Gouden Rijpma-de Jong en De Laat

In gouden dei foar Antoinette Rijpma-de Jong: se pakte har earste gouden medalje op de 1.500 meter. Femke Kok waard knap fiifde en Marijke Groenewoud waard tsiende.
Suzanne Schulting foel yn de heale finale fan de 1.500 meter en pleatste har net foar de finale. Itzhak de Laat hie mear gelok yn it shorttrack, hy wûn goud op de ôflossing mei de manljusploech.
Moarn stiet it lêste reedrydûnderdiel op it programma: de massastart foar manlju en froulju mei Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud.

Kim wint finale 1.500 meter shorttrack

De finale fan de 1.500 meter froulju is wûn troch de Koreaanske Kim.
Gjin Schulting yn de finale dus: sy foel yn de heale finale en wist har net te pleatsen.

GOUD FOAR DE OFLOSSINGSMANLJU!

De Laat pakt goud mei de manljusploech © ANP
De Nederlânske manlju pakke goud op de 5.000 meter relay! Jens en Melle van't Wout, Teun Boer en Friso Emons besoargje Nederlân noch in gouden plak. Itzhak de Laat, dy't reserve stie, fiert it feestje mei op it iis. Hy ried wol de heale finale

Moarn massastart mei Bergsma en Groenewoud

Wylst de manlju de ôflossingsfinale ride by it shorttrack, sjogge we alfêst nei de dei fan moarn.
De lêste reedryddei fan de Olympyske Winterspelen bringt ús de massastart foar manlju en froulju, mei twa Friezen: Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud.
De manlju begjinne om 15.00 oere, de froulju om 15.50 oere.

Schulting over val: "Glij weg, uit het niets"

Suzanne Schulting falt © Orange Pictures
"Ik wil een actie buitenom zetten en ik glij weg, uit het niets", zegt Suzanne Schulting tegen de NOS. "Ik voelde me heel sterk, had het gevoel dat ik er vol voor kon gaan."
"Het was geen makkelijke finale qua tegenstanders, dus ik wist dat ik niet op halve kracht aan kon komen zetten. Maar het is heel zuur dat je op deze manier het ijs moet verlaten."

Zacht ijs

Ook Xandra Velzeboer viel. "Het ijs brak gewoon uit het niets weg. Denk dat het ijs heel zacht is, daardoor zijn er veel valpartijen en dat is jammer."

Ek gjin finale foar den Dulk

Tineke den Dulk fan Ljouwert is yn de tredde heale finale útskeakele en giet ek net nei de finale.

Schulting falt!

Suzanne Schulting útskeakele op de 1.500 meter © Dijks Media
Suzanne Schulting is fallen en giet net troch nei de finale!
Xandra Velzeboer is dêrnei ek fallen en krijt ek gjin finaleplak.

No de twadde heale finale

Schulting stiet oan de start om in plak yn de finale te bemachtigjen.

De Laat reserve

De finales by de 5.000 meter relay by de manlju begjinne om 21.18 oere. Itzhak de Laat stiet dêrby de reserve.
Jens en Melle van't Wout, Teun Boer en Friso Emons sille de relay ride.

Schulting yn twadde heale finale

Suzanne Schulting rydt, wer tsjin Xandra Velzeboer, aanst yn de twadde heale finale. De bêste twa fan de heale finales geane troch, ek de rapste tredde fan de yn totaal trije heale finales.
Schulting start fan plak 3 yn de heale finale.

Lêste kwartfinale opnij

De Poalske Sellier krijt in reed yn it gesicht en ek de Italiaanske Fontana is fallen. Dêrom wurdt de lêste kwartfinale opnij riden.
Sellier is op in brankaar ôffierd.

Schulting en Velzeboer troch

Suzanne Schulting © Orange Pictures
Gjin problemen yn Milaan: Suzanne Schulting en Xandra Velzeboer binne beiden troch nei de heale finale. Gjin panyk by Schulting, dy't rêstich as tredde finisht. Velzeboer komt as earste oer de streek.

Schulting oan 'e lieding

Suzanne Schulting yn de kwartfinale © Dijks Media
Schulting rydt de earste rûntsjes al op kop. Kin se dit folhâlde?

It is de beurt oan Schulting!

Tiid foar de fiifde ronde mei Suzanne Schulting en Xandra Velzeboer.

Den Dulk nei heale finale, en hoe!

De Belgyske Tineke den Dulk, berne yn Ljouwert, is troch nei de heale finale. Se sprinte betiid yn de wedstriid al hurd fuort en rûn in rûntsje yn op har tsjinstanners.

Velzeboer falt!

Michelle Velzeboer stapt harsels op de hakke en giet net troch nei de heale finale!
Juster foel se ek al op de relay foar froulju.

Wy binne los!

Michelle Velzeboer begjint yn de earste ronde.
Suzanne Schulting begjint aanst yn 'e fiifde ronde.

Comeback fan Schulting?

Suzanne Schulting © Omrop Fryslân / NOC*NSF
Twa jier lang hat Schulting by Team Essent riden as langebaanrydster. Yn jannewaris wie se wer efkes shorttrackster op it NK yn Ljouwert. Dêr wûn se en jûn stiet se op it olympyske iis yn Milaan, wer as shorttrackster.
Kin de olympysk kampioene op de 1.000 meter fan 2018 en 2022 wer taslaan?
Suzanne Schulting © Omrop Fryslân / NOC*NSF

Troch nei it shorttrack, andiamo!

Bist al bykaam fan dy spannende 1.500 meter? Want it folgjende ûnderdiel stiet foar de doar: de 1.500 meter shorttrack by froulju. De Nederlânske ynbring is Michelle Velzeboer, Xandra Velzeboer en Friezin Suzanne Schulting.
Om 20.15 oere sette de kwartfinales útein, wêrby't de bêste trije út elke race trochgean en ek de trije rapste nûmers fjouwer.
Suzanne Schulting begjint yn ronde 5, deselde ronde as Xandra Velzeboer.

Friezen grutsk op Rijpma-de Jong

Bliidskip yn Milaan © Willem Vermeltfoort
De Fryske taskôgers yn Milaan fiere de olympyske titel fan Antoinette Rijpma-de Jong.

Felisitaasjes fan Kok

Rijpma-de Jong en Kok © Orange Pictures
Antoinette Rijpma-de Jong krijt de felisitaasjes fan har ploechgenoat Femke Kok, dy't op it fiifde plak einige is.

It poadium fan de 1.500 meter

Ragne Wiklund, Antoinette Rijpma-de Jong en Valerie Maltais © Dijks Media

Utslach fan de 1.500 meter

Antoinette Rijpma-de Jong wint de 1.500 meter © Dijks Media
  1. Antoinette Rijpma-de Jong - 1.54,09
  2. Ragne Wiklund - 1.54,15
  3. Valerie Maltais - 1.54,40
  4. Brittany Bowe - 1.54,70
  5. Femke Kok - 1.54,79
Marijke Groenewoud einiget op plak 10, Ellia Smeding op plak 23.

RIJPMA-DE JONG OLYMPYSK KAMPIOEN

Antoinette Rijpma-de Jong © Dijks Media
Miho Takagi rêdt it net! Se finisht yn 1.54,86 en dat is net genôch foar de winst!
Antoinette Rijpma-de Jong is de nije olympysk kampioen op de 1.500 meter!

Lêste rit!

Takagi tsjin Zdráhalova, wa wint?

Rijpma-de Jong oan 'e lieding!

Har rapste iepening fan it hiele seizoen! It bringt har nei in tiid fan 1.54,09 en se nimt de lieding oer.
Brittany Bowe finishte yn 1.54,70.

Fals!

Rijpma-de Jong stie net stil!

No moat Rijpma-de Jong!

Antoinette Rijpma-de Jong komt yn aksje, de lêste Friezinne yn aksje hjoed. Se rydt tsjin Brittany Bowe.

Wiklund oan 'e lieding

Ald-wrâldkampioen 1.500 meter Ragne Wiklund wint har rit yn 1.54,15 en nimt de lieding oer.
Nadezhda Morozova finisht yn 1.55,76.

Blondin wint har rit

Ivanie Blondin wint fan McGregor yn 1.54,93.
Kaitlyn McGregor wie enoarm út balâns yn de lêste bocht, mar wist te finishen yn 1.55,39.

Golubeva stadiger as Kok

Elizaveta Golubeva wint krekt foar Mei Han yn 1.54,86, mar is stadiger as Femke Kok.
Mei Han finisht yn 1.54,97.

Maltais rapper as Kok

Valerie Maltais wint har rit yn 1.54,40 en nimt de lieding oer fan Femke Kok.
Isabelle van Elst finisht yn 1.57,82.

Lollobrigida komt ek net by Kok

Francesca Lollobrigida wint har rit yn 1.56,51 en komt net oan de tiid fan Kok!
Ayano Sato finisht yn 1.58,36.

Lollobrigida giet fierder

Francesca Lollobrigida, de nije olympysk kampioene op de 3.000 en 5.000 meter, stiet oan 'e start tsjin Ayano Sato.

Rijpma-de Jong wol goud

Ien medaljekleur ûntbrekt noch yn de prizekast fan Antoinette Rijpma-de Jong: goud.
"Dit binne myn fjirde Spelen, dy brûnzen en sulveren medalje binne der. Mar der ûntbrekt noch ien, ik ha noch ien kâns", sei Rijpma-de Jong earder tsjin de NOS.

Tiid foar dweilskoft

Marijke Groenewoud nei har rit © Orange Pictures
Nei acht ritten is it tiid foar in dweilskoft. Femke Kok stiet noch hieltyd op it earste plak mei 1.54,79, Marijke Groenewoud stiet twadde mei 1.55,16.
De top 5 nei de earste helte:
  1. Femke Kok - 1.54,79
  2. Marijke Groenewoud - 1.55,16
  3. Natalia Czerwonka - 1.56,96
  4. Jeannine Rosner - 1.57,24
  5. Béatrice Lamarche - 1.57,65
Ellia Smeding stiet njoggende mei 1.58,40.

Yin wint har rit

Qi Yin finisht yn 1.57,76.
Greta Myers, net hielendal fit, finisht yn 1.59,81.

Groenewoud komt net by Kok!

Groenewoud kin net by de tiid fan Kok komme! Se finisht yn 1.55,16.
Natalia Czerwonka finisht yn 1.56,96.

Tiid foar Groenewoud!

Marijke Groenewoud foar har rit © Orange Pictures
Marijke Groenewoud stiet klear: wat kin de pupil fan Jillert Anema sjen litte?

Scholz wint rom fan Horikawa

Lea Sophie Scholz wint fan Horikawa yn 1.57,68.
Momoka Horikawa finisht yn 1.59,33.

Rosner wint fan Park

Jeannine Rosner rydt nei 1.57,24 en komt net oan de tiid fan Kok.
Ji-Woo Park finisht yn 1.58,26.

Lamarche wint rom fan Li

Béatrice Lamarche set de twadde tiid del: 1.57,65.
Jiaxuan Li finisht yn 1.59,36.

Løvås wint fan Lim

Aurora Grinden Løvås wint haar rit yn 1.58,77.
Leewon Lim finisht yn 1.59,73. De tiid fan Kok bliuwt noch stean.

Smeding wint har rit

Smeding wint fan Ilyachshenko, mar komt net oan de tiid fan Kok: se finisht yn 1.58,40.

Smeding tsjin Ilyachshenko

Ellia Smeding út Harns rydt no tsjin Arina Ilyachshenko.

Net wat Kok hope hie

Femke Kok op de 1.500 meter © Dijks Media
Femke Kok finishte yn 1.54,79. Se skodhollet, lykas har coach Gerard van Velde.

Iepening Kok

De iepening is 24.71: net sa rap as by har baanrekôr yn Thialf.

De earste Friezinne stiet klear!

Femke Kok is net hielendal allinnich, want der sit folle oranje op 'e tribune.

Kok mei it spits ôfbite

Mei tsien minuten begjinne wy! Gean mar fêst klear sitten, want Femke Kok mei fuortendaliks begjinne.

Rittenskema 1.500 meter

We sille ús opmeitsje foar de lêste yndividuele reedrydôfstân fan dizze Spelen! Hjirûnder fynst it ritteskema (Friezen fetdrukt):
  • Rit 1: Femke Kok (NED)
  • Rit 2: Ellia Smeding (GBR) - Arina Ilyachshenko (KAZ)
  • Rit 3: Aurora Grinden Løvås (NOO) - Leewon Lim (KOR)
  • Rit 4: Béatrice Lamarche (CAN) - Jiaxuan Li (CHI)
  • Rit 5: Jeannine Rosner (OOS) - Ji-Woo Park (KOR)
  • Rit 6: Lea Sophie Scholz (DUI) - Momoka Horikawa (JAP)
  • Rit 7: Marijke Groenewoud (NED) - Natalia Czerwonka (POL)
  • Rit 8: Greta Myers (VS) - Qi Yin (CHI)
  • Rit 9: Ayano Sato (JAP) - Francesca Lollobrigida (ITA)
  • Rit 10: Isabelle van Elst (BEL) - Valerie Maltais (CAN)
  • Rit 11: Elizaveta Golubeva (KAZ) - Mei Han (CHI)
  • Rit 12: Ivanie Blondin (CAN) - Kaitlyn McGregor (ZWI)
  • Rit 13: Nadezhda Morozova (KAZ) - Ragne Wiklund (NOO)
  • Rit 14: Brittany Bowe (VS) - Antoinette Rijpma-de Jong (NED)
  • Rit 15: Nikola Zdráhalova (CZE) - Miho Takagi (JAP)

Goede training foar Groenewoud

Marijke Groenewoud yn Milaan © Dijks Media
Marijke Groenewoud ried yn har training foar de 1.500 meter har rapste rûntsje fan it jier, mar wol noch net sizze hoe rap oft dat wie.
"Ik ha in lekkere training draaid", seit se tsjin de NOS. "De tiid hâld ik noch efkes geheim."

Smeding wol jongerein ynspirearje

De 27-jierrige Ellia Smeding is berne yn Ingelân en op har achtste mei har famylje nei Harns ferhuze. Se rydt foar Grut-Brittannië, mar hat Frysk bloed.
Se start fan 'e middei yn de twadde rit fan de 1.500 meter. Se hopet mei har prestaasjes jonge bern oan te moedigjen om ek te riden.

Earste ynternasjonale 1.500 meter

Femke Kok © Omrop Fryslân / NOC*NSF
Femke Kok neamt harsels in outsider op de ôfstân fan hjoed. Nei it baanrekôr yn Thialf en it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai is dit de tredde kear dit seizoen dat se de 1.500 meter rydt en sels de earste kear ynternasjonaal.
Mei olympysk goud en sulver al yn 'e bûse begjint de 25-jierrige sprintster fan 'e middei as earste. Se is yn foarm en wa wit kin se hjoed ferrasse.
Femke Kok © Omrop Fryslân / NOC*NSF

Wa binne de favoriten?

Miho Takagi is de grutte favorite hjoed. De 32-jierrige Japanse wûn al brûns op de 500 en 1.000 meter en is noch altyd wrâldrekôrhâlder op de 1.500 meter.
Ragne Wiklund is ek kânshawwer op in medalje. De Noarske wûn al sulver op de 3.000 meter en brûns op de 5.000 meter. By de wrâldbekerwedstriden wie se ek suksesfol op de 1.500 meter.

De Friezen

Antoinette Rijpma-de Jong wûn yn desimber it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai op dizze ôfstân. Se hat dus al olympysk brûns yn 'e bûse en is in reedrider dy't dizze lange sprintôfstân goed oan kin.
Nettsjinsteande dat Femke Kok noch relatyf nij is op dizze ôfstân, is se by de wedstriidkantoaren favoryt foar in medalje. De olympysk kampioene op de 500 meter wist ek al sulver te pakken op de 1.000 meter. Wat kin se hjoed dwaan yn bloedfoarm en fol fertrouwen?
We hâlde ek rekken mei Marijke Groenewoud. Se koe noch net útblinke op de 3.000 en 5.000 meter, mar miskien jout it sulver fan tiisdei har ekstra krêft hjoed.

Jout it sulver ekstra motivaasje?

Antoinette Rijpma-de Jong © Omrop Fryslân / NOC*NSF
De 1.500 meter is de iennige ôfstân dêr't Antoinette Rijpma-de Jong har yndividueel foar pleatst hat. By de Spelen fan 2022 helle se op dizze ôfstân brûns, efter Ireen Wüst en Miho Takagi.
Tiisdei wûn se al sulver op de ploege-efterfolging mei Groenewoud en Beune. Slagget it har hjoed ek om in medalje te pakken?
Antoinette Rijpma-de Jong © Omrop Fryslân/ NOC*NSF

Wat is dyn foarsizzing?

Groenewoud is noch net klear

Marijke Groenewoud © Omrop Fryslân / NOC*NSF
Marijke Groenewoud hoecht dizze Spelen net stil te sitten, want we sjogge har op mar leafst fiif ûnderdielen. Hjoed rydt se dus de 1.500 meter en moarn docht se mei oan de massastart.
Se wûn tiisdei tegearre mei Antoinette Rijpma-de Jong en Joy Beune sulver op de ploege-efterfolging, mar wist op de lange ôfstannen noch gjin yndividuele medaljes te pakken.
Marijke Groenewoud © Omrop Fryslân/ NOC*NSF

Kok rydt allinnich yn earste rit

Femke Kok © ANP
Femke Kok moat fan 'e middei allinnich it spits ôfbite: har Belgyske tsjinstanner Sandrine Tas hat har ôfmeld.
Dêrneist begjint se as ien fan de earsten om't se gjin wrâldbekerwedstriden riden hat op dizze ôfstân. Dit seizoen ried se mar twa kear in 1.500 meter: yn in trainingswedstriid yn Thialf (dêr't se in baanrekôr ried) en op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai.

Programma fan hjoed

Wy begjinne hjoed mei de 1.500 meter op 'e langebaan, dy't om 16.30 oere begjint. De Nederlânske (en ek Fryske) dielnimmers binne Femke Kok, Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong.
De lotting wie justerjûn:
  • Rit 1: Femke Kok
  • Rit 2: Ellia Smeding - Arina Ilyachshenko
  • Rit 7: Marijke Groenewoud - Natalia Czerwonka
  • Rit 14: Brittany Bowe - Antoinette Rijpma-de Jong

Buongiorno!

Wolkom by de fjirtjinde dei fan de Olympyske Winterspelen yn Milaan! Yn dit blog hâlde wy dy op'e hichte fan it lêste olympyske nijs en fansels de prestaasjes fan de Fryske dielnimmers.
Hjoed is it tiid foar de 1.500 meter foar froulju. De Nederlânske delegaasje bestiet allinnich mar út Friezen: Femke Kok, Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong. Ek Ellia Smeding docht mei, dy't foar Grut-Brittannië rydt mar ek in skoftke yn Harns wenne hat.
Jûn stiet ek de 1.500 meter by shorttrack op it programma. Dêr docht Suzanne Schulting oan mei. De manlju ride de finales fan de 5.000 meter relay, dêr't Itzhak de Laat mooglik oan meidocht.
Us mannen yn Milaan binne Willem Vermeltfoort en Wander Wartena. Sy dogge foar Omrop Fryslân alle dagen ferslach fanút Milaan.
Mear nijs oer de Fryske ynbring op de Olympyske Spelen fynst op ús temapagina.
Lês hjir it blog fan juster werom: