Troch in lanlike steuring by de NS dogge de ynformaasjebuorden op 'e stasjons it net. Boppedat is de ynformaasje yn 'e reisplanner net altyd aktueel.
De buorden op 'e perrons litte no in wyt skerm sjen.
Wannear't de steuring oplost is, is noch net bekend. De tsjinstregeling soe gjin lêst hawwe fan 'e steuring.
Slachtoffer sjitynsidint is 24-jierrige Ljouwerter
It slachtoffer fan it sjitynsidint yn it sintrum fan Ljouwert, is in 24-jierrige man út de Fryske haadstêd. Hy is swierferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
De plysje hat noch gjinien oanholden foar it sjitynsidint. "We zijn op zoek naar een of meerdere verdachten", seit in wurdfierster.
Plysje fynt hast 100 kilo oan yllegaal fjoerwurk yn Drachten
De plysje hat 88 kilo ferbean fjoerwurk fûn yn in wenning yn Drachten. It giet ûnder oare om shells, grûnmortieren, oar knalfjoerwurk en sa'n 200 gram oan flitspoeier.
Dat lêste is in tige gefoelige eksplosive stof, dy't al ûntstekke kin mei in lyts fonkje. It sit ûnder oare yn de yllegale Cobra's.
Neffens de plysje is it fjoerwurk te fergelykjen mei sa'n fjouwer hângranaten.
In man fan 40 jier út Drachten is oanholden foar de fynst. De plysje fertinkt him fan it besit fan it ferbeane fjoerwurk.
Ek fjoerwurk op oare lokaasje
Op basis fan de ynformaasje nei de ynfal oan de Engwerd, hat de plysje ek yn in hûs oan de Langewyk yn Drachten sjoen. Dêr is nochris 7 kilo oan yllegaal fjoerwurk fûn.
De plysje docht noch ûndersyk nei wêr't it fjoerwurk krekt weikomt en nei in eventueel ferbân tusken beide fynsten.