Liveblog | 20 febrewaris

De Laat goud mei ôflossingsploech, Schulting falt op 1.500 meter | Rijpma-de Jong pakt goud op 1.500 meter

Folgje yn dit blog it nijs oer de Olympyske Winterspelen yn Milaan.

  • Rijpma-de Jong pakt goud op de 1.500 meter, Kok en Groenewoud fiifde en tsiende;
  • Schulting hellet finale 1.500 meter shorttrack net troch fal;
  • De Laat pakt goud op ôflossing mei manljusploech;
  • Sjoch foar mear Olympysk nijs op ús temapagina.
Lêst bywurke: 20 febrewaris, 22:28
22:28

Gouden Rijpma-de Jong en De Laat

In gouden dei foar Antoinette Rijpma-de Jong: se pakte har earste gouden medalje op de 1.500 meter. Femke Kok waard knap fiifde en Marijke Groenewoud waard tsiende.
Suzanne Schulting foel yn de heale finale fan de 1.500 meter en pleatste har net foar de finale. Itzhak de Laat hie mear gelok yn it shorttrack, hy wûn goud op de ôflossing mei de manljusploech.
Moarn stiet it lêste reedrydûnderdiel op it programma: de massastart foar manlju en froulju mei Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud.
22:20

Kim wint finale 1.500 meter shorttrack

De finale fan de 1.500 meter froulju is wûn troch de Koreaanske Kim.
Gjin Schulting yn de finale dus: sy foel yn de heale finale en wist har net te pleatsen.
21:53

GOUD FOAR DE OFLOSSINGSMANLJU!

De Laat pakt goud mei de manljusploech
© ANP
De Nederlânske manlju pakke goud op de 5.000 meter relay! Jens en Melle van't Wout, Teun Boer en Friso Emons besoargje Nederlân noch in gouden plak. Itzhak de Laat, dy't reserve stie, fiert it feestje mei op it iis. Hy ried wol de heale finale
21:47

Moarn massastart mei Bergsma en Groenewoud

Wylst de manlju de ôflossingsfinale ride by it shorttrack, sjogge we alfêst nei de dei fan moarn.
De lêste reedryddei fan de Olympyske Winterspelen bringt ús de massastart foar manlju en froulju, mei twa Friezen: Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud.
De manlju begjinne om 15.00 oere, de froulju om 15.50 oere.
21:35

Schulting over val: "Glij weg, uit het niets"

Suzanne Schulting falt
© Orange Pictures
"Ik wil een actie buitenom zetten en ik glij weg, uit het niets", zegt Suzanne Schulting tegen de NOS. "Ik voelde me heel sterk, had het gevoel dat ik er vol voor kon gaan."
"Het was geen makkelijke finale qua tegenstanders, dus ik wist dat ik niet op halve kracht aan kon komen zetten. Maar het is heel zuur dat je op deze manier het ijs moet verlaten."

Zacht ijs

Ook Xandra Velzeboer viel. "Het ijs brak gewoon uit het niets weg. Denk dat het ijs heel zacht is, daardoor zijn er veel valpartijen en dat is jammer."
21:30

Ek gjin finale foar den Dulk

Tineke den Dulk fan Ljouwert is yn de tredde heale finale útskeakele en giet ek net nei de finale.