Wol bouwe wolle, mar net kinne: wêrom’t de wenningbou yn Fryslân fêstrint

De wenningbou rint ek yn Fryslân fêst © Omrop Fryslân
We moatte bouwe, bouwe, bouwe. It wie ien fan de spearpunten fan it foarige kabinet en ek it nije kabinet wol dêrmei troch. Sa'n bytsje alle partijen yn Fryslân sette har yn foar nijbou yn de eigen gemeente.
Der is allinnich in grut ferskil yn it ferlet oan wenten en wat der boud wurde kin. In foarbyld is te finen yn Koudum. Dêr meie 70 huzen boud wurde, mar der bart neat: te min hûs foar te folle jild is de klacht.

Mear fergunningen as wenten

Foar it tredde jier op rige komme der minder huzen by as pland.
Yn 2025 binne der yn Fryslân 1.300 wenningen boud. Dat is opfallend as je sjogge nei it oantal fergunningen foar nijbou. Dat wie yn 2025 noch 2.400. Dan hie der hast twa kear safolle boud wurde kinnen as dien is.
"Der moat folle mear boud wurde nei ferlet", seit Berber Dedden, manager Klant & Markt fan Friso Bouwgroep. "Lústerje mear nei wat ynwenners fan in doarp of mienskip wolle en pas de bou dêr op oan."

Te folle regels, te min maatwurk

Ien fan de efterlizzende oarsaken is, sa seit Dedden, de saneamde 30/40/30-regeling. Dy hâldt yn dat 30 prosint sosjale wenningbou wêze moat, 40 prosint betelbere keaphuzen en 30 prosint foar de frije sektor.
Meitsje maatwurk foar lytse projekten yn lytse kearnen.
Berber Dedden, Friso Bouwgroep
Op papier soarget dat foar balâns, mar by lytse projekten wurket it net, seit Dedden: "Ast dat dochst op bygelyks in projekt fan 10 wenningen is it net helber. Lit it gean en sjoch nei it ferlet dat der is. Gean om tafel mei ynwenners en doarpsbelang."
Berber Dedden, manager Klant & Markt Friso Bouwgroep © Omrop Fryslân
Boubedriuwen rinne ek oan tsjin lange prosedueres en ferskillen yn gemeentlike regels. Troch beheinde kapasiteit by gemeenten duorret it geregeld lang foar't plannen rûn binne en útfierd wurde kinne.
En wat yn de iene gemeente goedkard wurdt, kin yn de oare ôfkard wurde om't de uterlike easken oars binne.
"We rinne somtiden tsjin in muorre op. It kin in stik makliker", seit Dedden.
Michel Rietman, wethâlder Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
Michel Rietman, wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân en ferantwurdlik foar wenningbou, begrypt it punt fan Dedden goed. Mar, seit hy: regels binne der net om 'e nocht.
"Je moet wel de balans houden, want uit onderzoek blijkt dat ook in kleinere kernen de behoefte er wel degelijk is."

Prosedueres moatte makliker

Rietman erkent dat prosedueres somtiden makliker kinne. "Als een ontwerp in één gemeente is goedgekeurd moet je in een andere niet alles opnieuw hoeven te doorlopen."
Rietman sjocht in oare oplossing: as gemeente sels de rezjy pakke. "We doen aan actief grondbeleid. Dan kopen we een stuk grond en gaan daar zelf mee aan de slag om het betaalbaar te houden."

Ofspraak neikaam

Dat wurket oer it gehiel sjoen goed. Yn Súdwest ha se yn it kolleezjeprogramma ôfpraat om tûzen huzen te bouwen yn fjouwer jier. It waarden der neffens Rietman mear, 1100.
Yn Koudum slagget it allinnich net. De gemeente nimt de rezjy dêr no wer yn hannen. De skeppe moat de grûn yn fynt Rietman.
Yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean wurde 42 huzen boud foar WoonFriesland © Omrop Fryslân
De oplossing sit neffens Dedden yn it bondeljen fan lytse projekten. Dy kinne dan yn teory as ien grutte sjoen wurde en dan kin de 30/40/30 regeling oer it gehiel tapast wurde.

Bouwe op It Hearrenfean

Friso Bouwgroep docht dat op dit stuit ûnder oaren op It Hearrenfean yn de wyk Skoatterwâld. It kriget dêr de foarm fan in hofke. Foar wenningkorporaasje WoonFriesland komme der 42 huzen.
Op it each in lyts projekt, mar it is in ûnderdiel fan in grut nijbouprojekt mei sa'n 200 wenningen dy't boud wurde foar de korporaasje. Dat wurdt dien yn ferskate doarpen troch de provinsje hinne.

It kin rap

Dedden: "It kin hiel maklik en der is ek in soad mooglik. Wenningen wurde foar in grut part klearmakke yn de fabryk en kinne sa delset wurde. As we witte wêr en wannear't we bouwe moatte, kinne wy dat rap realisearje."
It bouprojekt midden yn Koudum wol mar net fan de grûn komme © Omrop Fryslân
Rietman sjocht in oare needsaaklike stap: mear ynnovaasje yn de bousektor.
"In een dorp is de plek belangrijk. Als je daar een huis wil bouwen ben je volgens de nieuwe standaard zo'n 4 ton kwijt. Dat kan een jongere niet betalen. Bouw dan modulair."

Konservatyf

Rietman bedoelt dat der earst in basishûs boud wurdt dat troch de tiid hinne útwreide wurde. "De bouwsector is op dit gebied nog behoorlijk conservatief."

Ferkiezingsrige

Woansdei 18 maart geane we wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân sjocht hjirop foarút mei fiif ferhalen dy't troch de provinsje hinne spylje.
Wat dogge gemeenten om minsken mei in smelle beurs te helpen, hoe giet it mei de wenningbou of krijt de kultuersektor noch wol genôch stipe fan de gemeente? Lês dizze ferhalen en folgje it ferkiezingsnijs hjir.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.