stimmen en Samen voor Schiermonnikoog 30,6 prosint.
De útslach op Skiermûntseach © ANP

Sa telle de stimburo's yn Fryslân

Der binne 11 gemeenten yn Fryslân dy't sintraal telle en 7 gemeenten dy't desintraal telle.
Yn Amelân, De Fryske Marren, Hearrenfean, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf dogge se it desintraal.
Dat hâldt yn dat de stimburoleden jûn alle stimmen telle, dus sawol op listnivo (de partijen) as kandidaatnivo. Dat tellen wurdt dus fuortendaalks al dien op it plak dêr't stimd is.
It sintraal tellen wurket oars. De stimburo's telle allinne hoefolle stimmen eltse partij krige en hoefolle minsken der stimd hawwe. Noch net op kandidaatnivo dus. Dat dogge se om flugger telle te kinnen.
De stimbiljetten wurde dêrnei fersegele en nei in sintrale tellokaasje brocht. De folgjende dei wurde alle stimmen teld op kandidaat- en ek nochris op partijnivo.
Foar de útslaggen op detailnivo moatte je dus wat langer wachtsje, mar de útslach op partijnivo is der rapper. Dat betsjut ek minder nachtwurk foar de stimburoleden.

Skiermûntseach drok dwaande mei it stimmen tellen

Stimmen telle op Skiermûntseach © RTV NOF, Esther Leystra
Op Skiermûntseach wurdt drok stimmen teld. It eilân is meastal ien fan de earste gemeenten yn Nederlân dy't de útslach bekend makket.

De stimbussen binne ticht!

Op 'e kop en telle mar © ANP
It tellen kin begjinne.
Dêrmei barst ek de striid los tusken de eilannen. Skiermûntseach en Flylân besykje tradisjoneel beide as earste it tellen fan de stimmen klear te hawwen.
Klokslach 21.00 oere strûpe de tellers op beide eilannen de mouwen op.
"Ik heb er al zin in, het is altijd een hele mooie avond", sei boargemaster Michiel Schier fan Flylân earder al. Op dat eilân stiet in team fan acht tellers paraat.
De foarige kear wie Skiermûntseach krekt 16 minuten rapper. "We gaan er gewoon voor en we gaan het zo snel mogelijk doen allemaal."

Einsprint op stimburo stedhûs yn Snits

Op it stimburo op it stedhûs yn Snits binne se noch tige fleurich © Omrop Fryslân, Wybren de Boer

De opkomst om 19.00 oere: 46,95% hat stimd

Yntusken hawwe alle Fryske gemeenten in tuskentiidske opkomst fan 19.00 oere trochjûn.
Fan de likernôch 526.725 Friezen mei kiesrjocht hawwe op dat tiidstip 247.272 stimd. Dat komt del op 46,95 prosint.

Ferkiezingen yn de lytste gemeente fan Nederlân: Skiermûntseach

Mei minder as tûzen ynwenners is Skiermûntseach de lytste gemeente yn Nederlân. En ek op it eilân wurdt hjoed stimd foar de gemeenteriedsferkiezingen.
It giet yn totaal om njoggen sitten yn de gemeenteried. Opfallend is dat op Skiermûntseach allinnich mar lokale partijen op it stimbiljet stean.

Soad stimmers op gemeentehûs Bûtenpost: "Super"

Hjir yn Achtkarspelen binne se grutsk © Omrop Fryslân
Op it gemeentehûs yn Bûtenpost is it aanst feest, mar it stimburo dêr is noch efkes iepen. "De opkomst is super, er zijn hier meer dan 950 mensen geweest. Wij zijn heel trots op Buitenpost."
It stimburo sit ek flakby it stasjon, dêrom hellet dit stimburo eins altyd de 100 prosint opkomst. Dêrtroch komme der ek minsken út omlizzende doarpen.

Súdwest-Fryslân hopet op in einsprint

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
Yn it Atrium yn Snits is it noch rêstich, om 21.00 oere begjint de ferkiezingsjûn dêr. Boargemaster Jannewietske de Vries is der al wol en hopet op in einsprint.
"It soe hiel knap wêze as wy wer op dy 55,6 prosint komme, mar ast nei it lanlike byld sjochst, wurdt it wol dreech. Ik rekkenje derop dat Súdwest-Fryslân de sokken der noch efkes yn set, sa't we royaal boppe de 50 prosint komme."

Fryslân Kiest: fan 20.00 oant 01.00 oere yn 13 gemeenten

Fryslân Kiest © Omrop Fryslân
Net allinne op ús webside en app kinsto de útslaggen folgje, ek by Omrop Fryslân op telefyzje en radio.
Fan 20.00 oant 01.00 oere stjoere wy ir programma Fryslân Kiest út.
It belooft in histoaryske jûn te wurden: Omrop Fryslân is yn leafst 13 fan de 18 gemeenten live mei in ferslachjouwer.
Om dat mooglik te meitsjen, wurket de Omrop gear mei streekomroppen RTV NOF, Omroep Zilt en Radio Spannenburg.
Dêrneist skowe ferskate gasten yn de studio oan by presintatoaren Simone Scheffer en Jan Dirk de Haan.
Simone Scheffer en Jan Dirk de Haan © Omrop Fryslân

Goeiejûn!

Yn dizze livebloch hâldt Omrop Fryslân dy op 'e hichte fan al it ferkiezingsnijs út dizze útslaggejûn.
De tiid begjint te driuwen ast noch stimme wolst: wa't noch gebrûk meitsje wol fan it demokratysk rjocht hat noch oant 21.00 oere de tiid.
Weromlêze hoe't de ferkiezingsdei yn Fryslân ferrûn kin hjir: